Koldenbüttel (Noardfrysk: Koolnbütel; Deensk: Koldenbyttel) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket gear mei oare gemeenten yn it amt Nordsee-Treene en telt 1.040 ynwenners (2024).
Yn it gemeentegebiet lizze ek de delsettingen Büttel, Herrnhallig, Norddeich en Süderdeich.
Skiednis Koldenbüttel giet werom op in âldere delsetting of wenplak (-büttel). Yn 'e tiid fan it Grutte Folkeferfarren waard it plak lykwols ferlitten en sa 1000 oant 1200 jier lyn op 'e nij befolke. De plaknamme betsjut dêrom ek "kâld wenplak" (yn 'e betsjutting fan 'bekuolle', 'ferlitten').
It plak wurdt yn 1352 foar it earst skriftlik yn in oarkonde neamd.
De Leonardustsjerke en de klokkestoel thumb|left|Sint-Leonardustsjerke mei klokkestoel. De Sint-Leonardustsjerke waard om 1100-1200 hinne boud troch Fryske ymmigranten út it Iemsgebiet en hja keazen foar de bou fan in tsjerke in plak dêr't in swietwetterboarne leit, itjinge seldsum is yn it klaaigebiet. Mooglik wie dat foar it kristenjen in hillige boarne. De frijsteande houten klokkestoel (Glockenstapel) yn Koldenbüttel is de âldste yn syn soarte yn hiel Sleeswyk-Holstein. It hout dêr't er mei boud is moat om it jier 1461 kappe wêze. De pastorij waard yn 1658 boud.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein