It fûgelskaai fan 'e ielguozzen (Phalacrocorax) heart ta de famylje fan 'e ielgoesfûgels. It skaai bestiet hjoed-de-dei út alve libbene soarten dy't oer de hiele wrâld oantroffen wurde. De typesoarte is de gewoane ielgoes (Phalacrocorax carbo).

Skaaimerken en leefwize Ielguozzen binne middelgrutte oant grutte wetterfûgels mei in sterke, heakfoarmige snaffel dy't geskikt is foar it fangen fan fisk. Harren fearrekleed is oer it algemien donker, faak mei in glâns, mar guon soarten hawwe opfallende wite of kleurige aksinten yn 'e briedtiid.

In opfallend skaaimerk fan ielguozzen is dat har fearren net folslein wetterticht binne. Hja steane nei in dûk faak mei harren wjukken iepen om se te drûchjen. De poaten sitte hielendal efteroan it lichem, wat tige gaadlik is by it dûken, mar op it fêstelân binne se wat knoffelich. Se briede ornaris yn grutte koloanjes op rotsige kusten, eilannen of yn beammen by wetterrike gebieten. It biotoop bestiet út marren en rivieren en of kusten.

Taksonomy It skaai waard yn 1760 yntrodusearre troch de Frânske biolooch en ornitolooch Mathurin Jacques Brisson. Der hawwe noch alris feroaringen west yn it skaai en ferskillende soarten binne nei DNA-ûndersyk yn oare skaaien ûnderbrocht (lykas Microcarbo en Leucocarbo).

Soarten Yn in soad boarnen wurdt de wytboarstielgoes noch as in selsstannige soarte behannele. Ut genetysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de wytboarstielgoes in ûndersoarte is fan 'e gewoane ielgoes. It skaai omfiemet dêrom no alve soarten, mar de wytboarstielgoes is wol yn ûndersteande tabel opnommen.

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px Arabyske ielgoes Phalacrocorax nigrogularis Perzyske Golf en it Arabysk Skiereilân 200pxPhalacrocorax nigrogularis op BirdLife 120px Benguëla-ielgoes Phalacrocorax neglectus Kusten fan Namybje en Súd-Afrika 200pxPhalacrocorax neglectus op BirdLife 120px bûnte ielgoes Phalacrocorax varius Austraalje, Nij-Seelân en Yndoneezje 200pxPhalacrocorax varius op BirdLife 120px Pittielgoes (of Featherstonielgoes) Phalacrocorax featherstoni Chatham-eilannen (Nij-Seelân) 200pxPhalacrocorax featherstoni op BirdLife 120px ielgoes Phalacrocorax carbo Jeraazje, Afrika, Austraalje en Nij-Seelân 200pxPhalacrocorax carbo op BirdLife 120px Japanske ielgoes Phalacrocorax capillatus East-Aazje (Sina, Korea, Japan, Rûkû-eilannen) 200pxPhalacrocorax capillatus op BirdLife 120px Yndyske ielgoes Phalacrocorax fuscicollis Yndysk subkontinint en Súdeast-Aazje 200pxPhalacrocorax fuscicollis op BirdLife 120px Kaapske ielgoes Phalacrocorax capensis Súdwestlik en súdlik Afrika 200pxPhalacrocorax capensis op BirdLife 120px Nijseelânske ielgoes (spikkelige ielgoes) Phalacrocorax punctatus Nij-Seelân (endemysk) 200pxPhalacrocorax punctatus op BirdLife 120px swarte ielgoes Phalacrocorax sulcirostris Australaasje en dielen fan Súdeast-Aazje 200pxPhalacrocorax sulcirostris op BirdLife 120px Swartmaskerielgoes Phalacrocorax fuscescens Súdlik Austraalje en Tasmaanje 200pxPhalacrocorax fuscescens op BirdLife 120px wytboarstielgoes Phalacrocorax carbo lucidus Afrika besuden de Sahara 200pxPhalacrocorax carbo op BirdLife

Kategory:Ielgoesfûgel Kategory:Fûgelskaai