Wagon Master is in Amerikaanske westernfilm yn swart-wyt út 1950. De film stie ûnder rezjy fan John Ford, en de haadrollen waarden fertolke troch Ben Johnson, Harry Carey jr., Ward Bond en Joanne Dru. De titel betsjut "Weinmaster" (immen dy't wurket as gids fan en tafersjochhâlder oer in karafaan kapweinen). It ferhaal folget in pear hynstekeaplju dy't as weinmasters frege wurde troch in groep fan sechstich mormoanen. Dyselden binne ûnderweis nei in plak om har yn it Wylde Westen nei wenjen te setten. Al rillegau slute har in hegehoeddragende wûnderdokter en in pear skabeljeuze dûnseressen by de karafaan oan. Underweis kriget it selskip te stellen mei gebrek oan drinkwetter, banditen en Yndianen en moat de algemiene ûnbegeanberens fan it terrein oerwûn wurde. Fan sawol de filmkritisy as it bioskooppublyk krige Wagon Master, mei syn sobere ferhaal, bedêste aksje en cast sûnder stjerren, by it útkommen fan 'e film lauwe reäksjes. Mar meitiid rekke de film better wurdearre, en tsjintwurdich beskôgje in protte filmkenners it as ien fan 'e masterwurken fan regisseur John Ford. Wagon Master foarme de ynspiraasje foar de tillefyzjesearje Wagon Train, dy't rûn fan 1957 oant 1965.

Plot Yn in soarte fan prolooch wurdt in winkel oerfallen troch de Clegg-binde, besteande út famyljepatriarch Shiloh Clegg en fjouwer fan syn soannen en omkesizzers. Wannear't de winkelman him ferset en Shiloh yn it skouder ferwûnet mei in kûgel, wurdt er troch de âldman ûnmeilydsum fermoarde, ek al hat er dan syn pistoal al falle litten om him oer te jaan.

It eigentlike ferhaal begjint wannear't de hynstekeaplju Travis Blue en Sandy Owens arrivearje yn it stedsje Crystal City, oan 'e Amerikaanske frontier yn it Wylde Westen. Se hawwe in lytse keppel hynders by har dy't bestiet út mustangs dy't se út it wyld wei fongen en nuetmakke hawwe. De beide freonen binne fan doel om 'e bisten sa gau mooglik te ferkeapjen, sadat se mei de opbringst yn 'e pleatslike saloon pokerspylje kinne.

Yn Crystal City is in pear dagen earder ek in karafaan kapweinen oankommen, mei in groep fan sechstich mormoanen ûnder lieding fan âlderling Wiggs. Wannear't dyselde belangstelling toant foar it keapjen fan 'e hynders, neamt Travis in fierstente hege priis. De âlderling spuit earst raar guod, mar seit op 't langelêst ta de priis betelje te wollen as Travis en Sandy him en syn karafaan as gidsen en weinmasters troch de wyldernis liede wolle. De mormoanen binne nammentlik ûnderweis nei de delling fan 'e rivier de San Juan yn it súdeasten fan it Territoarium Utah, dêr't se in delsetting fêstigje wolle. It doel is om dêre te siedzjen foar de rein fan 'e oankommende winter, sadat de rispinge foar iten soargje sil foar in folle gruttere migraasjeweach fan mormoanen dy't takom jier maityd blynseach folgje sil. Travis en Sandy hawwe lykwols oare plannen en betankje foar de ear.

Mei't mormoanen omreden fan harren polygame libbenswize troch de oare Amerikanen minachte wurde, binne se net wolkom yn Crystal City. De groep fan âlderling Wiggs is in pear dagen lang yn it stedsje dulde, mar no wurde se op yntimidearjende wize ûnder bedriging mei fjoerwapens troch de pleatslike marshal en in groep rjochtskepen boargers oanfitere om fierder te reizgjen. As Travis en Sandy sjogge hoe't de karafaan yn in stadich tempo de wyldernis yn tsjocht en dêrby fuortendaliks al in ferkearde rjochting útgiet, betinke se har, mei't se net de dea fan sechstich minsken, ûnder wa froulju en bern, op har gewisse hawwe wolle. Boppedat ferfele se har nei ien dei yn Crystal City al, en Sandy is mank de mormoanen de tsjeppe readhierrige Prudence Perkins gewaarwurden. Se ride de karafaan efternei, en nimme it oanbod fan Wiggs dochs noch oan. Travis wurdt de weinmaster fan 'e karafaan en Sandy syn assistint. Under harren lieding slane de mormoanen in oare kant út, dêr't wól drinkwetter te finen is.

Nei't se by de oerstek fan in rivier alles fol mei wetter dien hawwe dat wetter hâlde kin, set de mormoanen mei harren nije gidsen de woastyn yn. Inkele dagen letter komme se dêr in strâne medicine show tsjin, besteande út 'e hegehoeddragende wûnderdokter A. Locksley Hall en twa dûnseressen (anneks prostituees, is de ûnútsprutsen suggestje). Ien fan dyselden is in wat âldere frou, Fleuretty Phyffe, mar de oare, de jonge en tige tsjeppe Denver, wint fuortendaliks de ûnferdielde belangstelling fan Travis. De groep is sûnder drinkwetter kommen te sitten en hat de lêste dagen oerlibbe op 'e alkohoalyske wûnderoalje dy't Locksley Hall oars ferkeapet.

Broer Perkins, ien fan 'e foaroanlju fan 'e mormoanen, mient earst dat se mei in húshâlding fan in heit, mem en harren folwoeksen dochter te krijen hawwe, en âlderling Wiggs, waans bekearing noch net sa lang lyn plakfûn hat en dy't sadwaande wat wrâldwizer is, moat him útlizze hoe't de foarke echt yn 'e stâle sit. Dan wol Perkins earst neat fan 'e strâne lju witte, en stelt er út om harren in tûne drinkwetter en in pear mûldieren te jaan en har fierders yn har eigen sop gearsiede te litten. Mar Travis wiist derop dat God dizze minsken grif op it paad fan 'e mormoanen pleatst hat, in idee dêr't de strang leauwige Perkins net omhinne kin. Wannear't Locksley Hall-en-dy fertelle dat se Crystal City útjage binne, eat dat de mormoanen sels ek oerkommen is, blykt der wat te wêzen dêr't de beide tige ferskillende groepen in bân oer foarmje kinne. Perkins stimt der mei yn dat de lju fan 'e medicine show har by de karafaan oanslute oant se it paad nei Kalifornje berikke, dat harren reisbestimming is.

De reis giet fierder troch de woastyn. It terrein is útdaagjend, mar eltse dei wurdt goede foarútgong boekt. Nettsjinsteande har ûnderlinge ferskillen reitsje de fromme mormoanen, harren fleurige, útlitten gidsen en de kleurrike showminsken fertroud mei-inoar. Der binne lytse hobbels, lykas wannear't Sandy en broer Jackson, in mormoanske rivaal fan him om 'e oandacht fan Prudence Perkins, mei-inoar slaande deilis reitsje en troch âlderling Wiggs útinoar helle wurde moatte. En Travis moat Denver beskrobje foar it fergriemen fan krap drinkwetter as se harsels dêrmei wasket. Mar Prudence jout Denver, dy't njonken de kapwein fan 'e medicine show op hege hakken meipoatelet, in ekstra pear skuon fan harres, dy't better geskikt binne om lange einen op te rinnen.

Krekt foar't it drinkwetter hielendal oprekket, berikt de karafaan in rivier. Dat jout oanlieding ta in feestlike stimming ûnder de reizgers, en dy jûns wurde yn it kamp in trijetal loshelle bûkberjes fan 'e kapweinen njonkeninoar op 'e grûn lein om ta dûnsflier te tsjinjen, en wurdt der dûnse op 'e muzyk fan 'e fidel en de tromme. Midden ûnder alle wille arrivearje fiif swierbewapene mannen yn it kamp, dy't troch Travis en Sandy daliks werkend wurde as Shiloh Clegg en syn binde. Dyselden binne al wikenlang op 'e flecht foar de plysje, en se binne toarstich en úthongere. De stimming slacht om nei in faaie sfear, mei't fan 'e Cleggs in suver fielbere driging fan geweld útgiet, dêr't it bearde fatsoen fan Shiloh mar in tin laachje fernis oerhinne leit. De âldman sit driuwend ferlegen om immen dy't de ûntstutsen rekke skotwûne yn syn skouder fersoargje kin, en Locksley Hall, fan wa't op 'e sydkant fan syn kapwein yn koweletters beweard wurdt dat er in "dokter" is, wurdt twongen om oer de wûne gear.

Neitiid ûntstiet der in ûnnoflike ympasse. De Cleggs slute har by de karafaan oan, want in better skûlplak kinne se har net yntinke: wa soe no ea banditen middenmank in kloft mormoanen ferwachtsje? De mormoanen, dy't pasifisten binne en dêrom gjin wapens hawwe, kinne neat dwaan om dat tsjin te kearen. Shiloh hat wol foar it ferstân dat er, alteast op 'e koarte termyn, ferlet hat fan 'e gearwurking fan 'e mormoanen, mar hy hat der klauwen oan om it hâlden en dragen fan syn jonges binnen de stringen te hâlden no't se kreas froufolk en de suver ûnútputlike foarrie alkohol fan Locksley Hall om har hinne hawwe.

