De Amerikaanske koekoeken (wittenskiplike namme: Coccyzinae) binne as ûnderfamylje fan fûgels fan 'e famylje fan 'e koekoekfûgels (Cuculidae). Dy ûnderfamylje omfettet twa of trije skaaien: de ropkoekoeken (Coccyzus) en de iikhoarntsjekoekoeken (Piaya) en mooglik ek de dwerchkoekoeken (Coccycua). Tsjintwurdich wurdt dizze groep fan Amerikaanske koekoeken net beskôge as hearrend ta in aparte ûnderfamylje, mar leaver ta de ûnderfamylje fan 'e briedparasitêre koekoeken (Cuculinae) yn de tûke Phaenicophaeini, dêr't ek de malkoha's en de toefkoekoeken fan 'e Alde Wrâld ta hearre.
Taksonomy
ûnderfamylje Amerikaanske koekoeken (Coccyzinae) skaai ropkoekoeken (Coccyzus), 13 soarten, wêrûnder: gielsnaffelkoekoek (Coccyzus americanus) swartsnaffelkoekoek (Coccyzus erythropthalmus) iikhoarntsjekoekoeken (Piaya): 3 soarten: iikhoarntsjekoekoek (Piaya cayana) kanielkoekoek (Piaya mexicana), foarhinne beskoge as ûndersoarte fan’e iikhoarntsjekoekoek swartbúkkoekoek (Piaya melanogaster) dwerchkoekoeken (Coccycua): 3 soarten: reade dwerchkoekoek (Coccycua minuta) wytbúkdwerchkoekoek (Coccycua pumila) grize dwerchkoekoek (Coccycua cinerea)
Kategory:Koekoekfûgel