De Campbellielgoes (Leucocarbo campbelli) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels yn it skift ginteftigen. De soarte komt allinnich foar op 'e Campbelleilannen by Nij-Seelân en is dêr endemysk. De hjoeddeiske wittenskiplike namme Leucocarbo campbelli wurdt ek troch it IOC brûkt; Phalacrocorax campbelli is in âld synonym.

Skaaimerken De Campbellielgoes is in middelgrutte, swart-wite ielgoes fan likernôch 63 sm lang. De hals, kop, it ûnderste part fan 'e rêch, boppe-sturt en boppe-sturtdekfearren binne blauglânzgjend swart, wylst it kin en de ûnderkant wyt binne. De wite plakken op 'e wjukken foarmje by in sittende fûgel in dúdlike wjukbân. De poaten binne rôze.

Oars as ferskate sibben hat de Campellielgoes gjin wratfoarmige bultsjes oan 'e kop.

Fersprieding en systematyk De Campbellielgoes komt allinnich foar op 'e Campbelleilannen by Nij-Seelân. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

De soarte waard earder faak yn it skaai Phalacrocorax set. Nei genetysk ûndersyk is dat grutte skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De Campbellielgoes wurdt no yn it skaai Leucocarbo yndield.

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen thumb|left|Groepke Campbellielguozzen. De Campbellielgoes is folslein oan 'e see bûn. Hy is tige sosjaal en wurdt it hiele jier troch yn grutte groepen sjoen by it fiskjen. De fûgel foerazjearret meastentiids binnen in straal fan 10 km fan 'e eilannen en briedt yn dreech tagonklike koloanjes, mei oant 150 nêsten op rotsplakken of yn seegrotten. De fûgel is meast stil, mar by it pearjen makket it mantsje in blaffend lûd. It briedseizoen leit fan septimber oant maart. De heechste bekende leeftyd fan 'e fûgel is 13 jier.

Status en bedrigingen De Campbellielgoes hat in tige beheind ferspriedingsgebiet en in lytse wrâldpopulaasje. De populaasje liket lykwols stabyl en der binne op it stuit gjin grutte bedrigingen bekend. De IUCN klassifisearret de soarte as kwetsber (Vulnerable, VU). In âldere rûzing kaam út op sa'n 8.000 fûgels.

Yntrodusearre rôfdieren lykas rotten en katten hawwe nei alle gedachten mar in beheinde ynfloed hân op it briedjen; katten binne nei alle gedachten op Campbelleilân al sûnt de lette jierren 1980 ferdwûn en rotten waarden yn 2001 útrûge. Waarnommen is dat de Subantarktyske grutte skraits (Stercorarius antarcticus) de aaien stelt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Nijseelânske Subantarktyske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan