Hattstedt (Noardfrysk: Haatst; Deensk: Hatsted; Nederdútsk: Hatsteed) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente leit yn it Amt Nordsee-Treene, dat ûnderdiel is fan 'e Kreis Noard-Fryslân. De gemeente hat 2.617 ynwenners (2024).
Skiednis Hattstedt waard yn 1240 foar it earst neamd yn it Grûnboek fan Waldemar as Hattastath. De namme ferwiist nei alle gedachten nei in man mei de namme Hatto. De Marijetsjerke fan it plak waard om 1240 hinne foar it earst neamd. De âldste dielen fan it gebou binne nei alle gedachten om 1200 hinne boud. Yn 'e iuwen dêrnei waard de tsjerke útwreide. De opfallende toer krige de tsjerke om 1500 hinne. De tsjerke hat noch in fleugelalter fan foar de reformaasje.
Yn 'e tiid fan 'e Twadde Sint-Marsellusfloed fan 1362 stie ek it flakke lân foar de geastwâl ûnder wetter, ek al leit dat relatyf fier it lân yn. Yn 1460 waard Hattstedtermarsch, dy't oant 1803 de Hattstedter Alter Koog hiet, yndike. Hattstedt is it berteplak fan 'e humanist Johannes Saxonius († 1561).
De hjoeddeiske gemeente Hattstedt waard op 1 april 1934 oprjochte.
Yn 'e lêste desennia is Hattstedt troch de geunstige lokaasje by Husum wat ynwennertal oanbelanget sterk woeksen. Fan in lytse boeredoarp en in soad reiddutsen hûzen is it in doarp wurden mei in soad nijbou.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934