De pelagyske ielgoes (Urile pelagicus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) yn it skift ginteftigen (Suliformes). De soarte komt foar oan sawol de Aziatyske as de Amerikaanske kant fan it noardlike diel fan 'e Stille Oseaan.

Skaaimerken De pelagyske ielgoes is in lytse (63–76 sm) en slanke ielgoes, mei in lange, smelle hals, in lytse rûne kop en in tige tinne snaffel. In folwoeksen fûgel is swart mei in wyt plak op 'e flank dy't trochrint oant de boppe-sturtdekfearren. Op 'e boppekop sit in túfke en de hals hat in pearsige glâns. Yn it briedseizoen (maart oant maaie) binne ek in pear smelle, wite triedfearkes oan 'e sydkant fan 'e hals te sjen. De eagen binne grien, de poaten swart en ûnder it each sit in donkerread plak fan bleate hûd. By de briedplakken binne suchtsjende en gromjende lûden te hearren.

Ofbylden

Fersprieding en systematyk De pelagyske ielgoes hat twa ûndersoarten:

Urile pelagicus pelagicus – komt foar yn 'e kustgebieten fan noardeastlik Aazje, fan it Tsjoektsjenskiereilân yn it suden oant de Koerilen, noardlik Japan en it noardeasten fan Sina (eilannen yn Liaoning). Nei it easten ta rint it ferspriedingsgebiet oer de Kommandeurseilannen, de Aleoeten en Alaska oant westlik Kanada (Haida Gwaii). De westlike populaasjes komme winterdeis ek súdliker foar yn Japan en eastlik Sina. Urile pelagicus resplendens – komt foar yn 'e kustgebieten fan súdwestlik Britsk-Kolumbia oant súdlik Baja California.

De pelagyske ielgoes waard tradisjoneel yn it skaai Phalacrocorax pleatst. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út blikn die dat Phalacrocorax út ferskate relatyf âlde ûntwikkelingslinen bestiet, waard it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De pelagyske ielgoes wurdt no, tegearre mei syn neiste sibben de readmaskerielgoes, blaukielielgoes en de útstoarne brilielgoes, yn it skaai Noardpasifyske ielgoezen (Urile) pleatst.

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen thumb|left|De irisearjende kleuren fan 'e pelagyske ielgoes. Nettsjinsteande syn namme is de pelagyske ielgoes in kustfûgel. Hy komt foar by smoute kustkriten, ek yn baaien. De fûgel libbet fan ferskate soarten fisk, dy't er fangt boppe rotsige seeboaiems of yn gebieten mei kelp. Hy briedt yn lytse koloanjes, bytiden ek yn pearen, op smelle rotsplakken en somtiden yn grotten. It lizzen fan aaien fynt plak fan maaie oant july.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar nei alle gedachten nimt it tal ôf. De ôfname is lykwols net grut genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De IUCN klassifisearret de pelagyske ielgoes dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List.

Namme De namme pelagysk komt fan it Grykske pelagos, dat "see" of "iepen see" betsjut. De pelagyske ielgoes is lykwols net in fûgel fan 'e iepen see, mar hy libbet oan 'e kust.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Noardpasifyske ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See