De Galápagosielgoes (Nannopterum harrisi) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoezzen binnen it skift ginteftigen (Suliformes). De soarte is endemysk foar de Galápagoseilannen en it is de iennichste noch libbene soarte út 'e famylje dy't net fleane kin. Dêrom waard de soarte earder yn it eigen skaai Nannopterum yndield. Genetysk stiet er lykwols ticht by ûnder oare de dûbeltúfielgoes fan Noard-Amearika. De soarte hat in tige beheind ferspriedingsgebiet en in lytse wrâldpopulaasje. De IUCN beskôget de soarte dêrom as kwetsber.

Skaaimerken De Galápagosielgoes is in tige grutte (89–100 sm) ielgoes. De beide skaaien lykje op inoar, mar it mantsje is dúdlik grutter. De wjukken binne tige lyts en sterk redusearre. De boppekant is hast swart en de ûnderkant brúnich. It each is turkwaze. Jonge fûgels binne glânzgjend swart mei doffe eagen. Folwoeksen fûgels meitsje in leech, gromjend lûd.

Fersprieding en systematyk De fûgel briedt en libbet op 'e Galápagoseilannen, oan 'e kust fan 'e eilannen Fernandina en Isabela.

Taksonomy De Galápagosielgoes waard earder as iennichste soarte yn in skaai Nannopterum yndield fanwegen syn unike ûnfermogen om te fleanen. Letter waard de soarte by it grutte skaai Phalacrocorax yndield. Genetysk ûndersyk liet lykwols sjen dat Phalacrocorax út relatyf âlde ûntwikkelingslinen bestie en dêrom yn ferskate lytsere skaaien opdield wurde koe. Nannopterum waard dêrnei wer yn gebrûk nommen, mar útwreide mei de neiste sibben, de dûbeltúfielgoes en de neotropyske ielgoes.

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmje. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen De soarte briedt meast op smoute plakken krekt boppe seenivo, op stiennen of lavastien, meast op minder as 100 meter fan 'e kust. De fûgels briede yn lytse groepen fan mar in pear briedpearen. Dat bart benammen yn 'e koelere tiid tusken july en oktober as der it measte iten te finen is en de kâns op hjittestress by piken en briedende fûgels lytser is. Guon pearen lykje mar om it oare jier te brieden.

De fûgel is tige honkfêst en net benaud foar minsken. Hy libbet fan ielen, inketfisken en oare fisksoarten.

Status en bedrigingen De Galápagosielgoes hat in tige beheind ferspriedingsgebiet mei mar twa wichtige lokaasjes. Dêrtroch is de soarte tige gefoelich foar feroarings. De IUCN beskôget de soarte as kwetsber. Yn 2013 waard de wrâldpopulaasje rûsd op sa'n 2.080 eksimplaren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske ielgoes Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan