De Aucklandielgoes (Leucocarbo colensoi) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels yn it skift ginteftigen. De soarte komt allinnich foar op 'e Aucklandeilannen by Nij-Seelân.

Skaaimerken De Aucklandielgoes is in middelgrutte (63 sm), swart-wite ielgoes. De kop en de boppekant binne blauglânzjend swart, wylst de ûnderkant wyt is. By in sittende fûgel is in wyt plak op 'e wjuk te sjen dy't in wjukbân foarmet. De poaten binne rôze. Oars as ferskate fan syn sibben hat de soarte gjin wratsjes oan 'e kop.

By de balts makket it mantsje blaffende en tikjende lûden, wylst it wyfke sêft spinnende lûden makket.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar op 'e Aucklandeilannen by Nij-Seelân. Guon taksonomen beskôgje him as in ûndersoarte fan 'e Campbellielgoes.

Taksonomy De Aucklandielgoes waard earder faak yn it skaai Phalacrocorax yndield. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliken die dat Phalacrocorax út ferskate relatyf âlde ûntwikkelingslinen bestie, waard it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De Aucklandielgoes en syn sibben binne dêrby yn it skaai wytbúkielguozzen (Leucocarbo) yndield.

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen De Aucklandielgoes briedt op 'e grûn, op rotsplakken of heech boppe op steile kliffen. In briedplak kin ferlitten wurde as beskermjende begroeiïng troch de hoemannichte guano ferdwynt. Ek kinne de weagen nêsten ferniele. De fûgel libbet fan lytse fisken en yn 'e see libjende wringedieren sûnder rêchbonke.

Status De IUCN klassifisearret de Aucklandielgoes as kwetsber (Vulnerable, VU). De soarte hat in tige beheind briedgebiet en is dêrtroch gefoelich foar takomstige barrens. De ûntjouwing fan 'e populaasje is nei alle gedachten stabyl. De wrâldpopulaasje waard yn 2011 rûsd op likernôch 3.000 folwoeksen fûgels.

Namme De wittenskiplike soartenamme colensoi ferwiist nei William Colenso (1811–1899), in Britske natoerûndersiker, etnolooch, filolooch en sindeling, dy't him yn 1834 yn Nij-Seelân nei wenjen sette.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn de Nijseelânske Subantarktyske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan