thumb|Skematyske werjefte fan de ferskowing fan de faasjesgurdlen by in transgresje (boppe) en by in regresje (ûnder). In transgresje (fan it Latynske transgredior, "oer eat gean", "oer eat te boppe gean", "te boppe gean", "oerspiele") tsjut op it yn it lân lûken fan de kustline itjinge liedt ta oerstreamings. Dat feroarsaket feroarings yn de sedimintaasjedynamyk fan it oanbelangjende sedimintbekken. In transgresje kin it gefolch wêze fan tektoanyske fersakking fan de lânmassa of fan it heger wurden fan de seespegel, bygelyks troch wetter as gefolch fab it ranen fan iismassa's.

It tsjinoerstelde fan in transgresje is in regresje, dêr't de kustline him de see yn ferpleatst.

Skaaimerken In transgresje komt yn 'e sedimintrige ta utering troch in omslach yn de sedimintaasje, bygelyks fan in foar in grutste part terrestrysk ôfsettingsmiljeu ta in maryn ôfsettingsmiljeu. Foar safier it ûnderstrûpte gebiet earder troch eroazje skaaimerke wie, foarmje de transgressive ôfsettings, mak mei stienten ûnder it eroazjegebiet de saneamde diskordânsje. Troch de erosive wurking fan de seeweachfoarming ûntstiet oan 'e basis fan in transgressive ôfsetting gauris in saneamd trangresjekonglomeraat.

Foarbylden It ûntstean fan 'e hjoeddeistige Noardsee en dêrmei de jongste sediminten fan it Noardseebekken geane werom nei de Flaamske transgresje nei it definityf ranen fan de kontinintale iismassa's op it noardlik healrûn, likernôch 10.000 jier lyn. Yn nau ferbân mei dy prosessen stiet de Littorina-transgresje fan likernôch 8500 jier lyn yn it Eastseegebiet.

In oar foarbyld fan in geologyske tige resinte marine transgresje is it oerstreamen fan it Swarte Seebekken likernôch 9000 jier lyn troch de ynstream fan sâlt wetter út 'e Middellânske See oer de Bosporus. It bliuwt foarearst benammen spekulaasje as dy oerstreaming op katastrofale wize wie en as dy model stie foar de Bibelske sûndfloedleginde.

Ien fan de wichtichste wrâldwide oanwiisbere transgresjes yn de resintere ierdskiednis si de saneamde Boppe-Kryt- of Senomanium-transgresje fan likernôch 90 miljoen jier lyn. As gefolch dêrfan foarmen harren wrâldwiid grouwe kalkstienôfsettings ("kryt") op 'e oerstreamde kontininten.

Sjoch ek Regresje Dúntsjerk-transgresje

Kategory:Geology Kategory:Sedimintology Kategory:Lienwurd út it Latyn