De guano-ielgoes (Leucocarbo bougainvilliorum) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). Hy komt foar yn kustgebieten fan Perû en Sily. De populaasje hat te meitsjen mei in frij sterke tebekgong en dêrom wurdt er klassifisearre as gefoelich (hast bedrige).
Skaaimerken thumb|left|Guano-ielgoes. De guano-ielgoes is in slanke ielgoes mei in lange snaffel en in lichemslingte fan 71–76 sm. De boppekant is swart, mei in blauwich skynsel op 'e kop en nekke, wylst de rest fan 'e ûnderkant wyt is. Om it each hinne hat de soarte in donkerreade keale hûd. De basis fan 'e snaffel is rôze, lykas ek de poaten.
Fersprieding en systematyk De guano-ielgoes komt foar lâns de kust en op lytse eilannen foar de kust fan Perû en Sily. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.
Sibskip De guano-ielgoes waard earder faak yn it skaai Phalacrocorax pleatst. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliken die dat Phalacrocorax út relatyf âlde evolúsjonêre linen bestie, is it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De guano-ielgoes en syn besibbe soarten binne dêrby ûnderbrocht yn it skaai Leucocarbo.
Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.
Status De guano-ielgoes hat in grut ferspriedingsgebiet, mar it tal nimt frij sterk ôf. Om dy reden klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) de soarte as gefoelich (Near Threatened).
De guano-ielgoes wie eartiids in tige talrike soarte. Yn 1954 waarden de Perûviaanske populaasjes op 21 miljoen fûgels rûsd. El Niño hat yn it ferline in grutte delgong fan 'e fûgel feroarsake en foarmet noch jimmeroan in grutte bedriging foar de fûgel as it wetter dan opwaarmet en der te min fisk foar de ielguozzen is. Ek de guano-yndustry soarge foar in delgong fan 'e soarte. By it sammeljen fan guano (de dong dy't de fûgels produsearje) fersteurden minsken it brieden sadat der in soad lechsels ferlern gyngen. Nei alle gedachten is de soarte yn Argentynje útstoarn. Yn Perû wurdt de fûgel hjoed-de-dei beskerme.
Namme De wittenskiplike soartnamme earet Louis Antoine de Bougainville (1729–1811), fise-admiraal yn 'e Frânske marine, seefarder en wiskundige, en syn soan Hyacinthe Yves Philippe Potentien de Bougainville (1781–1846), dy't ek seefarder wie en boppedat wittenskipper.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan