De Titicacadûker (Rollandia microptera) is in bedrige fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De fûgel kin net fleane en komt mar yn ien marrekrite yn Súd-Amearika foar.
Skaaimerken De Titicacadûker is in opfallende fûgel fan 28 oant 45 sm en in gewicht oant 600 gram. De iennige sibbe yn it skaai, de wytwangdûker, liket net in soad op 'e Titicacadûker.
De soarte hat in brunswarte boppekant en wyt oan 'e kin, kiel en foarkant fan 'e hals. De nekke en it boarst binne readbrún. De snaffel is oranjegiel. Bûten de briedtiid binne de kleuren bleker en hat de fûgel gjin túf mear. Jonge fûgels binne grizer, mei in streke kop en ek wyt op it boarst.
Fersprieding en taksonomy thumb|left|Titicacadûker. De Titicacadûker komt, lykas de namme al oanjout, allinnich foar yn it gebiet om 'e Titicacamar yn 'e Andes, tusken súdlik Perû en westlik Bolivia. It ferspriedingsgebiet rint fan 'e marren Arapa en Umayo yn súdeastlik Perû, troch de Titicacamar hinne oant yn Bolivia, en fierder by de rivier de Desaguadero lâns nei de marren Uru-uru en Poopó.
De soarte is nau besibbe oan 'e wytwangdûker (Rollandia rolland). De Titicacadûker is monotypysk, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten fan erkend wurde.
Libbenswize De Titicacadûker briedt yn 'e wiete gebieten mei benammen Schoenoplectus californicus, dêr't iepen wetter beskikber is, of yn iepen wetter tusken driuwende wetterplanten.
It is in sosjale soarte, mar by it foerazjearjen is er meast allinnich. Hy fret foaral fiskjes fan it skaai Orestias, dy't sa'n 94% fan it iten útmeitsje. De soarte briedt it hiele jier troch.
Status De Titicacadûker is tige seldsum. De wrâldpopulaasje waard yn 2020 rûsd op noch mar sa'n 600 folwoeksen fûgels. It tal nimt ek sterk ôf. Yn 'e jierren 1970 en 1980 waard de populaasje noch rûsd op 2.000–10.000 fûgels, en yn 2003 wiene der neffens rûzing noch 1.600 folwoeksen fûgels.
De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as bedrige. De grutste bedriging is de fiskerij op 'e mar. Guon fiskers sjogge de fûgel as konkurrint en it bart dat de fûgels as byfangst yn fisknetten telâne komme.
Birdguides skreau yn 2024 dat nije rûzingen fan tinken binne dat de wrâldpopulaasje mooglik folle grutter is as foarhinne oannommen. In nije rûzing op basis fan tellingen en wierskynlikheidsmodellen wize der op dat allinnich al op 'e Titicacamar mear as 20.000 fûgels foarkomme.
Hoewol'tt de populaasje op 'e Titicacamar der sûner útsjocht as foarhinne, is de status fan 'e populaasjes op oare lokaasjes net wis. Der wurdt oannommen dat de Titicacadûker ferdwûn is nei't de Poopó-mar en de rivier de Jahuira drûchfoelen nei minder delslach op 'e Altiplano sûnt 2022.Birdguides, 25 desimber 2024.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Súdamerikaanske dûker Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia