De keizerielgoes (Leucocarbo atriceps) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels, yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt rûnom op it súdlik healrûn foar, fan súdlik Súd-Amearika en it Antarktysk Skiereilân, oer de eilannen yn it súdlike part fan 'e Yndyske Oseaan, oant Macquarie-eilân besuden Austraalje. De ferskillende populaasjes binne earder wol as aparte soarten beskôge.
Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn briedkleed. De keizerielgoes is in frij grutte (72 sm) swart-wite ielgoes. Yn it simmerkleed is de boppekant blauglânzjend swart, mei in wyt skouderstreekje, wylst de ûnderkant wyt is mei swarte dijen. By de pearfoarming binne op 'e foarholle giele of oranje wratsjes te sjen, en oan 'e sydkant fan 'e kop sitte wite triedfearkes mei in foarút bûge, útstekkende swarte túf. Hy is fan 'e Magelhaenielgoes te ûnderskieden oan 'e blauwe eachring, de giele wratsjes, it wite skouderstreekje en de wite foarkant fan 'e hals.
Fersprieding en systematyk De ferskillende populaasjes fan 'e keizerielgoes binne yn it ferline wol as aparte soarten behannele. Yn 'e wrâldlist AviList, dy't yn 2025 publisearre waard, wurde se lykwols beskôge as ien en 'e selde soarte. Dy bestiet út de ûndersteande ûndersoarten, mei harren bekende ferspriedingsgebieten:
Leucocarbo atriceps atriceps – komt foar op 'e eilannen en oan 'e kusten fan súdlik Argentynje en Sily. Leucocarbo atriceps albiventer – de Falklâneilannen. Leucocarbo atriceps georgianus – Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen en de Súdlike Orkneyeilannen. Leucocarbo atriceps melanogenis – de Prins Edward-eilannen, en de Crozeteilannen yn it súdlike part fan 'e Yndyske Oseaan. Leucocarbo atriceps bransfieldensis – de Súdlike Sjetlâneilannen en it Antarktysk Skiereilân. Leucocarbo atriceps verrucosus – Kerguelen. Leucocarbo atriceps nivalis – Heard-eilân yn it súdlike part fan 'e Yndyske Oseaan. Leucocarbo atriceps purpurascens – Macquarie-eilân en de tichtby lizzende Bishop en Clerk Islets, healwei Austraalje en Antarktika yn it súdlike part fan 'e Yndyske Oseaan.
Sibskip De keizerielgoes waard earder faak yn it skaai Phalacrocorax yndield. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliken die dat Phalacrocorax út relatyf âlde evolúsjonêre linen bestie, is it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De keizerielgoes en syn besibbe soarten binne dêrby ûnderbrocht yn it skaai Leucocarbo.
Sibskip fan 'e ielgoesfûgels De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaanfûgels (Pelecaniformes) pleatst, mar se binne ek wol yn it skift fan 'e eibertfûgels (Ciconiiformes) pleatst. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk die lykwols bliken dat it skift fan 'e pilekaanfûgels parafyletysk is. Dêrom binne de ielgoesfûgels ferhûze nei it nije skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei fregatfûgels, gintfûgels en slangehalsfûgels.
Hâlden en dragen thumb|left|In koloanje keizerielguozzen yn Fjoerlân. De keizerielgoes is in op see libjende koloanjebriedfûgel. Hy is it hiele jier troch sosjaal en kin yn tichte kloften fan tûzenen fûgels foarkomme.
Status en bedrigingen De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) beoardielet de ûndersoarte L. a. verrucosus oan 'e iene kant en de oare ûndersoarten oan 'e oare kant apart. Beide wurde as net bedrige beskôge (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Antarktika Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen Kategory:Lânseigen fauna yn Heard en de McDonaldeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Prins Edwardeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Macquarie Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan