John Wick: Chapter 4 of koartwei John Wick 4 is in Amerikaanske neo-noir-aksjefilm út 2023 ûnder rezjy fan Chad Stahelski, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Donnie Yen. De titel betsjut "John Wick: Haadstik 4". De film is it fjirde diel út 'e John Wick-filmsearje, en folget as sadanich op John Wick: Chapter 3 – Parabellum út 2019. It ferhaal folget de deawaande hiermoardner John Wick, dy't syn fijannen ferrast mei it feit dat er noch libbet. Hy giet fierder mei syn syktocht nei wraak op 'e 'Hege Tafel', in ynternasjonaal komitee dat oan it haad stiet fan 'e wrâldwide organisearre misdie. John Wick: Chapter 4 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses.
Plot (De film begjint op it punt dêr't John Wick: Chapter 3 – Parabellum einige.)
Yn New York betteret de deawaande hiermoardner John Wick op nei't er delsketten is troch syn freon Winston Scott, de hotelmanager fan it New York Continental (dat in front foar de ûnderwrâld is). Hy nimt Winson neat nei, dy't die wat er dwaan moast om sels te oerlibjen. Dêrta moast er nei it pipen dûnsje fan 'e Hege Tafel, it ynternasjonale komitee dat wrâldwiid sizzenskip hat oer de organisearre misdie. Wick sit ûnderdûkt op 'e noed fan 'e saneamde 'kening fan 'e Bowery', dy't syn eigen griven tsjin 'e Hege Tafel hat (sjoch: John Wick: Chapter 3 – Parabellum). Wannear't Wick genôch oansterke is, fasilitearret de kening fan 'e Bowery syn ôfreis nei Marokko, dêr't Wick djip yn 'e woastyn de Aldste deadet, dejinge dy't "boppe de Tafel" stiet. Yn reäksje dêrop stelt de Hege Tafel de jonge Frânske ealman Vincent Bisset markys de Gramont oan om regaad te meitsjen. Hy kriget dêrby de frije hân.
Gramont reizget nei New York en ûntbiedt Winston by him. Dy syn freon Charon, de konsjerzje fan it New York Continental, giet mei him, hoewol't Winston him dat ûntriedt. Gramont beskrobbet Winston foar syn falen om Wick te deadzjen. Mei't er fermoedet dat de freonskip tusken Winston en Wick by dat falen in rol spile hat, ûntnimt er Winston syn posysje as hotelmanager en lit er it Hotel Continental opblaze. Winston wurdt ekskommunisearre fan 'e ûnderwrâld, mar ynstee fan Winston te fermoardzjen, sjit Gramont as ekstra straf ynstee Charon dea. Neitiid ûntbiedt Gramont Caine, in oare âlde freon fan Wick, in bline hiermoardner dy't net mear wurket en in tebeklutsen libben liedt. Gramont bedriget Mia, de dochter fan Caine mei de dea, en wit Caine op dy manear safier te krijen dat er de opdracht oannimt om John Wick út 'e wei te romjen.
Underwilens is Wick tydlik ûnderdûkt yn it Osaka Continental yn it Japanske Osaka, dêr't in oare âlde freon fan sines, Koji Shimazu, de manager is. Caine ken Wick lykwols goed en kin útriddenearje wêr't er him ophâlde moat. Mei in grutte kloft mannen fan Gramont, oanfierd troch dy syn trewant Chidi, en dêrtopta in kommando-ienheid fan 'e Hege Tafel, arrivearret Caine yn it Osaka Continental om it hotel te trochsykjen. Shimazu wegeret lykwols syn meiwurking, ta konsternaasje fan syn dochter Akira, dy't syn konsjerzje is. In gefjocht brekt út, wêrby't it meastepart fan 'e mannen fan Gramont en de Hege Tafel omkomme, mar itselde jildt foar Shimazu syn mannen. Wick deadet gâns fijannen en rekket úteinlings yn in gefjocht ferwikkele mei Caine, mar wit dyselde ôf te skodzjen. Bûtendoar wurdt er op in hier nei deade troch inkele kommando's fan 'e Hege Tafel, mar syn libben wurdt rêden troch in preemjejager mei in Dútske hardershûn dy't himsels "Nimmen" ("Nobody") neamt. Dyselde jout oan dat er fan doel is om Wick sels te deadzjen wannear't de priis op syn holle dêr heech genôch foar is. Shimazu rekket slaande deilis mei Caine en twingt de bline hiermoardner om him te deadzjen. Inkeld Wick en in ferwûne Akira witte út it Osaka Continental te ûntkommen.
