A Man for All Seasons is in Britske histoaryske biografyske dramafilm út 1966 ûnder rezjy fan Fred Zinnemann, mei yn 'e haadrollen Paul Scofield, Leo McKern, Wendy Hiller en Susannah York. De titel betsjut "In Man foar Alle Jiertiden", en is in ferwizing nei de haadpersoan, sir Thomas More. De film, opnommen yn Technicolor, waard basearre op it toanielstik mei deselde namme fan Robert Bolt.

It ferhaal folget More, in abbekaat, politikus en filosoof, fan 1529 oant 1535. Yn dy perioade klimt er op ta de posysje fan kânselier fan it Keninkryk Ingelân, mar syn leauwensoertsjûgings en syn gewisse steane him net ta om yn te stimmen mei de skieding fan kening Hindrik VIII. Likemin kin er de ôfskuorring fan 'e Tsjerke fan Ingelân fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke goedkarre, dy't de kening trochfiert wannear't de paus him syn sin net jaan wol. More wegeret sadwaande en lis de Eed fan Supremasy ôf, wêrmei't er ferklearje soe dat Hindrik VIII it iennichste en alderheechste haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân is. Dat liedt ta syn arrestaasje en finzenskip yn 'e Toer fan Londen en, úteinlik, ta syn ûnthalzing.

A Man for All Seasons krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes, en wie ek in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn seis Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama) en sân BAFTA's.

Utlis fan 'e titel De titel fan 'e film, A Man for All Seasons, betsjut oerset nei it Frysk letterlik: "In Man foar Alle Jiertiden". Dy titel waard oernommen fan it toanielstik fan Robert Bolt, dêr't de film op basearre is. It is eins in sitaat oer Thomas More út 1520 fan syn tiidgenoat, de taalkundige Robert Whittington. Dyselde woe dêrmei útdrukking jaan oan 'e alsidichheid fan More, sawol wat syn karakter oangie as wat syn fermogens oanbelangen. Bolt keas dizze titel foar syn toanielstik om oan te jaan dat More ûnder alle omstannichheden (yn 'e byldspraak fan 'e titel werjûn as waartypen) fêsthold oan syn gewisse en leauwensoertsjûgings, ek al koste him dat syn libben.

Plot Yn 1529 wol kening Hindrik VIII fan Ingelân fan syn houlik mei Katerina fan Aragon ôf, mei't dêr nei jierren fan prebearjen noch altyd gjin manlike erfgenamt út fuortkommen is. Yn in moeting efter sletten doarren, jûns let yn it paleis Hampton Court, wurdt de foaroansteande jurist en filosoof sir Thomas More beskrobbe troch kardinaal Thomas Wolsey, de kânselier fan Ingelân, om't hy it iennichste lid fan 'e Ingelske Ried fan Steat is dat him oankantet tsjin it foarnimmen fan Wolsey om it keninklik houlik troch paus Klemens VII neatich ferklearje te litten. Dy neatichferklearring is ferlet fan sadat de kening mei syn mêtresse Anna Boleyn trouwe kin, mei't er derfan oertsjûge is dat sy him wól in soan skinke sil.

Wolsey wiist derop dat it ferstjerren fan Hindrik VIII sûnder manlike opfolger de ein fan 'e Tudor-dynasty betsjutte soe en in weromkear nei de sitewaasje fan 'e Roaze-oarloggen (1455–1487), doe't ferskillende partijen strieden om 'e troan, ta skea en skande fan lân en folk. More akseptearret dat soks de útkomst wêze kinne soe, mar soks leit neffens him yn Gods hân. Hy bliuwt by syn stânpunt dat de kening him hâlde moat oan 'e wetten dy't ynsteld binne troch it pausdom, dat ommers fan 'e apostel Petrus ôfstammet. It giet dêrmei streekrjocht werom nei Jezus Kristus, dy't God delkommen nei de ierde wie. More kin sadwaande ienfâldichwei net ynstimme mei it útstel fan Wolsey om 'e paus ta neatichferklearring fan it houlik te bewegen troch druk út te oefenjen op 'e besittings en ynkomsten fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn Ingelân. It petear tusken de beide mannen wurdt temûk ôfharke troch de assisint fan Wolsey, Thomas Cromwell.

Wannear't er op 'e iere moarn thúskomt op syn lângoed te Chelsea, wurdt More dêr opwachte troch Richard Rich, in jonge kunde fan him, dy't der by him op oanstiet dat More him oan in posysje oan it Keninklik Hôf helpe sil. Dat wegeret More lykwols, mei't er Rich dêr folslein ûngeskikt foar fynt. Ynstee biedt er oan om him oan in baan as learaar te helpen, in útstel dat Rich ôfslacht om't er as learaar nea ferneamd wurde kin. Nei't Rich him teloarsteld ôfjûn hat, treft More yn 'e hûs syn dochter Margaret oan, syn eachapel, dy't no de jierren hat om te trouwen. Se hat de hiele nacht net op bêd west, mar ynstee sitten te praten mei har frijer William Roper, in briljante jonge abbekaat. Dyselde grypt de thúskomst fan More oan en freegje him om 'e hân fan dochter. More seit dat der gjin sprake fan in houlik wêze kin salang't Roper luthersk bliuwt.

In jier letter komt kardinaal Wolsey te ferstjerren yn in ôfhandich kleaster op it Ingelske plattelân. Hy is dêr troch de kening hinne ferballe nei't er yn ûngenede fallen is om't it him net slagge om it keninklik houlik troch de paus neatich ferklearre te krijen. Thomas Howard, de hartoch fan Norfolk, besiket Wolsey op syn stjerbêd om it amtskeatling fan kânselier fan Ingelân werom te nimmen. Dy posysje wurdt neitiid oan Thomas More jûn, nei't it skynt om't Wolsey him foar de funksje oanrikkemandearre hat.

Moannen letter bringt Hindrik VIII in sabeare ûnferwachts besyk oan it lângoed fan More yn Chelsea, dêr't eins in yngeande tarieding oan foarôf gien is. De kening en More fertrêdzje har yn 'e tún fan it lânhûs, dêr't de kening der fannijs by More op oanstiet dat dyselde de neatichferklearring fan syn houlik stypje sil. Hy hâldt út dat it houlik mei Katerina fan Aragon nea in jildich houlik west hat, mei't sy de widdo fan syn âldere broer Arthur wie. Hy hat dus eins jierrenlang sûnder it te beseffen in ynsestueuze relaasje ûnderholden mei syn eigen suster! More wiist der lykwols op dat Hindrik de paus nei it ferstjerren fan Arthur sels om in ûntheffing frege hat om mei syn skoansuster trouwe te meien. It feit dat dy ûntheffing ferliend is, betsjut dat it houlik jildich is. Hy bliuwt rotsfêst op dat stânpunt stean wylst de kening noris bedrigings tsjin him uteret, dan wer mei ûnthjitten fan keninklike tagedienens sûnder grins komt en úteinlik ferfalt yn in driftbui. Op 't lêst, wannear't er foar it ferstân kriget dat More net tajaan sil, set Hindrik hommels ôf sûnder dinearre te hawwen, mei it ferlechje dat er it tij foar wêze moat as er noch op 'e tiid thús wêze wol.

Der is in kliber folk út Chelsea gearklofte om 'e kening en syn hôvelingen te begnuven, en ûnder harren is ek Rich. As de kening wer ôfset, biedt Cromwell, dy't yn it keninklik gefolch meireizge is, Rich in posysje oan it hôf oan yn ruil foar skansearjende ynformaasje oer More. Rich slacht dat oanbod ôf. Underwilens hat Roper lucht krigen fan 'e deilisskip tusken More en de kening. Hy komt by More en ferklearret dat er ôfsjoen hat fan syn eardere lutherske oertsjûgings en dat er wer goed roomsk wurden is. Mar de eksessen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke sil er nea akseptearje. Op dat punt fine hy en More inoar, en More stimt ta yn it houlik fan Roper mei Margaret. Rich wurdt by More brocht, dy't er op 'e nij om in posysje oan it hôf freget. More stegeret him op 'e nij ôf, en Rich kriget de yndruk fan 'e blikken dy't troch More en Roper útwiksele wurde, dat hy by harren earder oer de tonge gien is. Hy besiket noch by More yn 'e geunst te kommen troch te fertellen dat it tsjinstfolk op it lângoed foar Cromwell spionearret, mar dat falt alhiel ferkeard. Fernedere jout Rich him ôf, en neitiid meldt er him by Cromwell en begjint er aktyf mei te wurkjen oan it ûnder fuotten heljen fan More.

Hindrik VIII oarderet it parlemint en de geastlikheid om him út te roppen ta "Alderheechste Haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân". Dêrmei skuort er de Roomsk-Katolike Tsjerke yn syn eigen keninkryk los fan 'e gruttere Roomsk-Katolike Tsjerke, inkeld en allinnich sadat er net mear om it sizzen fan 'e paus hoecht te jaan. Dan kin er sels syn eigen houlik neatich ferklearje en himsels tastimming jaan om mei Anna Boleyn te trouwen. Mei't dúdlik is dat de kening wjerstân net op priis stelle sil, om it mar swak út te drukken, jouwe sawol it parlemint as de Ingelske biskoppen him syn sin en swarre dêrmei eltse trou oan 'e paus ôf. More, dy't net akkoart gean kin mei dizze gong fan saken, nimt stilwei ûntslach as kânselier sûnder him oer de kwestje út te sprekken. Hy mient dat Hindrik him gewurde litte sil as er himsels mar bewuollet yn stilswijen. As kânselier wurdt er opfolge troch Cromwell.

Cromwell suggerearret dat de swierrichheden fan More oerbetterje kinne as er de brulloft fan Hindrik VIII en Anna Boleyn bywenje wol. Hy lit dat boadskip oan More oerbringe troch de hartoch fan Norfolk, ien fan 'e lêste freonen dy't More noch oer hat, mar More sjocht it bywenjen fan 'e brulloft as in ferkapte foarm fan goedkarring fan it houlik en wegeret te kommen. Nei ôfrin fan 'e trouwerij wurdt More ûntbean yn Hampton Court, dêr't er troch Cromwell mei help fan Rich ûnderfrege wurdt. More wegeret konsekwint om oer syn eigen mienings te praten, wat Cromwell ta razernij driuwt. Dyselde lit falle dat de kening More no as lânferrieder sjocht, mar likegoed mei er úteinlik jûns let wer fuort. Der is lykwols gjin roeier dy't him oan board nimme wol út eangst om mei him assosjearre te wurden, dat hy moat geandefoets nei hûs. Dat feit bringt More oan it ferstân hoe djip oft er yn 'e penaarje sit. Norfolk wegeret him yn 'e steek te litten, mar om syn freon te beskermjen seit More mei opsetsin kwetsende dingen om him lulk te krijen, sadat se yn it iepenbier deilis reitsje en eltsenien sjen kin dat Norfolk neat mear mei More te krijen hat.

Hindrik VIII lit in nije eed fan trou opstelle, de Eed fan Supremasy, dy't de hiele hegerein fan it Keninkryk Ingelân swarre moat om net foar heechferrie oanklage te wurden. More wol de nije eed eventueel wol ôflizze as de formulearring syn eigen leauwensoertsjûgings net kompromittearret. Mar as er foar it ferstân kriget dat de eed de kening oantsjut as Alderheechste Haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân sûnder juridyske of morele mêsken oer te litten, kin er net oars as wegerje. Dêrop wurdt er arrestearre en opsletten yn 'e Toer fan Londen. Yn 'e folgjende moannen wegeret er konsekwint om 'e eed ôf te lizzen, mar ek om te sizzen wêrom't er de eed net ôflizze wol. Lju dy't de eed wegerje, meie nammentlik ûnder de Ingelske wet finzen set wurde, mar net mear as dat. As er lykwols útlizze soe dat er noch Hindrik syn funksje as haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân, noch syn nije houlik mei Anna Boleyn erkent, soed er dêr de deastraf foar krije kinne. Hy leit dy riddenearring sels út oan in kommisje dêr't er foar ferskine moat, dy't bestiet út Cromwell, Norfolk en aartsbiskop fan Canterbury Thomas Cranmer.

Cromwell, dy't yn dizze saak sterk ûnder druk set wurdt troch de kening, besiket alles om More oan 'e praat te krijen, útsein foltering, dat troch de kening as metoade útsletten is. Op oanrieden fan Rich lit er More syn frou Alice, syn dochter Margaret en syn skoansoan William Roper delkomme yn 'e Toer fan Londen, dêr't dyselden oan dy tiid ta weikeard binne. Margaret hat tasein om op har heit ynprate te sillen om syn libben te rêden, mar More leit har út dat er net tajaan kin sûnder de man te ferliezen dy't er altyd west hat. Hy trunet syn wiif, dochter en skoansoan oan om te sjen dat se út Ingelân weikomme, sadat se net yn syn eigen fal meisleept wurde kinne.