De Papoeadwerchearn (Hieraaetus weiskei) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Hy komt foar yn boskgebieten op Nij-Guineä en op 'e Molukken. De fûgel waard earder beskôge as in ûndersoarte fan 'e Australyske dwerchearn. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt likegoed as libbenskrêftich sjoen.

Skaaimerken De Papoeädwerchearn is in lytse earn mei in lichemslingte fan mar 38 oant 48 sentimeter en in spanwiidte fan 112 oant 126 sentimeter. Hy liket hiel bot op 'e Australyske dwerchearn, dêr't er oant foar koart in ûndersoarte fan wie, mar hy is noch lytser mei mear streken op it boarst mar krekt minder op 'e krún. Hy hat sân ynstee fan seis bannen op 'e sturt, dy't boppedat donkerder en breder binne. Fierder is de boppekant donkerder, ynklusyf de slachpinnen. De Australyske dwerchearn hat ek in dúdliker ljochte streek efter it each en in mear ôfgrinzge donkerder krún. De fûgel is meastentiids stil, mar yn 'e baltsflecht is in fluitsjend "sip sip see" te hearren.

Fersprieding en systematyk De fûgel libbet op Nij-Guineä en op 'e Molukken op 'e eilannen Halmahera, Ternate, Boeroe en Seram. De Papoeädwerchearn libbet reinwâlden, bosken by rivieren en boskrânen.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net ûnderferdield wurdt yn ûndersoarten. Earder waard er as in ûndersoarte fan 'e Australyske dwerchearn (H. morphnoides) beskôge. Hjoed-de-dei wurdt weiskei as in folweardige soarte beskôge.

Hâlden en dragen Der is noch gjin ynformaasje bekend oer it fretten of de briedbiology, útsein dat de fûgel sjoen is by it oanfallen fan swarmen krieën.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Hoewol't tocht wurdt dat de fûgel yn oantallen ôfnimt, is dy delgong net krêftich genôch om de soarte as bedrige te sjen. De IUCN kategorisearret de Papoeadwerchearn dêrom as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchearn Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje