De brilielgoes (Urile perspicillatus) is in útstoarne fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) yn it fan 'e skift ginteftigen (Suliformes). It wie de grutste beskreaune soarte ûnder de ielguozzen, mar oer syn leefwize en eardere fersprieding is net folle bekend. Hjoed-de-dei binne der fan 'e soarte noch mar seis opstoppe eksimplaren yn wittenskiplike kolleksjes bewarre bleaun.

Beskriuwing thumb|left|Tekening fan 'e brilielgoes(John Gerrard Keulemans) De earste beskriuwing fan wat nei alle gedachten in brilielgoes wie, waard yn 1741 makke troch de Dútske natoerûndersiker Georg Wilhelm Steller. Hy beskreau de fûgel as grut, lomp en goed fan smaak. Nei alle gedachten is de brilielgoes letter troch de jacht foar it fleis en de fearren útstoarn.

Fersprieding en status De brilielgoes is bekend fan Beringeilân, dat diel útmakket fan 'e Kommandeurseilannen eastlik fan Kamtsjatka yn 'e Beringsee. De soarte waard foar it lêst yn 1852 waarnommen.

Skaai-yndieling De brilielgoes waard, lykas de measte oare ielguozzen, earder yn it skaai Phalacrocorax pleatst. Genetysk ûndersyk liet lykwols sjen dat Phalacrocorax út ferskate relatyf âlde klades bestie. Dêrom waard it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De brilielgoes waard dêrby, tegearre mei syn neiste sibben, de pelagyske ielgoes, readmaskerielgoes en blaukielielgoes, yn it skaai Urile pleatst.

Status De IUCN beskôget de soarte as útstoarn.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Noardpasifyske ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Bist útstoarn yn 1852