Nordstrand (Noardfrysk: di Ströön) is in plattelânsgemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Nordsee-Treene en hat 2.326 ynwenners.
Geografy Geografyske lizzing De gemeente Nordstrand leit op it skiereilân Nordstrand noardwestlik fan 'e kreishaadstêd Husum. It gemeentlike grûngebiet bestiet foar it grutste part fan it skiereilân en ek de hallig Nordstrandischmoor, dat benoarden it skiereilân yn 'e Waadsee leit.
Gemeentlike yndieling It gemeentlik gebiet bestiet út in grut tal ferskate wenplakken en buorskippen fan ferskillende types. Yn it offisjele wenplakkenregister, dat opset waard foar de folkstelling fan 1987 yn 'e Bûnsrepublyk Dútslân, waarden meiïinoar 56 fan sokke wenplakken en buorskippen registrearre.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein