De fjochtkwartels (wittenskiplike namme: Turnix) foarmje ien fan’e twa fûgelskaaien yn de famylje fan’e fjochtkwartelfûgels (wittenskiplike namme: Turnicidae). De fjochtkwartels binne net besibbe oan de kwartels, dy by de fazantfûgels hearre.

Fjochtkwartels binne lytse rinnende fûgels dy't fleanen mije. De 17 soarten yn it skaai libbe yn waarme, tropyske en subtropyske greiden fan Aazje, Afrika, Jeropa, Austraalje en Nij-Guinea. Oars as de measte fûgelsoarten is it wyfke it ryker kleurde fan 'e geslachten.

Soarten gielpoatfjochtkwartel (Turnix tanki), Súd- en East-Aazje readrêchfjochtkwartel (Turnix maculosus), Yndoneezje, Austraalje swartkielfjochtkwartel (Turnix suscitator), Súd- en East-Aazje flekke fjochtkwartel (Turnix ocellatus), Filipinen streke fjochtkwartel (Turnix sylvativa), Súd-Spanje, Noard-Afrika, Súd-Aazje lytse fjochtkwartel (Turnix velox), Austraalje readboarstfjochtkwartel (Turnix pyrrhothorax), Austraalje Luzonfjochtkwartel (Turnix worcesteri), Filipinen Sûmbafjochtkwartel (Turnix everetti), Sûmba (Yndoneezje) swartrêchfjochtkwartel (Turnix nanus), Afrika Kaapske fjochtkwartel (Turnix hottentottus), Súd-Afrika kastanjefjochtkwartel (Turnix castanotus), Austraalje okerboarstfjochtkwartel (Turnix olivii), Austraalje, fermoedelik útstoarn bûnte fjochtkwartel (Turnix varius), Austraalje Nijkaledoanyske fjochtkwartel (Turnix novaecaledoniae), fermoedelik útstoarn swartboarstfjochtkwartel (Turnix melanogaster), Austraalje Madagaskarfjochtkwartel (Turnix nigricollis), Madagaskar

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Fjochtkwartelfûgel