thumb|Eilsum – keninklike Prusyske lânkaart 'Pewsum' út 1891. It plak fan de boarch, de útstekkende hichte, is goed te sjen De Boarch Eilsum is in ferdwûne heechmidsiuwsk haadlingeboarch yn Eilsum yn de gemeente Krummhörn yn East-Fryslân.

Skiednis De boarch komt yn 'e histoaryske oerlevering net earder foar as in letmidsiuwske sit fan in haadling, dochs is nei alle gedachten folle âlder. De earste bekende haadling dy't yn 'e boarch fan Eilsum him nei wenjen sette, wie Sibrand fan Eilsum yn 1370. Nei dy syn dea krige syn neef Edzard, dy't yn Appingen by Greetsiel wenne, it yn besit. Syn soan Imelo Edzardisna wurdt yn 1400 neamd as haadling fan Eilsum. Hy hearde ta de haadlingen dy't doetiids oan 'e Hânzestêden Bremen en Hamburch taseie de seerôvers fan de Fiktaaljebruorren net langer te stypjen. Yn 1427 stie Sibrand II by de skelen tusken Ukena en Tom Brok oan 'e kant fan Okko II tom Brok. Nei dy syn ferlies rûn er oer nei de kant fan de Sirksena's yn Greetsiel, dêr't de doetiidske haadling Enno de omke fan Sibrand fan wie. Lykas út in dokumint út 1450 bliken die, hawwe de Sirksena's Sibrand ek it gesach oer Uttum oerdroegen. Syn soan Synet droech de hiele erfenis fan syn heit, mei Eilsum ynbegrepen, oer oan 'e Eastfryske greve Ulrik I fan Sirksena

Beskriuwing De leechlânboarch stie oan 'e noardrâne fan 'e Eilsumer terp. Dy waard foar de boarch, njonken in al besteande útrinner, noch útwreide mei in útpûling, dêr't in ôfsûnderlik kompleks troch ûntstie. Letter waard de lokaasje fan de boarch dêr neamd; de foarboarch en de haadboarch leine op de útrinner en de útpûling. Mei't de útrinner yn de 12e iuw al it nivo fan it terpoerflak berikte en de útpûling der sels in meter boppe út stuts, kin oannommen wurde dat de boarch al betiid datearret. Faaks wie der yn de útpûling dêrtusken in oanlisplak foar skippen. De terp waard dêr mei opsetsin útwreide; de boarch tsjinne mooglik foar it befeiligjen fan in haven. Dat earste boarchkompleks waard nei alle gedachten ynearsten fan hout boud en letter mei bakstien útboud.

Literatuer Hajo van Lengen: Geschichte des Emsingerlandes vom frühen 13. bis zum späten 15. Jh. (Ferhannelings en lêzings oer de skiednis fan Eastfryslân 53), Auwerk 1973, siden 154–159. H. Wilhelm H. Mithoff: Fürstenthum Ostfriesland und Harlingerland (Keunstmonuminten en âldheden yn it Hannoverske 7), Hannover 1880, side 57. Otto Houtrouw: Ostfriesland: Eine geschichtlich-ortskundige Wanderung gegen Ende der Fürstenzeit, Auwerk 1889, side 462. Günter Müller: 293 Burgen und Schlösser im Raum Oldenburg Ostfriesland, Aldenburch 1980, side 134. F. J. Klee: Aus der Eilsumer Vergangenheit. yn: Ostfriesland-Journal 20 (1989), bijlage 5, side 31 f. Wolfgang Schwarz in: Fundchronik Niedersachsen 2001 (Nijs út de prehistoarje fan Nedersaksen, bijlage 8), Stuttgart 2002, S. 164–167. Rolf Bärenfänger/Wolfgang Schwarz: Ostfriesische Fundchronik 2001. yn: Emder Jahrbuch für historische Landeskunde Ostfrieslands 81 (2001), siden 235–238.

Keppeling om utens Beskriuwing fan de Boarch Eilsum

Kategory:Krummhörn Kategory:Boarch yn East-Fryslân Kategory:Earder bouwurk yn East-Fryslân Kategory:Skiednis fan East-Fryslân