De Yndyske ielgoes (Phalacrocorax fuscicollis) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes).

Skaaimerken De Yndyske ielgoes is in frij lytse (63 sm lange) swarte ielgoes mei in frij lange sturt en in lange, tinne snaffel. Yn ferliking mei de ielgoes (Phalacrocorax carbo) is er dúdlik lytser en ranker, mar hy is grutter as de Yndyske dwerchielgoes (Microcarbo niger), mei sawol in langere hals as in langere snaffel. thumb|left|Juvenilen. De Yndyske ielgoes hat in brûnsbrún fearrekleed, dat oan 'e boppekant skobbich swart is. Hy hat gjin túf en in lytse, wat spitsige kop mei in lange, tinne snaffel dy't oan 'e punt bûge is. It each is blau en bûten de briedtiid is der yn it gesicht bleate, giele hûd te sjen. Yn 'e briedtiid hat er in koart, wyt boskje fearren by't ear. By guon fearrekleden is de kiel wyt, mar oars as by de ielgoes bliuwt dat wyt beheind ta it gebiet ûnder de snaffelbasis. Mantsjes en wyfkes lykje opinoar, mar fûgels bûten de briedtiid en jonge fûgels binne brúner.

Fersprieding en taksonomy De Yndyske ielgoes komt, sa't de namme al oanjout, foar op it Yndysk subkontinint, mar ek yn it noardlike part fan Sry Lanka. It ferspriedingsgebiet rint nei it noardeasten oant Assam en lokaal fierder nei it easten oant Tailân, Birma en Kambodja.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt. DNA-ûndersyk lit sjen dat de Yndyske ielgoes de sustersoarte is fan 'e súdliker en eastliker foarkommende swarte ielgoes (Phalacrocorax sulcirostris).

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaanfûgels (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaanfûgels as takson in parafyletyske groep foarmje.

Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Libbenswize thumb|left|Yndyske ielgoes yn 'e flecht. De Yndyske ielgoes komt foar yn wettergebieten oan 'e kust by riviermûningen en mangrovesompen, mar ek ynlânsk by rivieren en yn grutte sompegebieten.

Hy libbet benammen fan fisk, dêr't er dûkend op jaget op in wize dy't typysk is foar ielguozzen. Faak jeie se yn gearwurkjende groepen oer in brede frontline.

De briedtiid ferskilt sterk neffens it gebiet, de moesson en de pleatslike wetterstân. De aaien wurde benammen tusken july en febrewaris lein. De Yndyske ielgoes briedt yn koloanjes mei oare fûgelsoarten en bout in nêst fan tûkjes yn in foarke fan in beam. Dêryn leit er trije oant fiif blaugriene aaien. De soarte is foar it grutste part in stânfûgel.

Status en bedrigingen De populaasjetrend fan 'e Yndyske ielgoes is ûnbekend, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De IUCN beskôget de soarte net as bedrige en dielt him dêrom yn 'e kategory net bedrige (Least Concern) yn.

De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op sa'n 30.000 yndividuen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam