De Arabyske ielgoes (Phalacrocorax nigrogularis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielguozzen (Phalacrocoracidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1899 publisearre troch William Robert Ogilvie-Grant en Henry Ogg Forbes. It is in soarte dy't kwetsber wurden is troch habitatferlies en dy't foarkomt om 'e Perzyske Golf en besuden it Arabysk Skiereilân.

Skaaimerken De fûgel is sa'n 80 sm lang en foar it meastepart swart fan kleur, mei in brûnskleurige glâns op 'e rêch en wjukken. De fûgel is wat lytser as de gewoane ielgoes (Phalacrocorax carbo), mar mist it wyt op 'e kop en it wite kinplak. Ek hat er in minder swiere snaffel.

Fersprieding en leefgebiet De soarte komt foar oan 'e seekusten en op eilannen yn 'e Perzyske Golf. Der is in noardlike populaasje dy't briedt oan 'e kusten fan Bachrein, de Feriene Arabyske Emiraten, Saûdy-Araabje, Katar en mooglik ek noch yn Iran.

De súdlike populaasje briedt op eilannen oan 'e súdkust fan Oman, op Sokotra en lâns de kusten fan 'e Golf fan Aden.

Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2010 troch BirdLife International rûsd op likernôch 220.000 folwoeksen yndividuen. De populaasje nimt ôf. Om't de fûgels op 'e grûn briede, binne se gefoelich foar fersteuring; by slimme fersteuring kinne se it nêst of sels in hiele koloanje foargoed ferlitte.

Yn 'e kustgebieten fine ferskate yndustriële en militêre ûntwikkelingen plak dy't foar fersteuring soargje. Dêrnjonken bestiet der gefaar foar fersmoarging troch oalje.

Om dy redenen stiet de soarte as kwetsber op 'e Reade List fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ielgoes Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan