De ropkoekoeken (wittenskiplike namme: Coccyzus) foarmje in skaai fan fûgels fan 'e famylje fan 'e koekoekfûgels (Cuculidae) en de ûnderfamylje fan 'e Amerikaanske koekoeken (Coccyzinae).

It skaai Coccyzus omfettet no ek de hagediskoekoeken en de reinkoekoeken, dy't foarkomme yn it Karibysk gebiet. Foar sawat 2010 waarden dizze elk yn har eigen skaai pleatst, respektyflik Saurothera en Hyetornis.

De ropkoekoeken ite grutte ynsekten lykas rûpen, sikaden en wespen. In protte ite ek hagedissen. Dizze koekoeken kinne hierrige rûpen ite fanwegen harren fermogen om harren búkwand ôf te stjitten en de hierren fia in spuibal kwyt te reitsjen. Se hawwe lange wjukken en binne sterke fleaners. In protte soarten hawwe swarte ûndersturten mei brede wite punten oan 'e fearren dy't opfallend binne fanwegen de graduearre sturt.

Taksonomy

ûnderfamylje Amerikaanske koekoeken (Coccyzinae) skaai ropkoekoeken (Centropus), 13 soarten: donkersnaffelkoekoek (Coccyzus melacoryphus) gielsnaffelkoekoek (Coccyzus americanus) pearelboarstkoekoek (Coccyzus euleri) mangrovekoekoek (Coccyzus minor) Cocokoekoek (Coccyzus ferrugineus) swartsnaffelkoekoek (Coccyzus erythropthalmus) griiskopkoekoek (Coccyzus lansbergi) reinkoekoek (Coccyzus pluvialis, foarh. Hyetornis pluvialis) brúnboarstkoekoek (Coccyzus rufigularis, foarh. Hyetornis rufigularis) Jamaikaanske hagediskoekoek (Coccyzus vetula, foarh. Saurothera vetula) Portorikaanske hagediskoekoek (Coccyzus vieilloti, foarh. Saurothera vieilloti) grutte hagediskoekoek (Coccyzus merlini, foarh. Saurothera merlini) Hispanjoalahagediskoekoek (Coccyzus longirostris, foarh. Saurothera longirostris)

Kategory:Koekoekfûgel Kategory:Fûgelskaai