thumb|Wapen fan Sint-Anne It wapen fan Sint-Anne (Frysk en Biltsk) is it wapen fan it Fryske doarp Sint-Anne. It wapen wurdt net erkend troch de Hege Ried fan Adel en hat dêrom gjin offisjele status.

Oarsprong De oarsprong fan it wapen komt fan in rymke wat bekend is yn Sint-Anne. It rymke giet sa: "Een pot en een pan is het wapen van Sint-An". Omdat rymkes gjin offisjele boarnen binne wurde it net brûkt foar it fêststellen fan it wapen. Yn 1999 frege De Westhoek by de Fryske Rie foar Heraldyk in wapen oan, hjirop waard foar de rest fan de doarpen yn de gemeente It Bilt ek wapens oanfrege. Om it te ûntwerpen wapen mear historyske bining te jaan waard it wapen fan it rymke (goud mei swarte pot en panne) fermearderd mei it wapen fan de famylje Van Haren, hja wiene ûnder oare grytman yn It Bilt.

Yn pleats fan it folsleine wapen fan de Van Harens waard yn de rjochterboppehoeke (foar de sjogger links) in gouden stjer pleatse. Yn Fryslân is in gouden stjer it teken dat it plak in bestjoerlik sintrum is. Yn it famyljewapen wurdt dit plak ynnommen troch in goud fjild mei dêrop trije reade skeanbalken. thumb|Wapen fan de famylje Van Haren.

Beskriuwing De beskriuwing fan it wapen fan Sint-Anne is:

Ferdield: 1. fan sulver, belein mei fjouwer reade dwersbalken; 2. fan goud, belein mei in pot en in panne, beide swart; in blauw kanton, belein mei in gouden seispuntige stjer.

Sjoch ek

Kategory:Sint-Anne Sint-Anne