Wick keart werom nei New York, dêr't de kening fan 'e Bowery op fersyk fan Winston in moeting tusken harren beävensearret by it grêf fan Charon. Winston wol fan Wick witte wat no eins syn eindoel is. Wick antwurdet dat er alle leden fan 'e Hege Tafel fermoardzje wol, sadat er frij fan harren wêze sil. Dêrop wiist Winston derop dat der dan gewoan oare leden foar de fermoarde lju yn 't plak oansteld wurde sille. De Hege Tafel is foar Wick net te ferslaan. Ynstee fertelt Winston, dy't sûnt de moard op Charon wrokket tsjin Gramont, Wick oer de markys. Hy wiist op 'e mooglikheid om in lid fan 'e Hege Tafel út te daagjen ta in duël. Dêrfoar moat er wol troch in oar lid fan 'e Hege Tafel oanwiisd wêze as foarfjochter. Winston suggerearret dat Wick him fermoedsoenet mei syn eigen misdiesyndikaat, de Ruska Roma, sadat er dêrfan de foarfjochter wurde kin. As Wick op dy manear Gramont yn in formeel duël ferslacht, kin er dêrmei syn frijheid winne.
Mei't er de goerie fan Winston oannimt, reizget Wick nei Berlyn, dêr't de Ruska Roma harren haadkertier fêstige hawwe. Hy besiket Pjotr, de lieder fan it misdiesyndikaat, te wurd te krijen, mar syn oannommen suster Katja fertelt him dat Pjotr nei de moard op 'e Aldste by wize fan ferjilding tsjin 'e famylje fan Wick fermoarde is yn opdracht fan Gramont. Wannear't er Katja it plan foarleit dat Winston betocht hat, stelt sy as betingst foar it wer opnimmen fan Wick yn 'e Ruska Roma dat er de moardner fan Pjotr om hals bringe sil. Dat is in man dy't Killa Harkan hjit en eigner is fan 'e nachtklub Himmel und Hölle. Wick wurdt dêr yntrodusearre troch Katja har swijsume trewant Klaus. It docht bliken dat Caine en Nimmen him nei Berlyn ta folge binne en ek yn Himmel und Hölle arrivearre binne. De obese Harkan besiket harren alle trije te deadzjen, wat harren twingt om gear te wurkjen. Trijeresom rûgje se de trewanten fan Harkan út, wêrnei't Wick yn in lang gejocht de taaie Harkan sels deamakket. Neitiid wurdt Wick, lykas him ûnthjitten wie, wer oannommen as lid fan 'e Ruska Roma.
It is Winston dy't Gramont opsiket om him de útdaging ta it duël te bringen. Hy manipulearret de markys, dy't earst ûnwillich liket om 'e útdaging oan te nimmen, om dat dochs te dwaan. As ûnderdiel fan 'e ôfspraken betinget er dat John Wick by it winnen fan it duël foar de rest fan syn libben folslein frij wêze sil fan 'e Hege Tafel. Foar himsels as Wick syn sekondant betinget Winston dat it New York Continental werboud wurde sil op kosten fan 'e Hege Tafel en dat hy wer manager wurde sil. Gramont giet dêrmei akkoart. Mar nei't de oerienkomst al sletten is, wiist er op in punt dat Winston ûntkommen is: as Wick it duël ferliest, wurdt syn sekondant (d.w.s. Winston) ek eksekutearre.
Der wurdt in moeting organisearre tusken Wick en Gramont yn Parys, mei de Boadskipper fan 'e Hege Tafel as midsman en arbiter. Dêrby wurde de bysûnderheden fan it duël ôfsprutsen. Der sil fochten wurde mei duëllearpistoalen by sinne-opgong by de Sacré-Cœur. Gramont makket gebrûk fan in mêsk yn 'e regels om persoanlike dielname oan it duël te ûntrinnen en ynstee in plakferfanger oan te wizen: Caine. De Boadskipper warskôget Wick en Winston dat se beide eksekutearre wurde sille as Wick te let op it plak fan it duël oanwêzich is. Nei't de oaren ôfset binne, moat Gramont Caine op 'e nij mei de dea fan syn dochter bedriigje om him safier te krijen en stim yn mei de plakferfanging. Caine betinget dat hy en syn dochter nei ôfrin fan it duël foar de rest fan harren libben frij wêze sille fan 'e Hege Tafel.
De kening fan 'e Bowery arrivearret yn Parys om Wick ta te rissen mei in op maat makke kûgelfrij pak en in pistoal mei ûngewoane bysûnderheden. Noch hy, noch Wick of Winston meitsje har der yllúzjes oer dat Gramont besykje sil om foar te kommen dat Wick op 'e tiid de Sacré-Cœur berikke kin. De kening fan 'e Bowery jout Wick in foarsprong troch him mei in boat oer it wetter safier mooglik dy kant út te bringen. Fan it punt ôf dêr't Wick oan lân giet, moat er him sels rêde. Fan 'e Arc de Triomphe ôf klearret er him in paad troch in see fan lju dy't him besykje te fermoardzjen foar de priis dy't troch Gramont op syn holle set is. Yn 't earstoan bedraacht dy $25 miljoen, mar neigeraden dat Wick de Sacré-Cœur hieltyd deuner benei komt, docht Gramont de priis omheech oant dy úteinlik $40 miljoen bedraacht.
