De Mississippy-alligator (wittenskiplike namme: Alligator mississippiensis), soms ek wol oantsjut as de Amerikaanske alligator, is in reptyl út it skift fan 'e krokkedileftigen (Crocodilia), de famylje fan 'e alligators en kaaimannen (Alligatoridae), de ûnderfamylje fan 'e alligators (Alligatorinae) en it skaai fan 'e echte alligators (Alligator). Dit bist komt foar yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten en it noardeasten fan Meksiko. It is in grutte krokkedileftige, dy't tahâldt yn tropyske en subtropyske wetlands mei swiet of brak wetter. Yn sâlt wetter kin er lykwols net oerlibje. De Mississippy-alligator kin folle better oer kjeld as oare krokkedileftigen en is de noardlikst libjende fan alle krokkedileftigen. It is in hyperkarnivoar, dy't frijwol eltse proai ferslynt dy't er te pakken krije kin. Nettsjinsteande dat hat resint ûndersyk oan it ljocht brocht dat er ek fruchten fret. Hoewol't Mississippy-alligators minder agressyf foar minsken oer binne as beskate oare grutte krokkedileftigen, komme fatale oanfallen dochs út en troch foar. De IUCN klassifisearret de Mississippy-alligator as net bedrige.
Taksonomy en evolúsje Taksonomy De Mississippy-alligator waard yn 1801 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch François Marie Daudin. Dyselde joech it bist de wittenskiplike namme Crocodylus mississippiensis, letterlik: "Mississippykrokkedil", wêrmei't er him yndielde by de famylje fan 'e krokkedillen (Crocodylidae). In oare Frânske soölooch, Georges Cuvier, yntrodusearre yn 1807 foar de Mississippy-alligator it skaai fan 'e echte alligators (Alligator). De namme fan dat skaai basearre er op 'e Ingelske namme foar it bist, alligator, dy't úteinlik etymologysk sjoen werom giet op 'e Spaanske term el lagarto, dat "de hagedis" betsjut.
Evolúsje Fossilen dy't yn Floarida opdobbe binne, toane net inkeld oan dat de Mississippy-alligator al 7–8 miljoen jier bestiet, sûnt it Let-Mioseen, mar ek dat er al sa lang yn itselde ferspriedingsgebiet foarkomt. Der binne teminsten njoggen oare, no útstoarne soarten echte alligators bekend fan fossilen. De neiste libbene sibbe fan 'e Mississippy-alligator is de folle lytsere Sineeske alligator (Alligator sinensis), in krityk bedrige soarte dy't foarkomt yn it streamgebiet fan 'e rivier de Jangtsekiang, oan 'e kust fan sintraal Sina.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e Mississippy-alligator wreidet him yn it foarste plak út oer it súdeastlike diel fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Mei't dit bist sterk ôfhinklik is fan 'e oanwêzigens fan oerflaktewetters, folget de fersprieding by de kust wei de streamgebieten fan rivieren it binnenlân yn. Ta it areaal hearre de hiele Amerikaanske steaten Floarida en Louisiana, it easten en súdeasten fan Noard-Karolina, de súdeastlike helte fan Súd-Karolina, de súdlike helte fan Georgia en Alabama, hast hiel Mississippy (útsein de noardeastlike hoeke), it uterste súdwesten fan Tennessee, de súdlike helte fan Arkansas en de it súdeasten fan Oklahoma.
De fersprieding fan 'e Mississippy-alligator berikt syn westlikste punt yn 'e Amerikaanske steat Teksas en it oangrinzgjende diel fan noardeastlik Meksiko. Yn Teksas is de fersprieding beheind ta it easten en suden fan 'e steat en de streamgebieten fan rivieren as de Trinity, de Brazos en de Colorado. Op 'e grins mei Meksiko komt de Mississippy-alligator foar yn 'e ûnderrin fan 'e Rio Grande en inkele sydstreamen fan dy grinsrivier. It swiertepunt fan 'e fersprieding wurdt lykwols foarme troch twa grutte moerasgebieten: de Everglades oan 'e súdpunt fan it Floaridaskiereilân en de Mississippydelta yn súdlik Louisiana.
