De swarte ielgoes (Phalacrocorax sulcirostris) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt wiid ferspraat foar yn Austraalje en Oseaanje en ek yn dielen fan Yndoneezje.

Skaaimerken thumb|left|Yn 'e briedtiid hat de soarte lytse wite triedfearkes. De swarte ielgoes is in relatyf lytse en slanke ielgoes fan 55–65 sm lang, mei in relatyf lange sturt. De snaffel is frij tin en de fûgel hat gjin túf. It fearrekleed is folslein swart. Yn 'e briedtiid kin it fearrekleed yn 'e sinne in griene of readeftige glâns hawwe en binne efter op 'e wangen by't ear ljochte triedfearkes te sjen.

De soarte is fan 'e folle gruttere gewoane ielgoes en fan 'e lytse bûnte ielgoes en Yndyske dwerchielgoes te ûnderskieden troch de leadgrize snaffel en readgrize bleate hûd fan it gesicht. Fûgels yn winterkleed en jonge fûgels binne mear brunswart.

Fersprieding en systematyk De swarte ielgoes komt foar fan Java yn Yndoneezje eastlik oant Nij-Guineä, Austraalje (ynklusyf Tasmaanje), Nij-Seelân, benammen it Noardereilân, en Nij-Kaledoanje. De soarte is monotypysk en wurdt dus net yn ûndersoarten ferdield.

Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de swarte ielgoes de sustersoarte is fan 'e Yndyske ielgoes (Phalacrocorax fuscicollis). Tegearre binne dy twa nau besibbe oan 'e gruttere Australyske ielgoezen, lykas de bûnte ielgoes (Phalacrocorax varius) en de swartmaskerielgoes (Phalacrocorax fuscescens).

Hâlden en dragen thumb|left|Swarte ielgoes yn Yndoneezje. De swarte ielgoes komt benammen foar yn en by swiet wetter, mar ek by riviermûningen en sa út en troch oan 'e kust. It is in tige sosjale fûgel dy't faak yn groepen fisket. Lykas de measte ielguozzen briedt de soarte yn koloanjes. De briedtiid ferskilt neffens it gebiet.

Status De wrâldpopulaasje is net rûsd en de populaasjetrend is ûnbekend. De soarte hat lykwols in relatyf grut ferspriedingsgebiet. De IUCN beskôget de swarte ielgoes net as bedrige en hat de soarte dêrom yndield yn 'e kategory net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor