thumb|De grêft fan it eardere kleaster De kommanderije Heiselhusen, of ek wol it kleaster Heiselhusen wie in kleaster fan de Johanniteroarder en it lei yn Heiselhusen by Campen, yn de Eastfryske gemeente Krummhörn.
Skiednis It kleaster ûntstie út in earder foarwurk fan de kommanderije Goldhoorn (hjoed-de-dei by Finsterwolde yn Grinslân), dy't oan 'e ein fan de 15e iuw yn de Doalert ferdronk. Hy waard foar it earst neamd yn 1319. De kommanderije krige yn 1421 fan de Eastfryske haadling Brunger fan Loquard de ûnbewenne terp Heiselhusen skonken.Marc Sgonina: Heiselhusen – Johanniter-Doppelkommende. Yn: Josef Dolle unter Mitarbeit troch Dennis Knochenhauer: Niedersächsisches Klosterbuch. Verzeichnis der Klöster, Stifte, Kommenden und Beginenhäuser in Niedersachsen und Bremen von den Anfängen bis 1810. Diel 1–4. Bielefeld 2012, ISBN 3-89534-956-9. S. 624–626.
Yn 1446 gie it mei it foarwurk ekonomysk sjoen goed foar de wyn en rekke belutsen yn skelen mei it memmehûs, dat stadichoan yn de Doalert fuortsakke. De Fryske master mank meid de twa Fryske kommissarissen besleaten op 12 july 1446 dêr in selsstannige kommanderije fan te meitsjen. Goldhoorn waard yn de perioade dêrnei stadichoan ferlitten.
Heiselhusen wie in dûbelde kommanderije. Yn 1446 waarden dêr foar it earst nonnen neamd. De terp dêr't de kommanderije op stie, waard troch in wetterrin yn twa parten spjalte. De tsjerke en it tsjerkhôf leine nei alle gedachten op 'e noardlike helte, wylst it susterhûs mooglik op de lytsere, súdlike helte boud waard. De ekonomyske aktiviteit waard basearre op de feetylt op de likernôch 300 grasen lân dy't by de kommanderije hearden.
Oan 'e ein fan de 15e iuw liket de kommanderije op ekonomysk mêd yn it neigean rekkke te wêzen, want nei 1492 waard er opnommen yn de kommanderije Abbingwehr.Gerhard Streich: Klöster, Stifte und Kommenden in Niedersachsen vor der Reformation. August Lax, Hildesheim 1986, ISBN 3-7848-2005-0, side 96 (Veröffentlichungen der Historischen Kommission für Niedersachsen und Bremen, diel 2; Studien und Vorarbeiten zum Historischen Atlas Niedersachsens, Heft 30). Dy ferpachte it lânguod fan de kommanderije en ferkocht de gebouwen foar de sloop. Yn it ramt fan de Reformaasje eigene de Eastfryske greve Enno II him yn 1528 Abbingwehr mei Heiselhusen ta, lykas de oare fêstigings fan de Johanniteroarder yn Eastfryslân. Dêr makke de greve dúdlik gebrûk fan in âlder lânshearlik beskermingsrjocht oer de oarder. Hy liet de bewenners ferdriuwe en de fêstigings plonderje. It argyf rekke dêr folslein by ferlern, op guon restanten nei, lykas de biblioteek.Heinrich Schmidt: Politische Geschichte Ostfrieslands. Rautenberg, Lier 1975, side 171 (Ostfriesland im Schutze des Deiches, diel 5).
Literatuer Marc Sgonina: Heiselhusen – Johanniter-Doppelkommende. Yn: Josef Dolle yn gearwurking mei Dennis Knochenhauer: Niedersächsisches Klosterbuch. Verzeichnis der Klöster, Stifte, Kommenden und Beginenhäuser in Niedersachsen und Bremen von den Anfängen bis 1810. Diel 1–4. Bielefeld 2012, ISBN 3-89534-956-9. S. 624–626. Enno Schöningh: Der Johanniterorden in Ostfriesland, Diel LIV yn de rige Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands (skriuwer foar it Ostfriesische Landschaft yn oparbeidzjen mei it Nedersaksysk steatsargyf yn Auwerk), Auwerk 1973 Hemmo Suur: Geschichte der ehemaligen Klöster in der Provinz Ostfriesland: Ein Versuch. Hahn, Emden 1838, side 121 (werprintinge fan de útjefte fan 1838, útjouwerij Martin Sändig, Niederwalluf 1971, ISBN 3-500-23690-1). Argyf op it ynternet
Kategory:Krummhörn Kategory:Kleaster yn East-Fryslân Kategory:Earder bouwurk yn East-Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1446 Kategory:Organisaasje opheft yn 1492 Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 16e iuw Kategory:Oarder fan Sint-Jan