De Ayreshaukearn of Ayres' haukearn (Hieraaetus ayresii) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). De fûgel komt foar yn Subsaharaansk Afrika. Dizze rôffûgel is yn 1862 beskreaun troch de Britske fûgelkundige John Henry Gurney en ferneamd nei syn kollega en ûntdekker (sammelder), de Súd-Afrikaan Thomas Ayres. De fûgel hyt Kleinjagarend yn it Afrikaansk.
Skaaimerken De fûgel is 45 oant 61 sm lang en weaget tusken de 685 en 1045 g. De spanwiidte is 124 sm. It wyfke is grutter as it mantsje. De fûgel hat in fariabel fearrekleed. Der besteane hast folslein swarte fûgels. Meastentiids falt de fûgel op troch de swiere streken op 'e ûnderwjuk en de wite foarrâne fan 'e wjuk. De wjukken binne relatyf breed foar in haukearn. Fierder is de fûgel fan boppen donkerbrún en hat de kop in túf.
Fersprieding en leefgebiet De Ayreshaukearn komt foar as stânfûgel fan Sierra Leöane oant nei it easten ta yn Etioopje en Somaalje en fierder nei it suden ta oant it noarden fan Namybje, Botswana en it noardeasten fan Súd-Afrika. It leefgebiet bestiet út leafbosken, galerijbosken en oanplante bosken en sels yn 'e omjouwing fan stêden as Freetown (Sierra Leöane).
Status De Ayreshaukearn hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje wurdt rûsd op 20 oant 50 tûzen folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de populaasje yn oantallen ôfnimt. Dêrfandinne stiet dizze soarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchearn Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe