Sir Walter Lawry Buller KCMG (9 oktober 1838 – 19 july 1906) wie in Nij-Seelânske abbekaat en natuerûndersiker dy't in foaroansteande rol spile yn de Nij-Seelânske ornitology. Syn boek A History of the Birds of New Zealand, dat foar it earst yn 1873 útkaam, waard yn 1888 yn in útwreide ferzje publisearre en groeide út ta in Nij-Seelânske klassiker.

Biografy Buller wie de soan fan in metodistyske sindeling út Cornwall dy't yn Tonga wurke. Hy krige syn earste oplieding yn Auckland. Al fan jongs ôf oan hie er niget oan fûgels. Al yn 1865 skreau er de earste wittenskiplike ferhanneling oer Nij-Seelânske fûgels en hie er kontakt mei de Dútske ornitolooch Friedrich Hermann Otto Finsch oer nije fûgelsoarten dy't er ûntdutsen hie. Buller, Walter Lawry, Te Ara, The Encyclopedia of New Zealand Yn 1859 ferhuze er mei syn âlden nei Wellington en rekke er befreone mei de natuerûndersiker William John Swainson. Dat selde jier naam er in baan oan as tolk en juridysk assistint yn de súdlike provinsjes. Yn 1871 reizge er nei Ingelân foar fierdere stúdzje en it slagge him, mei help fan Otto Finsch, om in akademyske graad yn de natuerlike histoarje te heljen oan de Universiteit fan Tübingen. Yn 1874 waard er talitten ta de baly, wêrnei't er weromgie nei Nij-Seelân en in bloeiende juridyske praktyk opsette.

Yn 1862 troude er mei Charlotte Mair yn Whangarei. Se krigen fjouwer bern.

Buller wie de skriuwer fan in gesachhawwend wurk oer de fûgels fan Nij-Seelân, dat tusken 1872 en 1873 publisearre waard. In goedkeapere, populêre ferzje, The Manual of the Birds of New Zealand, ferskynde yn 1882. In twadde edysje fan it boek kaam út yn 1887–1888. It boek waard yllustrearre troch de ferneamde fûgelyllustrator John Gerrard Keulemans.

Buller wurdt beskôge as de autoriteit en beskriuwer fan acht fûgelsoarten, wêrûnder de Australyske taling (Anas gracilis). Trije fûgelsoarten binne nei him ferneamd, lykas de Bulleralbatros (Thalassarche bulleri). (2018) -

Buller krige ferskate wichtige ûnderskiedings. Hy waard al mei 19 jier lid fan de Linnean Society of London. Yn 1875 waard er opnommen yn de Oarder fan Sint-Michael en Sint-Joaris, en yn 1886 waard er ta ridder slein. Yn 1889 beneamde de presidint fan Frankryk him ta offisier yn it Légion d'Honneur. Tusken 1876 en 1891 besocht er faker as ien kear om yn it Nij-Seelânske parlemint keazen te wurden. Hy emigrearre yn 1899 nei Ingelân en ferstoar dêr yn 1906.

Publikaasjes left|thumb|Omslach fan A History of the Birds of New Zealand fan Sir Walter Lawry Buller, yllustrearre troch J.G. Keulemans, 2e edysje 1865 Essay on the Ornithology of New Zealand Printed for the Commissioners by Fergusson and Mitchell, Wellington 1870. On the New Zealand Rat. In: Transaktion of the New Zealand Institute.Printed for the Commissioners by Fergusson and Mitchell, Wellington Online 1882. Manual of the Birds of New Zealand Online 1887. A History of the Birds of New Zealand Online 1905 Supplement to the History of the Birds of New Zealand

Kategory:Nijseelânsk abbekaat Kategory:Nijseelânsk ornitolooch Kategory:Nijseelânsk publisist Kategory:Ingelsk ornitolooch Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk abbekaat Kategory:Nijseelânsk persoan fan Kornysk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Kornysk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Nijseelânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1838 Kategory:Persoan stoarn yn 1906