Anyone But You is in Amerikaansk-Australyske romantyske komeedzje út 2023 ûnder rezjy fan Will Gluck, mei yn 'e haadrollen Sydney Sweeney en Glen Powell. De titel betsjut "Wa dan ek asto it mar net bist". De film is loskes basearre op it klassike toanielstik Folle Spul om Neat fan William Shakespeare. It ferhaal folget Bea en Ben, dy't ienris hàst in relaasje krigen hawwe, oant har eangst en syn grutskens der tusken kamen. No haatsje se inoar, mar se komme mei-inoar opskipe te sitten as har âldere suster en it suske fan syn bêste freon trouwe sille en sy beiden útnûge wurde foar in dagenlange bestimmingsbrulloft. Anyone But You krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in sleeper hit dy't kommersjeel tige súksesfol útpakte.

Plot Bea, in rjochtestudinte oan 'e Universiteit fan Boston, treft yn in kofjesaak Ben, dy't bankier is by Goldman Sachs. De fûnk springt fuortendaliks oer tusken harren beiden. Se bringe de rest fan 'e dei tegearre troch en falle jûns by Ben thús tsjininoaroan lizzend op 'e bank yn 'e sliep. De oare moarns pykt Bea út sûnder Ben wekker te meitsjen (mient se), mar neitiid beseft se dat har flecht inkeld ynjûn is trochdat se skrokken is fan 'e krêft fan har gefoelens foar him, dat se giet werom. Wannear't se de foardoar fan syn appartemint iependocht, hat Benit oer har mei syn yn 'e tuskentiid arrivearre maat Pete. Sadwaande heart se hoe't Ben har yn misledigjende termen beskriuwt. Se konkludearret dat se folslein mis wie oangeande him en giet poerrazen op 'e nij fuort sûnder de mannen witte te litten dat se harren petear ôfharke hat. Wat se net wit, is dat Ben wol deeglik wekker wurden wie fan har meneuvels, en dat er djip kwetst wie doe't se sûnder in wurd te sizzen útnaaide. Syn hurde wurden oer har tsjin Pete binne dan ek bedoeld om him grut te hâlden en himsels net kenne te litten.

In healjier letter wurdt Bea troch har âldere, lesbyske suster Halle útnûge yn in bar om yn 'e kunde te kommen mei har freondinne Claudia, om't harren relaasje serieuze foarmen begjint oan te nimmen. It docht bliken dat Claudia it jongere suske fan Pete is. Mei't de froulju fan wjerskanten neisten útnûge hawwe om yn ien kear mei inoars freonefermiddens yn 'e kunde te kommen, is Ben der ek. It ûnferwachte wersjen fan Ben en Bea ferrint min, mei't harren leafde omslein is yn haat. Om't se allebeide mar de helte fan it ferhaal kenne, jouwe se inoar de skuld fan 'e minne ein fan harren dei tegearre.

Noch wer oardel jier letter beslute Halle en Claudia om te trouwen. Dat dogge se yn 'e Australyske stêd Sydney, dêr't Claudia har mem en styfheit wenje. Foar harren Amerikaanske famylje en freonen is it dus in bestimmingsbrulloft. Bea is ûnderwilens opholden mei har rjochtestúdzje om't se der alles behalven gelokkich fan waard. Se doar har beslút lykwols net oan har bemuoisuchtige âldelju te fertellen. Ek hat se har knipperljochtrelaasje mei har ferloofde Jonathan wer útmakke. Wannear't se it fleantúch nei Austraalje nimt, is Ben, ta har ôfgriis, passazjier yn datselde tastel. Oankommen yn Sydney docht bliken dat it de bedoeling is dat Bea en Ben de dagen oant de trouwerij allebeide by Claudia har âldelju útfanhûzje sille, in feit dat Halle en Claudia oant dat stuit mei opset sin stilholden hawwe.

De izige omgong tusken Ben en Bea bedjert de feestlike sfear foar de it breidspear en de oare houliksgasten, fan wa't Claudia har mem Carol, har styfheit Roger en har broer Pete, en Halle en Bea harren âlden Leo en Innie al fan it begjin ôf oan yn itselde hûs ferbliuwe. De sitewaasje wurdt noch yngewikkelder om't ek Margaret, in omkesizzer fan Roger mei wa't Ben in jier lyn in koarte relaasje hân hat, by Roger en Carol útfanhuzet. Ben hie hope harren relaasje wer nij libben yn te blazen, mar wurdt op dat mêd teloarsteld as bliken docht dat Margaret har nije flam Beau meinommen hat, in beamlange Australyske surfer mei noch mear spieren as Ben sels hat. Underwilens binne Bea har âldelju derfan oertsjûge dat it foar har it bêste is as sy en Jonathan wer byinoar komme, dat dêrom hawwe se it frij mar nommen om sels Jonathan foar de trouwerij út te nûgjen (en him wiis te meitsjen dat Bea har graach mei him fermoedsoenje wol).

