De Súdamerikaanske dûkers (Rollandia) foarmje in skaai fan middelgrutte wetterfûgels út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De soarten út dit skaai komme foar yn Súd-Amearika. De typesoarte is de wytwangdûker (Rollandia rolland).
Skaaimerken Súdamerikaanske dûkers binne kompakte wetterfûgels mei in opfallend uterlik. Ien fan 'e beide soarten, de Titicacadûker, is folslein flechtleas. Se briede yn swietwettermarren, sompen en stadich streamende wetterflakten mei in tichte begroeiïng. Harren dieet bestiet benammen út fiskjes, wetterinsekten en lytse wringedieren.
Taksonomy It skaai Rollandia waard yn 1856 yntrodusearre troch de Frânske biolooch Charles Lucien Bonaparte.
Soarten It skaai omfiemet twa libbene soarten:
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px Titicacadûker Rollandia microptera Gebiet op en om 'e Titicacamar (Perû en Bolivia). 200pxRollandia microptera op BirdLife 120px Wytwangdûker Rollandia rolland Suden en westen fan Súd-Amearika. 200pxRollandia rolland op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai
Kategory:Dûkerfûgel