Yn it ferline wie de Mississippy-alligator in bedrige soarte, dy't troch oerbejaging yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw op it rântsje fan it útstjerren brocht waard. In diel fan 'e plakken dêr't er no wer foarkomt, bestiet út relatyf resinte yntroduksjes, sawol troch minsklik yngripen as troch natuerlike útwreiding. Sa is it wer foarkommen fan dit bist yn Tennessee folslein op eigen krêft bard. De noardlike ôffreding fan it areaal, dy't no oan 'e Atlantyske kust fan Noard-Karolina leit, likernôch healwei de noard- en súdgrins fan dy steat, sil nei ferwachting yn 'e kommende desennia stadichoan by de kust lâns opskowe nei it noarden ta, mei't de Mississippy-alligator fan oarsprong oant yn Firginia foarkaam. No al dwale guon ienlingen út Noard-Karolina út en troch ôf nei de Grutte Nearzige Sompe yn sintraal Firginia.
Yn 2021 waard in alligator oantroffen yn Calvert County, yn 'e Amerikaanske steat Marylân (dy't benoarden Firginia leit), deinby de Chesapeakebaai. It bist waard dêr deasketten troch in jager mei in krúsbôge. Der besteane ferskate oare waarnimmings fan Mississippy-alligators yn Marylân, mar it tinken is dat it dêrby net giet om in útwreiding fan it natuerlike ferspriedingsgebiet fan dizze soarte, mar om eksoatyske húsdieren dy't ûntsnapt of frijlitten binne.
Uterlike skaaimerken De Mississippy-alligator is in grutte soarte krokkedileftige. Binnen de famylje fan 'e alligators en kaaimannen (Alligatoridae) is it de grutste soarte, útsein miskien foar wat de grutste eksimplaren fan 'e swarte kaaiman (Melanosuchus niger) oangiet. De totale lichemslingte bedraacht by mantsjes trochinoar 3.40 m, mei in gewicht fan maksimaal 360 kg. Der bestiet yn dizze soarte gâns seksuele dimorfy wat lingte en gewicht oangiet, hoewol lang net safolle as by guon gewoane krokkedillen (Crocodylus spp.) foarkomt. Wyfkes binne nammentlik in stik lytser en lichter, mei trochinoar in lingte fan 2.60 m en in gewicht fan maksimaal 91 kg.
Histoarysk binne der ferslaggen fan folle gruttere eksimplaren. It aldergrutste wie in mantsje dat yn 1890 troch in Edward McIlhenny sketten waard op Marsh Island yn Louisiana. Dat bist soe 5.84 m metten hawwe, mar it waard efterlitten dêr't it deamakke wie om't it te grut en swier wie om te ferpleatsen. As de lingte op wierheid berêst, soe dat bist nei alle gedachten likernôch in ton weage hawwe moatten. It grutste eksimplaar yn Floarida wie in mantsje dat yn it Nasjonaal Park De Everglades sketten waard en dat in lingte fan 5.31 m hân hawwe soe. Mar ek dat is in ferslach dat net troch fysyk bewiismateriaal ûnderstipe wurdt. De grutste alligator wêrby't dat wol it gefal is, wie in eksimplaar út Alabama mei in lingte fan 4.50 m en in gewicht fan 458,8 kg dat yn 2014 ta it wrâldrekôr útroppen waard.
Der bestiet in idee, dat sawol fêst ferankere is yn 'e folkloare as yn 'e âldere herpetologyske literatuer, dat krokkedileftigen, de Mississippy-alligator ynbegrepen, ûnbeheinde groei hawwe. Dat wol sizze dat se trochgeane mei groeien oant se stjerre, ek al wurde se noch sa âld. Dy bewearing is lykwols fierhinne basearre op oannames en op waarnimmings fan jonge en healwoeksen eksimplaren. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw begjinne yngeande wittenskiplike ûndersiken it idee fan ûnbeheinde groei tsjin te sprekken. In langjierrich ûndersyk dat fan 1979 oant 2015 útfierd waard troch it Tom Yawkey Wildlife Center yn Súd-Karolina, bygelyks, stelde fêst dat de groei by manlike Mississippy-alligators ophâldt as se 43 jier binne en by wyfkes as se 31 jier binne.
De Mississippy-alligator hat in silinderfoarmich lichem dat fan boppen en ûnderen wat ôfplatte is. De poaten binne, yn ferhâlding ta de lichemsgrutte, koart en stekke fansiden út ynstee dat se ûnder it lichem pleatst binne, lykas by sûchdieren it gefal is. De lichemsfoarm ferskilt fan lang en rank oant koart en grou, mooglik troch fariaasjes oangeande dieet en klimaat. De sturt is lang, hast like lang as it lichem, en sleept by de fuortbeweging op lân oer de grûn, mar tsjinnet by it swimmen as oandriuwing. Hy kin ek as wapen brûkt wurde troch dermei te slaan. De foarpoaten hawwe fiif teannen dy't net ûnderling ferbûn binne, wylst de efterpoaten fjouwer teannen hawwe mei swimfluezzen dertuskenyn.
