thumb|Kaart fan Krummhörn om 800 n.Kr. hinne De Bocht fan Sielmönken of de Sielmönker Bocht is in eardere seebaai op it grûngebiet fan de gemeente Krummhörn yn it westen fan East-Fryslân. By de Karolingyske transgresje fan 800 oant 950 n.Kr. berikte de Bocht syn grutste omfang.Wolfgang Richter/Herbert Flathe: Die Versalzung von küstennahen Grundwassern, dargestellt an einem Teil der deutschen Nordseeküste. International Association of Hydrological Sciences, side 11, oproppen op 1 febrewaris 2011 Dêrnei rekke de baai tige fersâne en waard fan om 1000 n.Kr. hinne oant yn 'e 13e iuw folslein ynpoldere.
Lizzing De Bocht fan Sielmönken lei tuske de Doalert en de leybocht op it grûngebiet fan de hjoeddeistige gemeente Krummhörn, en foar in lyts part fan de gemeente Hinte. Yn de iere midsiuwen foarme de baai de skieding tusken de histoaryske goaen Iemsgoa en Federgoa.Hans Homeier: Der Gestaltwandel der ostfriesischen Küste im Laufe der Jahrhunderte. Selbstverlag, Pewsum 1969 (Ostfriesland im Schutze des Deiches, diel 2)
De earste kolonisten bouden dêr harren huzen op pealwenten yn de noch net ynpoldere mersk. Hja koene sa gebrûk meitsje fan de fruchtbere kwelders en hiene se oer de baai en de ta fier yn it binnenlân rikkende slinken tagong ta de see. Net earder as it oanlizzem fan diken waard bewenning bûten de terpen mooglik. Doarpen yn Krummhörn, lykas Manslagt, Visquard, Jennelt, Uttum, Cirkwehrum, Freepsum, Canum, Woquard en Groothusen folgje it ferrin fan de eardere baai.
Literatuer Hans Homeier: Der Gestaltwandel der ostfriesischen Küste im Laufe der Jahrhunderte, Selbstverlag, Pewsum 1969
Kategory:Ferdwûn wetter yn East-Fryslân Kategory:Skiednis fan East-Fryslân Kategory:Waadsee Kategory:Baai fan de Atlantyske Oseaan