De Japanske ielgoes (Phalacrocorax capillatus) is in East-Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt foar yn Japan, mar ek yn Koreä, noardeastlik Sina en it súdeastlikste part fan Ruslân. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern). De soarte is nau besibbe oan 'e ielgoes (Phalacrocorax carbo).

Skaaimerken De Japanske ielgoes is in grutte ielgoes mei in lichemslingte fan 81 oant 92 sm. Hy oerlapet wat yn grutte mei de gewoane ielgoes, mar is oer it algemien wat lytser en hat in soartgelikense lichemsfoarm. De soarte hat dêrfoaroer in wat gruttere kop, wylst it efterste part fan 'e krún hoekiger is.

Syn folslein swarte fearrekleed liket ek tige op 'e ielgoes, mar de Japanske ielgoes hat in grutter wyt gesichtsplak. By folwoeksen fûgels is op 'e boppeste wjukdekfearren, de mantel en de flechtfearren in djippe griene glâns te sjen.

It kielplak en de bleate hûd fan it gesicht binne, krekt as by de grutte ielgoes, giel, mar by de Japanske ielgoes is dat giele gebiet minder wiidweidich en rint it net troch oant ûnder de snaffel. Yn 'e flecht liket de fûgel wat robúster.

Kop fan 'e Japanske ielgoes lofts en de gewoane ielgoes (rjochts)

Fersprieding De Japanske ielgoes komt foar oan rotsige kusten en op eilannen yn noardeastlik Aazje, fan súdeastlik Sibearje en de Japanske See oant Sachalin en de súdlike Koerilen. Dêrwei rint it ferspriedingsgebiet fierder nei it suden, oant Japan, Koreä en noardeastlik Sina.

Winterdeis kin de soarte ek oan 'e eastkust fan Sina sjoen wurde, nei it suden ta oant Taiwan.

Systematyk Ut genetysk ûndersyk die bliken dat de Japanske ielgoes tige nau besibbe is oan 'e gewoane ielgoes. De soarte wurdt as monotypysk beskôge; itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

De taksonomy fan 'e ielgoezen hat foar in lang skoft foar diskusjes soarge. Tradisjoneel waarden se yndield yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes), mar se binne ek wol by de eibertfûgels (Ciconiiformes) yndield. Molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols sjen litten dat de tradisjonele groep fan 'e pilekaaneftigen parafyletysk is.

Dêrom wurde de ielgoezen no yndield yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, gintfûgels en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen thumb|left|Fleanende Japanske ielgoes. De Japanske ielgoes wurdt oantroffen oan rotsige kusten en op eilannen. It is in seefûgel dy't mar komselden ynlânsk te sjen is. De fûgel libbet foar it grutste part fan fisk, dy't er troch dûken fangt.

De Japanske ielgoes briedt yn koloanjes, bytiden ek yn 'e buert fan gewoane ielguozzen en reagerfûgels, op rotsen. Yn Japan wurde de aaien tusken maaie en july lein.

Status en bedriging De ûntwikkeling fan 'e populaasje is net bekend, mar it ferspriedingsgebiet is frij grut. De IUCN beskôget de soarte net as bedrige en jout him dêrom de status net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See