Nei't de ûnmin tusken Ben en Bea jûns by it dwaan fan in spultsje útmûne is yn in rûzje wêrby't troch it by fersin ôfstekken fan fjoerwurk in djoer blomstik foar de trouwerij yn 'e brân rekke is, hawwe Halle en Claudia har nocht fan wat sy as it geklier fan Ben en Bea beskôgje. Yn 'e mande mei Roger, Carol en Pete betinke se in snoad plantsje om Ben en Bea mei-inoar op bêd te krijen yn 'e oertsjûging dat allinnich dat noch foarkomme kin dat se de hiele trouwerij ferpeste. Bea trochsjocht it net bepaald subtyl yn 'e praktyk brochte plan fuortendaliks, mar se fielt har skuldich oer it blomstik en hat sympaty foar it dilemma fan Halle en Claudia. Boppedat sjocht se in manear om har eigen swierrichheden op te lossen mei har âldelju dy't har sûnder ophâlden wer oan Jonathan besykje te keppeljen. Want as se al in relaasje hat, soene sels har âlden begripe moatte dat soks neat wurde kin. Bea wit Ben derfan te bepraten om mei te wurkjen om't er sa oerdúdlik Margaret weromhawwe wol, en om't it bearen dat er in relaasje mei Bea hat, Margaret jaloersk meitsje moat.

Dat, Ben en Bea besykje yn 'e neifolgjende dagen harren hommels wer oanrekke relaasje oan it breidspear en de oare houliksgasten te 'ferkeapjen' mei ferskate yn sêne sette iepentlike fertoanings fan affeksje. By ien sa'n gelegenheid besykje se op in feest op in farrend lúkse jacht yn 'e Haven fan Sydney om in kliemske sêne út 'e film Titanic nei te spyljen, wêrby't Bea oer de boech fan it skip hinne hinget en Ben har fan efteren fêsthâldt. Hy lit lykwols te betiid los, en sy kneppelet oerboard. Ben springt har efternei, ek al is er gjin goede swimmer. De beide drinkelingen wurde al rillegau opmurken troch de oare oanwêzigen op it jacht, mar dat kin spitigernôch omreden fan it smelle farwetter net omkeare. Ben en Bea swimme nei in boei ta en klimme dêr boppe-op.

Wylst se wachtsje op 'e rêdingstsjinst reitsje se einlings echt oan 'e praat en fertelle se inoar wat der no eins fan harren perspektyf út bard is op dy moarn nei de nacht op 'e bank. Bea fertelt ek dat se opholden is mei har stúdzje, en se prate ôf om, as freonen, tegearre it Sydney Opera House te besjen (dat se fan 'e boei ôf stean sjen kinne). Wannear't einlings de helikopter fan 'e rêdingstsjinst arrivearret en har beiden optakelje wol, bekent Ben dat er eins fleaneangst hat en dat er inkeld yn it fleantúch doar om't er ûnderweis in koptillefoan op docht dêr't oan ien wei troch syn 'kalmearringsliet' op t hearren is: Unwritten fan Natasha Bedingfield. Bea helpt him troch de foar him eangstige mominten fan it optakeljen en de helikopterflecht hinne troch dat liet foar him te sjongen. Nei't de helikopter harren ôfset by it lege hûs fan Roger en Carol, lôget de hertstocht tusken harren beiden ynienen wer op en bedarje se mei-inoar op bêd. Mar neitiid seit Bea sûnder der by nei te tinken dat alles wat se de lêste tiid docht, in flater is. Dêrmei stelt se Ben teloar, dy't mient dat se it ek oer harren nacht tegearre hat. Hy giet dêrom werom nei syn eigen sliepkeamer foar't se wekker wurdt, wat har de hoop ûntnimt dat se einlings dochs har wiere leafde fûn hat.