Guon fan 'e mannen dy't efter Wick oan sitte, wurde delsketten troch Nimmen, dy't foarkomme wol dat Wick om hals brocht wurdt ear't de priis him heech genôch is. Wannear't de priis $35 miljoen bedraacht, giet Nimmen sels ek efter Wick oan, mar as Wick op in stuit kieze moat tusken it delsjitten fan Nimmen en it delsjitten fan Chidi, dy't risselwearret om 'e hûn fan Nimmen ôf te meitsjen, kiest Wick derfoar om 'e hûn te rêden en jout er Nimmen dêrmei in kâns om him te deadzjen. Dêrop beslút Nimmen lykwols om Wick rinne te litten. Op 't lêst moat Wick him yn 'e Rue Foyatier by in treppen fan 222 triemmen op fjochtsje, en as er sa goed as boppe is, wurdt er troch de mar licht ferwûne rekke Chidi delslein, sadat er by de treppen delkneppelet oant er wer hielendal ûnderoan is. Op dat stuit komt Caine opdaagjen, dy't der fanwegen syn eigen oerienkomst mei Gramont baat by hat dat it duël útfochten wurdt. Mei help fan Caine en Nimmen fjochtet Wick him jitris in wei nei de top fan 'e treppen. By de fjochtpartij rekket Chidi ûnder fuotten en wurdt yn it krús biten wurdt troch Nimmens hûn, wêrnei't er deasketten wurdt troch Nimmen.
Mei noch mar inkele sekonden oer ear't de sinne opkomt, arrivearret Wick by de Sacré-Cœur. It duël wurdt holden, wêrby't Wick en Caine mei de rêgen nei inoar ta stean geane en elts tritich passen foarút rinne. Dêrnei draaie se har om en op it befel ("Fjoer!") fan 'e Boadskipper besjitte se inoar mei antike duëllearpistoalen (dêr't mar ien kûgel yn kin). Op twaris tritich passen ôfstân bringe se inoar inkeld skampskotten ta. Dêrop krije se opdracht om tsien passen nei inoar ta te rinnen. Op twaris tweintich passen ôfstân reitsje se inoar wol, mar net fataal. Dan moatte se nochris tsien passen foarút rinne. Op twaris tsien passen ôfstân rekket Caine Wick yn 'e búk. Wick komt te fallen, en Gramont fearret op en easket it rjocht op om it fan syn plakferfanger Caine oer te nimmen en Wick it genedeskot ta te tsjinjen. Hy rint nei Wick ta om him fan tichteby dea te sjitten, mar dan bringt Wick syn eigen pistoal omheech en docht bliken dat hy de trêde kear de trekker net oerhelle hat. No docht er dat wol en sjit er Gramont tusken de eagen. De markys falt dea del.
De Boadskipper, dy't earder al syn argewaasje oer it hâlden en dragen fan Gramont oan 'e markys sels blike litten hie, stelt skodholjend fêst dat it duël beëinige is. Wick is frij fan al syn ferplichtings oan 'e Hege Tafel, en itselde jildt foar Caine en syn dochter. Winston kriget syn nije hotel en sil syn âlde funksje fan manager weromkrije. De Boadskipper en syn assistinten jouwe har ôf. Wick seit tsjin Caine dat er fan him (Caine) wat te goede hat, en Caine befêstiget dat dat sa is ear't er fuortgiet om syn wûnen fersoargje te litten. Wick freget oan Winston oft dy him thúsbringe wol, en Winston seit dat ta. Dêrnei strompelet Wick, dy't troch de trêde kûgel fan Caine fataal ferwûne rekke is, in eintsje by de Sacré-Cœur wei. Syn lêste tinzen besteget er oan syn ferstoarne frou Helen. Winston hâldt wurd en ferfiert it stoflik omskot fan Wick nei New York, dêr't Wick njonken Helen begroeven wurdt. Syn grêf wurdt besocht troch Winston en de kening fan 'e Bowery, dy't no foar de hûn soarget dy't Wick earder oannommen hie.
Yn in sêne dy't nei de ôftiteling folget, keart Caine yn Parys werom nei hûs om him wer by syn dochter Mia te jaan, mei wa't er jierrenlang gjin kontakt hân hat om't er har net yn gefaar bringe woe. Ear't er har berikke kin, wurdt er lykwols tsjinkeard troch in wraaksuchtige, mei in baas knyft bewapene Akira Shimazu.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise John Wick Keanu Reeves Caine Donnie Yen
byrollen