Oars as echte krokkedileftigen hat de Mississippy-alligator in ôfplatte, rûne snút ynstee fan in smelleren- en kantigenien. Krekt as de brilkaaiman (Caiman crocodilus) hat de Mississippy-alligator in bientige noasrâne oan 'e útein fan 'e snút, mar dy is by dit bist minder prominint. Yn harren kaken beskikke Mississippy-alligators oer 74–80 ûnderskate skerppuntige tosken. By jongere eksimplaren binne dy lyts en nulle-eftich, neigeraden dat in yndividu folwoeksen wurdt, feroaret de foarm fan 'e tosken en wurde se breder en grutter. Dy morfologyske ûntjouwing fan 'e tosken falt gear mei in ferskowing dy't sa tydlingswei yn it dieet fan 'e bisten plakfynt, fan lytseftige fisken en ynsekten as se noch jong binne, nei gruttere proaien lykas skyldpodden, fûgels en sûchdieren as se folwoeksenens berikke. As de bek sletten is, passe de tosken fan 'e boppekaak persiis yn útsparrings yn 'e râne fan 'e ûnderkaak. De tosken yn 'e ûnderkaak wurde hielendal bedutsen troch de boppekaak om't se justjes mear nei binnen ta pleatst binne.
De spieren dêr't de kaken mei sletten wurde, binne tige sterk. By in ûndersyk yn 2004 waard fêststeld dat de byt fan in Mississippy-alligator in krêft fan wol 13.172 N hawwe kin. Fan alle krokkedileftigen waard allinnich by de seekrokkedil (Crocodylus porosus) in gruttere bytkrêft fêststeld fan oant 16.414 N. Nettsjinsteande de krêft fan 'e spieren dy't de kake slute, binne de spieren dy't de kaken iepenje by de Mississippy-alligator (en oare krokkedileftigen) krekt tige swak, sadat in minske se mei de hannen tichthâlde kin of, feiliger, troch der wat tape omhinne te wuoljen.
De hûd fan 'e Mississippy-alligator bestiet, lykas by alle krokkedileftigen, út keale, leareftige skobben, dy't fuortsterke binne troch opsteande biennene plaatsjes dy't osteodermen neamd wurde. Op 'e boppeste lichemsdielen (snút, kop, nekke, rêch, siden, poaten en de boppe- en sydkanten fan 'e sturt) hawwe de skobben in kleur dy't útinoar rinne kin fan oliif fia brún en/of griis oant swart. Trochinoar nommen is de Mississippy-alligator ien fan 'e dûnkerst kleure krokkedileftigen. De ûnderste lichemsdielen (kiel, boarst, bealch en de ûnderkant fan 'e sturt) binne dêrfoaroer folle ljochter kleure, suver krêmkleurich. Soms kin it foarkomme dat in yndividu in genetyske ôfwiking hat dy't derfoar soarget dat er gjin melanine oanmeitsje kin, sadat it in albino wurdt, dy't frijwol hielendal krêmkleurich of witich is. Sokke bisten binne tige seldsum, mei't se yn it wyld net oerlibje kinne troch kwetsberens foar sawol de sinne as oare rôfdieren. Se berikke dêrom inkeld yn finzenskip folwoeksenens.
Biotoop Mississippy-alligators binne bewenners fan moerassen, rivieren, beken, puollen, marren en troch de minske oanleine lânskipseleminten lykas kanalen, fearten en de fivers dy't as hindernissen tafoege wurde oan golfbanen. Ek komme se foar yn wetlandprêrjes wannear't dat lânskip foldwaande oerflaktewetters hat. It wetter dêr't se yn libje kin helder of troebel wêze. Hoewol't se dúdlik de foarkar jouwe oan swiet wetter, doarmje se soms ôf nei brak wetter. Oars as de skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus), wêrfan't it ferspriedingsgebiet dat fan 'e Mississippy-alligator yn súdlik Floarida oerlapet, kin de Mississippy-alligator net oer sâlt wetter en bejout er him frijwol nea yn see.