De flearmûzeglee (Macheiramphus alcinus) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). In diel fan it ferspriedingsgebiet leit yn it sintrale en westlike diel fan Afrika besuden de Sahara en lytse gebieten op Madagaskar en yn grutte dielen fan Yndoneezje, it súdeasten fan Nij-Guineä en it skiereilân Malakka.
De soarte libbet yn grienbliuwend tropysk bosk. De bisten libje benammen fan flearmûzen en lytse fûgels. As ien fan 'e pear rôffûgelsoarten jeie se nei it ûndergean fan 'e sinne of by it skimerjen. Hja briede yn grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet net yn fêste seizoenen; it briedseizoen hinget foar it grutste part ôf fan it oanbod fan genôch proaien.
It monotypyske skaai Macheiramphus hie lang in ûndúdlike posysje yn 'e famylje fan 'e haukfûgels. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de flearmûzeglee it naust besibbe is oan 'e wurchearn (Morphnus guianensis), de harpij (Harpia harpya) en de Papoea-earn (Harpyopsis novaeguineae).
Skaaimerken De flearmûzeglee is in middelgrutte rôffûgel mei in falkeftige foarm, in smelle, lytse snaffel, grutte eagen, in koarte sturt en in lytse kop. De nominaat M. alcinus alcinus fertoant seksuele dimorfy; wyfkes binne trochstrings 6% grutter as mantsjes.
It gewicht fan folwoeksen fûgels leit tusken de 600 en 650 gram en de lichemslingte tusken 41 en 51 sm. De wjuklingte is 37,1 oant 41,2 sm en de spanwiidte is 95 oant 120 sm, wylst de sturt 16,6 oant 18,4 sm lang is.
Juvenilen hawwe hast deselde skaaimerken as folwoeksen fûgels; harren fearrekleed hat lykwols mear wyt oan 'e ûnderkant. Ek hawwe se in boarstbân fan brune spikkels. De iris fan jonge fûgels is brún foardat se de úteinlike giele kleur krije.
Taksonomy Wittenskiplike namme De wittenskiplike namme fan 'e flearmûzeglee soarge in pear desennia foar betizing. Yn 1850 waard er troch Bonaparte as Macheiramphus alcinus foar it earst beskreaun. In jier letter beskreau Westerman deselde soarte as Machaeramphus alcinus. Om't Westerman syn beskriuwing yn earste ynstânsje weromdatearre wie nei 1848, wie Machaeramphus oant de midden fan 'e 20e iuw de jildige skaainamme fan 'e soarte. Deignan wiisde yn 1960 op dy flater. Dêrop waard Macheiramphus de namme foar it skaai.
Ûndersoarten Der wurde trije ûndersoarten erkend: M. alcinus alcinus - Bonaparte, 1850: de nominaatfoarm dy't foarkomt op it Maleiske skiereilân, Sumatra, Selebes en Borneo. M. alcinus papuans - (Mayr), 1940: dy't foarkomt yn it Owen Stanley-berchtme op Nij-Guineä. Dizze ûndersoarte is wat lytser as de nominaatfoarm en hat in wite nekkebân en in witere ûnderkant. M. alcinus anderssoni - (Gurney), 1866: de Subsaharaanske ûndersoarte dy't mei in ferskil fan 13% in gruttere seksuele dimorfy fertoant as de oare twa ûndersoarten. Dizze soarte is lytser as M. a. alcinus en M. a. papuans. Sturt- en wjukfearren binne donker streke, de wite kleur oan 'e ûnderkant ferskilt bot.
Leefgebiet en status De flearmûzeglee is in pleatslik algemien foarkommende fûgel yn 'e buert fan kalkstiennen grotten of bosk mei in soad holle beammen dêr't in soad flearmûzen libje. De rôffûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch allinnich al is de kâns op útstjerren tige lyts. Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme. Dat oantal bliuwt stabyl. Dêrfandinne stiet de flearmûzeglee as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Flearmûzeglee Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe