In bestimmingsbrulloft of in bestimmingstrouwerij (fan it Ingelske destination wedding) is in brulloft dy't holden wurdt op in plak dat fier fuort is. Faak giet it om in lúkse en waarme fakânsjebestimming, dy't dan ornaris mei-iens ek de bestimming fan 'e houliksreis is. De útnûge gasten moatte reizgje om 'e brulloft by te wenjen en bliuwe dan faak ferskate dagen foar en nei de eigentlike trouwerij.

De lokaasje fan 'e trouwerij is by bestimmingsbrulloften útsocht om syn skildereftigens. It kin bygelyks gean om in strân, in klif boppe de see of in berch. It brulloftsfolk wurdt gauris ûnderbrocht yn in resort-hotel of útfanhûzet by pleatslik wenjende freonen of famyljeleden. Guon populêre plakken foar bestimmingsbrulloften binne Parys, Las Vegas, de Comomar yn noardlik Itaalje, Toskane yn sintraal Itaalje, it Grykske eilân Santorini yn 'e Egeyske See, en it eilân Mo‘orea yn Frânsk-Polyneezje.

Yn 2009, op it hichtepunt fan 'e Bankekrisis, hold de groei fan it tal bestimmingsbrulloften likegoed oan. De ferklearring dêrfoar is dat sokke brulloften foar it breidspear, omreden fan 'e beheindere grutte, faak dochs minder djoer binne as wannear't deun by hûs in brulloft holden wurdt mei folle mear gasten. Oan 'e oare kant wurdt fansels wol hiel wat frege fan 'e brulloftsgasten, dy't ornaris sels harren reis betslje moatte. It sprekt foar himsels dat soks inkeld weilein is foar de rikere lagen fan 'e befolking.

Ferskate kristlike denominaasjes ferbiede bestimmingsbrulloften. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, bygelyks, moat in houlik beslist yn in tsjerkegebou sletten wurde om jildich te wêzen. De roomske doktrine is nammentlik dat God inkeld yn 'e tsjerke oanwêzich is en dat in houlikssluting yn 'e oanwêzigens fan God barre moat.

Kategory:Houlik

en:Wedding#Destination wedding