Op 'e moarn fan 'e trouwerij komme Bea har âlden derefter dat se opholden is mei har stúdzje om't Ben it oan Pete ferklapt hat, dy't net foar it ferstân hie dat it in geheim foar Bea har famylje wie. Bea fielt har ferret troch Ben, en hy fielt him der skuldich oer dat er net wat omsichtiger mei har geheim omgien is. Se beslute om mar in ein te breidzjen oan it toanielstikje dat se opfiere en bringe oan 'e oaren út dat se no al dagenlang beare dat se in relaasje hawwe wylst dat eins net sa is. Nettsjinsteande dy ûntboezeming giet de houliksseremoanje dat it slydjaget. Op 'e brulloft neitiid, dy't holden wurdt op in klif heech boppe de oseaankust, komt Margaret by Ben. Se fertelt him dat se it útmakke hat mei Beau en dat se him (Ben) weromhawwe wol. Wannear't se him begjint te tútsjen, sjocht Bea dat, dy't de brulloft yn triennen ferlit.

Margaret weromhawwe wie krekt wat Ben oarspronklik woe, dat hy soe alhiel hoera wêze moatte. Mar no beseft er ynienen dat Margaret net dejinge is dy't er hawwe wol. Hy beäntwurdet har tút net en ûntskuldiget him foar har oer om't er net hàr weromhawwe woe, mar it oantinken oan harren relaasje dy't no foarby is. Wannear't er fan Halle, Claudia en de oaren heart dat Bea har ôfjûn hat, riedt er wêr't se hinne gien is. Hy hjit it omsteand laach om 'e rêdingstsjinst te skiljen en springt dan fan it klif ôf yn see. Nei't er op 'e nij opfiske is troch in rêdingshelikopter, lit er him ôfsette by it Sydney Opera House, dêr't er yndie Bea weromfynt. Sy is ûnder de yndruk fan syn spektakulêre oankomst. Hy fertelt har dat er bang wie dat harren nacht tegearre foar har neat oars wie as noch mar wer in beslút dêr't se neitiid spyt fan hie, mar sy antwurdet dat it krekt it earste yn lange tiid wie dêr't se gjin spyt fan krije sil. Se fermoedsoenje har mei-inoar en keare as in stel werom nei de brulloft, dêr't it breidspear en de gasten Ben Unwritten fan Natasha Bedingfield begjinne ta te sjongen. Jonathan en Margaret wikselje ûnderwilens in tút út.

Under de ôftiteling wurdt in ferskaat oan sênes út 'e film op 'e nij yn byld brocht wylst de akteurs eltse kear wer Unwritten sjonge ynstee fan harren dialooch op te sizzen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Bea Sydney Sweeney Ben Glen Powell

byrollen personaazje akteur/aktrise Claudia Alexandra Shipp Halle Hadley Robinson Pete GaTa Roger Bryan Brown Carol Michelle Hurd Margaret Charlee Fraser Beau Joe Davidson Leo Dermot Mulroney Innie Rachel Griffiths Jonathan Darren Barnet

Produksje en distribúsje Produksje Anyone But You waard regissearre troch Will Gluck nei in senario fan himsels en Ilana Wolpert dat ynspirearre wie troch de ferneamde komeedzje Folle Spul om Neat (Much Ado About Nothing) út 'e Elizabetaanske Tiid fan 'e Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare. As produsinten wiene Gluck, Joe Roth en Jeff Kirschenbaum by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, SK Global, RK Films en Olive Bridge Entertainment. Dêrmei wie Anyone But You in Amerikaansk-Australyske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Danny Ruhlmann, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Este Haim en Chris Stracey.

Yn oktober 2024 berjochte it tydskrift The Hollywood Reporter op basis fan in anonime boarne dat haadrolspylster Sydney Sweeney akkoart gien wie mei it spyljen fan in byrol yn 'e Spider-Man-spin-off-film Madame Web om Sony Pictures (de memme-ûndernimming fan Columbia) safier te krijen om Anyone But You te finansieren.

Opnamen De opnamen foar Anyone But You setten yn febrewaris 2023 útein en duorren oant yn april fan dat jier. De film waard hielendal opnommen yn 'e Australyske dielsteat Nij-Súd-Wales. De spesifike filmlokaasjes leine fersille oer de hiele stêdekloft fan Sydney. Sa waard op Palm Beach de strânsêne opnommen wêryn't Ben nei oankomst yn Austraalje foar it earst (in topless) Margaret weromsjocht, wylst it Queen Victoria Building te sjen is as eftergrûn fan 'e sêne wêryn't Bea út te winkeljen giet. Op 'e Jones Bay Wharf giet it hiele selskip oan board fan in jacht foar in nachtlike rûnfeart troch de haven, en de eigentlike brulloft fan Claudia en Halle waard filme yn it Marks Park yn 'e wyk Tamarama. De úteinlike fermoedsoening fan Ben en Bea waard opnommen foar it ferneamde Sydney Opera House.