SolarEdge Technologies, Inc. is in Israelysk bedriuw dat DC optimalisearre omfoarmersystemen produsearret.

Yn 2023 waard SolarEdge it oandiel mei de measte ferliezen yn 'e S&P 500 foar it jier, wat resultearre yn it fuortheljen fan it oandiel út 'e yndeks. Op 25 juny 2024 sakke SolarEdge yn 'e iere moarnshannel hast 15% nei $28,41.

Skiednis SolarEdge waard oprjochte yn 2006 troch Guy Sella, Lior Handelsman, Yoav Galin, Meir Adest, en Amir Fishelov. It bedriuw waard stipe troch risikokapitaal fan GE Energy Financial Services, Norwest Venture Partners, Lightspeed Venture Partners, ORR Partners, Genesis Partners, Walden International, Vertex Ventures Israel, JP Asia Capital en Opus Capital Ventures.

It bedriuw sette ein 2009 útein mei massaproduksje fan syn produkten troch kontraktfabrikant Flex.

Yn maart 2015 brocht SolarEdge by in earste iepenbiere oandiele-útjefte (IPO) 7.000.000 gewoane oandielen út tsjin in priis fan $18,00 it stik. Dêr helle it bedriuw $126 miljoen mei op. De oandielen waarden dêrnei ferhannele op de NASDAQ Global Select Market ûnder it beurssymboal „SEDG”. Goldman Sachs en Deutsche Bank fungearren as de mienskiplike liedende banken by de útjefte.

Yn maaie 2015 gie SolarEdge in gearwurkingsferbân oan mei Tesla Energy om in omfoarmer te ûntwikkeljen dêr’t de Tesla Powerwall, in batterij foar enerzjyopslach yn hûzen dy’t yn april 2015 yntrodusearre wie, mei opladen wurde koe. De SolarEdge-omfoarmer regele sawol it omsetten fan enerzjy fan sinnepanielen as it opladen en ûntladen fan de Powerwall. Yn de rin fan de tiid boude Tesla de gearwurking mei SolarEdge ôf. Sa krige de Powerwall 2, dy’t yn oktober 2016 yntrodusearre waard, in eigen ynboude omfoarmer, en yntrodusearre Tesla yn jannewaris 2021 in eigen sinne-omfoarmer.

Yn oktober 2018 kundige SolarEdge oerienkomsten oan om in grut belang te krijen yn Kokam, in Súd-Koreaanske leveransier fan litium-ionbatterijsellen, batterijen en oplossingen foar enerzjyopslach. Yn jannewaris 2019 kundige SolarEdge oan dat it in mearderheidsbelang yn SMRE oernimme soe, in Italiaanske fabrikant fan oandriuwsystemen foar elektryske auto's. Yn 2019 kundige SolarEdge ek de oername fan Gamatronic oan, in fabrikant fan UPS-systemen, en rjochte it bedriuw de ôfdieling Critical Power op. thumb|267x267px|It haadkantoar fan SolarEdge yn Herzliya, Israel Yn jannewaris 2023 kundige SolarEdge de oername fan Hark Systems oan, in yn Europa fêstige bedriuw dat him dwaande hâldt mei enerzjyanalyse ent Internet of Things (IoT).

Nei in striid tsjin kanker ferstoar oprjochter Guy Sella yn 2019. De eardere fise-presidint foar wrâldwide ferkeap, Zvi Lando, waard beneamd ta CEO.

Yn novimber 2024 kundige SolarEdge oan dat it syn ôfdieling foar enerzjyopslach slute soe. Dêrby waarden sa’n 500 meiwurkers rekke, dêr’t it grutste part fan yn Súd-Koreä wurke.

Yn desimber 2024 waard Shuki Nir beneamd ta de nije CEO, hy ferfong dêrmei ynterim-CEO Ronen Faier.

Yn maart 2026 lansearre SolarEdge Nexis, in platfoarm foar sinne-enerzjy en enerzjyopslach foar wenhuzen, dat in ynstelbere trijefazige hybride omfoarmer kombinearret mei in modulêre, stapelbere heechspanningsbatterij. It platfoarm waard earst yn Dútslân lansearre. In batterijmodule hat in kapasiteit fan 4,9 kWh it stik. De batterijmodules kinne opinoar steapele wurde, mei in maksimale kapasiteit fan 20 kWh yn ien steapel. Troch meardere steapels parallel te ferbinen, kin de totale kapasiteit oprinne oant 78 kWh. In steapel kin oant 14 kW oan fermogen leverje. Yn july 2026 wreide SolarEdge de beskikberens fan Nexis út nei de Feriene Steaten.

Sjoch ek

Sinne-enerzjy Duorsumens Batterij

Referinsjes

Kategory:Sinne-enerzjy Kategory:Israelysk bedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2006