De dûbeltúfielgoes of dûbeltoefielgoes (Nannopterum auritum) is in Noardamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels binnen it skift ginteftigen. De soarte is tsjintwurdich wer algemien, nei't er earder bot te lijen hân hat fan 'e jacht en DDT.
Skaaimerken De dûbeltúfielgoes is in middelgrutte ielgoes fan 70 oant 90 sm lang, mei in wjukspanwiidte fan 114–123 sm. Hy hat in krêftich lichem, in lange hals en in middelgrutte sturt. De snaffel is swart mei in heak oan 'e ein.
De dûbeltúfgoes is hast hielendal swart. De bleate hûd tusken each en snaffel en de kielsek binne oranje- oant gielkleurich. Yn it briedkleed hat er twa plûm-eftige túfkes, dêr't er de namme oan ûntlient. De soarte liket in soad op 'e gruttere gewoane ielgoes, mar dy hat mear giel oan 'e kiel en de snaffel.
Jonge fûgels binne earder donker- oant brúngriis, mei in ljochtere ûnderkant en in bleke kiel. Harren snaffel is meast oranje of gielich.
Ofbylden
Fersprieding en systematyk De dûbeltúfielgoes hat fiif ûndersoarten, dy't ferspraat binne oer grutte parten fan Noard-Amearika. Se komme foar fan Alaska en Britsk-Kolumbia oant de Golf fan Kalifornje, en fan 'e Saint Lawrencebaai oant Florida. Ek op 'e Bahama's, Kuba, Meksiko en noardlik Belize komme ûndersoarten foar.
Winterdeis komt de soarte foar oan 'e iisfrije kusten fan Noard-Amearika, fan súdlik Alaska en Nij-Ingelân oant de Bahama's en Meksiko.
De dûbeltúfielgoes yn Europa Yn Europa is de dûbeltúfielgoes in tige seldsume dwaalgast. Der binne in soad waarnimmingen op 'e Azoaren, en fierders folle minder frekwinte waarnimmingen op 'e Kanaryske Eilannen, yn Ierlân en yn Grut-Brittanje.
Sibskip Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmje. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.
De dûbeltúfielgoes waard tradisjoneel yn it skaai Phalacrocorax pleatst. Op basis fan genetysk ûndersyk is dat skaai letter opdield yn ferskate lytsere skaaien. De dûbeltúfielgoes en syn neiste sibben, de Neotropyske ielgoes en de Galápagosielgoes, binne dêrom no yn it skaai Nannopterum set.
Hâlden en dragen thumb|left|Fûgel mei proai. De dûbeltúfielgoes libbet by rivieren en marren en oan 'e kusten. Lykas oare ielguozzen swimt er leech yn it wetter, meast mei allinnich de hals en de kop boppe it oerflak. Hy dûkt fan it wetteroerflak ôf nei in djipte fan sa'n 1,5 oant 7,5 meter en brûkt dêrby syn poaten om te ruoikjen.
Nei it dûken stiet er faak lang mei de wjukken wiid út om se te druien, om't de fearren net folslein wetterdicht binne. De dûbeltúfielgoes libbet benammen fan fisk, mar yt ek amfibyen en kreefteftigen. Yn 'e flecht fljocht er meastal leech oer it wetter, mei de snaffel wat omheech.
De dûbeltúfielgoes bout in nêst fan tûken yn beammen, op rotsplakken of op 'e grûn. Hy hat ien of twa lechsels mei ien oant sân ljochtblauwe aaien. It brieden duorret 25 oant 28 dagen. De jongen kinne nei 21 oant 28 dagen fleane.
Status en bedrigingen Yn 'e 19e iuw en oan it begjin fan 'e 20e iuw waard der in soad op dûbeltúfielgoezen jage. Dêrnjonken waarden se yn 'e midden fan 'e 20e iuw sterk troffen troch DDT-fersmoarging. Sûnt dy tiid is de soarte weromkommen en is er no algemien en wiidferspraat.
Lykas de gewoane ielgoes yn Europa wurdt de dûbeltúfielgoes troch guon fiskers en fiskkwekerijen as in bedriging sjoen. Yn 'e Feriene Steaten wurde dêrom ûnder betingsten jachtfergunningen útjûn om fiskkwekerijen te beskermjen. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op sa'n 740.000 briedende eksimplaren. De IUCN beskôget de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Karibyske See