De Neotropyske ielgoes (Nannopterum brasilianum, synonym: Phalacrocorax brasilianus) is in wetterfûgel út 'e famylje ielguozzen (Phalacrocoracidae). De namme fan dizze fûgel ferwiist nei it Neotropysk gebiet, in biogeografyske ekosône.

Skaaimerken De fûgel is 58 oant 73 sm lang en hat in wjukspanwiidte fan likernôch 1 meter. Folwoeksen mantsjes weagje 1,1 oant 1,5 kg; wyfkes binne 50 oant 100 gram lichter. Fûgels út de súdlike populaasjes binne ornaris grutter as dy út it noarden.

De neotropyske ielgoes is lyts en slank, benammen yn ferliking mei de gruttere en swierder boude dûbeltúfielgoes. Hy hat in lange sturt en hâldt de hals faak yn in S-foarm.

It fearrekleed fan folwoeksen fûgels is foar it grutste part swart, mei in gielbrún kielplak. Yn it briedseizoen ferskine lytse wite túfkes oan 'e kanten fan 'e kop, tegearre mei losse wite hierfearkes oan 'e kanten fan 'e kop en de hals. It kielplak kriget dan in wite râne. De boppekant fan 'e wjukken is wat grizer as de rest fan it lichem. Jonge fûgels binne brúnich fan kleur.

Ofbylden

Taksonomy De soarte waard yn 1658 beskreaun troch de Nederlânske arts en botanikus Willem Piso nei in reis nei Brazylje. Dy beskriuwing foarme de basis fan 'e wittenskiplike beskriuwing troch Johann Friedrich Gmelin yn 1789. Letter waarden ek de nammen Phalacrocorax olivaceus en Hydrocorax vigua brûkt. Nei genetysk ûndersyk is de soarte yn it skaai Nannopterum pleatst.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

Nannopterum brasilianum mexicanum komt foar fan it suden fan 'e Feriene Steaten oant Kuba en Nikaragûa. Nannopterum brasilianum brasilianum komt foar fan Kosta Rika oant Fjoerlân.

Hâlden en dragen thumb|left|Fûgel mei proai. De soarte komt foar yn in grut ferskaat oan leefgebieten by sawol swiet as sâlt wetter. Hy libbet fan fisk, mar ek fan oare wringedieren en wringeleaze dieren. Faak foerazjearret de fûgel yn groepen. De neotropyske ielgoes briedt it hiele jier troch yn koloanjes, dy't soms út tûzenen briedpearen besteane. De nêsten wurde yn beammen of strûken boud, mar ek op rotsige ûndergrûn.

Yn Suriname is de soarte in talrike briedfûgel.

Status De neotropyske ielgoes hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt dêrom net bedrige troch útstjerren. In rûzing út 2016 kaam út op sa'n 2 miljoen eksimplaren. Oannommen wurdt dat de wrâldpopulaasje yn oantal tanimt en de IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Karibyske See