In stikmannich dagen geane foarby, oant Travis, dy't foarútriden is om it terrein te ferkennen, op in groep fijannige Navaho-krigers stjit. Efterfolge troch dyselden riidt er werom nei de karafaan as sit de duvel him op 'e hakken. As de Navaho foar it ferstân krije dat it om in groep mormoanen giet, litte se har fijannigens lykwols farre, want, sa fertelt de haadman oan Sandy, dy't it Navaho machtich is: mormoanen binne mar lytse dieven yn ferliking ta oare blanken, dy't grutte dieven binne. De Navaho nûgje de mormoanen út yn harren kamp om diel te nimmen oan in seremoniële dûns wêrby't de froulju de manlju freegje ynstee fan oarsom. Dat is wol eefkes omstean learen foar de patriargale mormoanen, mar alles giet goed oant in Navaho-squaw yn teskuorde klean ien fan 'e Clegg-jonges derfan beskuldiget dat er har ferkrêfte hat. Alderling Wiggs lit de dieder boppe de mul fan 'e klean ûntdwaan, wêrnei't er oan it tsjil fan in kapwein fêstbûn wurdt en in wan bruien mei in mulrym kriget fan broer Jackson. Wannear't Shiloh Clegg yngripe wol, seit Wiggs dat er de jongkeardel fansels ek oan 'e Yndianen oerdrage kin om troch harren bestraft te wurden. Shiloh beslút dêrop om yn te binen, al is er ynwindich poer en sint er op wraak tsjin 'e mormoanen.

In pear dagen letter wurdt it punt berikt dêr't it paad nei Kalifornje him ôfspjaltet fan it paad nei de San Juan-delling. Locksley Hall en Fleuretty Phyffe nimme ôfskie fan Wiggs en de oare mormoanen en sette mei har medicine show op eigen manneboet ôf yn 'e rjochting fan Kalifornje. Travis fandelet al syn moed gear en docht Denver in houliksoansiik, mar dêrmei komt er har sa oer it mad dat er har ôfskrikt en fuortjaget. Se set ôf mei har selskipslju en Travis hie har nei alle gedachten nea wer sjoen as Shiloh Clegg net om folslein selssuchtige redens yngrypt hie. In ein it paad nei Kalifornje del wurdt de medicine show ynhelle troch ien fan 'e Cleggs, dy't Locksley Hall en de oaren ûnder bedriging mei in gewear twingt en kear om. "Omke" Shiloh wol nammentlik dat de hiele karafaan foarearst byinoar bliuwt, sadat der gjin geroften ferspraat wurde kinne oer it skûlplak fan 'e Cleggs.

Werom by de karafaan docht bliken dat dêr alle mormoanen plus Travis en Sandy ûnder skot holden wurde troch Shiloh en de oare Clegg-jonges. De beide gidsen binne ûntwapene en de mormoanen hiene dochs al gjin fjoerwapens by har. Of alteast dat mient Shiloh, dy't gjin wit hat fan 'e revolver dy't it lytse bruorke fan Prudence Perkins fan syn pake krigen hat dy't gjin mormoan wie. Prudence ferstoppet it wapen ûnder har rokken en jout it letter troch oan Sandy. Dyselde stiet der hieltyd by Travis op oan om tsjin 'e binde fanwegen te kommen, mar Travis is dêr net sa happich op. Hy is gjin leffert, mar hy wol syn libben ek net fuortsmite as der gjin kâns op in oerwinning bestiet. Boppedat, as Sandy en hy omkamen, soe it grutte kâns hawwe dat de mormoanen paadbjuster rekken en yn 'e woastyn deareitsje soene. Dat, de reis giet fierder krekt as tefoarren, mei it ferskil dat no Shiloh Clegg de tsjinst útmakket.

Wannear't de karafaan de marshal fan Crystal City tsjinkomt, dy't oan it haad fan in posse op 'e siik is nei de Cleggs, ferdielt Shiloh syn mannen oer fiif ferskillende kapweinen, dêr't se harren revolvers tsjin 'e rêgen fan 'e fuorlju oan hâlde. Sels docht er dat by âlderling Wiggs. As de marshal Wiggs freget oft er de Cleggs ek sjoen hat, moat de âlderling him yn alderhanne bochten wringe om 'e oanwêzigens fan 'e banditen geheim te hâlden en tagelyk it ferbod op ligen net te brekken. Uteinlik komt Sandy him te help. De marshal hat ien fan 'e hynders fan Travis en Sandy kocht, en dat bist wurdt alhiel gek as immen op 'e fingers fluitet. Dat is krekt wat Sandy docht, mei as gefolch dat de marshal troch syn hynder ôfbokt wurdt. Ear't er fierder riidt, hjit de marshal âlderling Wiggs om goed op te passen, want der reizget nuver ûnrant mei syn karafaan mei (doelend op Sandy). "Dat is de wierheid, by God!" seit Wiggs, doelend op 'e Cleggs.