De readmaskerielgoes (Urile urile) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) yn it skift ginteftigen (Suliformes). De soarte komt foar yn noardeastlik Aazje en Alaska.

Ferskining De readmaskerielgoes is wat grutter en krêftiger as de pelagyske ielgoes, dêr't er foar in part itselde ferspriedingsgebiet mei hat. Hy hat in gruttere kop en in dikkere hals en snaffel. Folwoeksen fûgels lykje op 'e pelagyske ielgoes en hawwe in folslein swart fearkleed, in wyt plak op 'e flank en reade hûd op 'e kop. By de readmaskerielgoes rint dy reade hûd lykwols fierder fan 'e basis fan 'e snaffel oer de foarholle en om it each hinne oant by it kin. Ek binne de túfkes yn it briedkleed grutter en dúdliker sichtber.

It each is grien, de snaffel gielgrien oant giel en de mûlshoeke blau. Jonge fûgels hawwe in giele eachring en in folle ljochter antlit as jonge pelagyske ielguozzen. By de briedkoloanjes binne sêfte, gromjende of kweakjende lûden te hearren.

Ofbylden

Fersprieding en systematyk De readmaskerielgoes briedt op eilannen fan noardlik Japan, oer de Aleoeten oant súdlik Alaska. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten ûnderskaat wurde.

De soarte waard tradisjoneel yn it skaai Phalacrocorax pleatst. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliken die dat Phalacrocorax út ferskate relatyf âlde ûntwikkelingslinen bestiet, waard it skaai opdield yn lytsere skaaien. De readmaskerielgoes wurdt no, tegearre mei syn neiste sibben de pelagyske ielgoes, blaukielielgoes en de útstoarne brilielgoes, yn it skaai Noardpasifyske ielguozzen (Urile) pleatst.

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen De readmaskerielgoes is folslein oan it libben oan see bûn. Hy yt ferskate soarten lytse fisken en kreeftachtigen, wêrûnder krabben en garnalen. De soarte briedt yn maaie of juny yn koloanjes op rotsige kusten en op eilannen fier fan 'e kust. De nêsten wurde meast op richels boud.

De readmaskerielgoes is benammen in stânfûgel en ferspriedt him winterdeis nei de oangrinzgjende kustgebieten.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Hoewol't it tal nei alle gedachten ôfnimt, is dy ôfname net grut genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De IUCN klassifisearret de readmaskerielgoes dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op mear as 100.000 eksimplaren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Noardpasifyske ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See