Harro Harring (28 augustus 1798 – 14 maaie 1870) wie in Dútsk-Deenske revolúsjonêr en skriuwer. Faak wurdt er identifisearre as Deensk, mar krekter sein kaam er út Noard-Fryslân yn it Hartochdom Sleeswyk.

Biografy Harro Harring waard berne op 'e pleats Ibenshof as de jongste soan fan boer Harro Wilhelm Martens en syn frou Margarethe Dorothea, berne Sievers (1767–1826). Syn heit waard letter in dykgraaf. Hy stoar yn 1810, dat Harro heal wees waard. Earst wurke er by de dûane, mar gie nei Kopenhagen om him te wijen oan militêr-histoaryske skilderkeunst. Yn 1820 wenne er yn Wenen en Würzburg, en gie doe werom nei Denemark. Yn 1821 focht er yn 'e Grykske Unôfhinklikheidsoarloch tsjin de Turken. Teloarsteld troch de passiviteit fan 'e Griken yn de striid, reizge er datselde jier nei Itaalje en lei kontakten mei de Dútske keunstnerskoloanje yn Rome. Friedrich Noack: Das Deutschtum in Rom seit dem Ausgang des Mittelalters. Deutsche Verlagsanstalt, Stuttgart 1927, Band 2, s. 239 Hie wie dêr in jier en gie doe nei Wenen om him wer op keunst te rjochtsjen. :de:s:ADB:Harring, Harro Paul

Dêrnei wenne Harring yn Switserlân en yn München, en wurke yn Wenen as toanielskriuwer by it Theater an der Wien. Hy wie yn Praach en gie letter nei Warsjau (1828), om as kornet yn in Russysk lansiersrezjimint te gean.

Omreizgjend revolúsjonêr Doe't de julyrevolúsje fan 1830 yn Frankryk útbriek, gie Harring werom nei Dútslân, earst nei Braunschweig, doe nei Beieren en Saksen. Harring de demagooch waard ferballe en gie nei Straatsburch, dêr't er de krante Das constitutionale Deutschland bewurke en meidie oan it Hambach Festival (1832), mar moast wer nei Frankryk.

Harring wenne doe yn it gebiet fan Dijon–Châlons, en moete de Italjaanske aktivist en politikus Giuseppe Mazzini. Hy die mei oan 'e republikeinske oanfal op Savoie. Hy waard mear as ien kear yn Switserlân arrestearre en útset, wêrnei't hy nei Londen reizge. Yn maaie 1837 rekke er ferwûne yn in sjitpartij en wenne hy op it eilân Helgolân. Yn dy tiid in Britske koloanje dêr't de ynwenners gjin stim hiene, wiene syn revolúsjonêre opfettings net wolkom. De gûverneur fan it eilân, Henry King, joech Harring opdracht om fuort te gean en liet in oarlochsskip komme om him te heljen.

Yn septimber 1838 wie er op Jersey, yn 'e winter 1838-39 werom yn Helgolân, doe yn Bordeaux en Brugge; yn 1841 wied er yn Nederlân, en wenne letter yn Ingelân en Frankryk. Nei in perioade yn Brazylje reizge er yn augustus 1843 nei de Feriene Steaten, dêr't er as skilder en skriuwer troch de tiid kaam.

De revolúsjes fan 1848 lokten Harring werom nei Dútslân en nei it Deenske hartochdom Sleeswyk. Hy wie yn Hamburch, doe yn Rendsburg, dêr't er de krante Das Volk redigearre. Op 23 july 1848, midden yn 'e Dútsk-Deenske boargeroarloch oer it Hartochdom Sleeswyk, hold Harring in taspraak yn Bredstedt yn Noard-Fryslân, dêr't er oproep ta it stifsjen fan in Noardfryske Republyk. Oan 'e ein fan 'e taspraak luts er in swurd en sitearre it Noardfryske sprekwurd better dea as slaaf. Harring hie himsels posisjonearre as in iere fertsjintwurdiger fan it Skandinavisme, stie ticht by de Deenske Nasjonale Liberalen en wie in oertsjûge republikein. Peter Mathews: Harro Harring - Rebell der Freiheit. Europa-Verlage, Berlin 2017, s. 360Wilhelm Ladewig: Harro Harring og Skandinavismen. Dansk-Frisisk Selskab. Haderslev 1950, s. 19 Al yn 1846 formulearre er it sa: 'In ferienige, frij heitelân, fan 'e Noardkaap oant it strân fan 'e Eider. Wilhelm Ladewig: Harro Harring og Skandinavismen, Dansk-Frisisk Selskab. Haderslev 1950, s. 21 Sa kaam er al gau yn konflikt mei de Dútsk-oriïntearre Sleeswyk-Holstein-beweging, dy't anneksaasje oan Dútslân easke. Yn 1849 waard er ferballe en gie nei Christiania. Syn revolúsjonêre geskriften oer Noarwegen trunen it lân oan ta opstân tsjin syn monargyske grûnwet. Yn maaie 1850 moast er it lân út.

Lêste jierren Harring gie earst werom nei Kopenhagen, en doe wer nei Londen, dêr't er meidie oan in Europeesk "demokratysk sintraal komitee". Doe't er yn it jier 1854 nei Hamburch gie, waard er fuortendaliks arrestearre, en allinnich troch bemiddeling fan 'e Amerikaanske konsul koe er nei Amearika gean, dêr't er oant 1856 bleau; en doe gie er werom nei it Feriene Keninkryk. Fanút Jersey frege er de Deenske regearing om him mar ien plak op eigen grûn te jaan. Hy wenne ôfwikseljend yn Londen en op Jersey.

Tsjin 'e ein fan syn libben wie Harring siik en hie er lêst fan ferfolgingswaan. Theodor Storm stipe syn winsk om werom nei hûs te gean. Op 25 maaie 1870 waard er dea fûn op 'e flier fan syn sliepkeamer yn Jersey. "Suicide of Paul Harro Harring, a Danish Political Exile, at Jersey", Palmer's Index to "The Times" Newspaper, June 30, 1870, p. 107Henrik Cavling, Fra Amerika, Vol. 1 (1897), p. 142: "Den 25. Maj 1870 begik Harro Harring Selvmord i Jersey, England."

Hy hie himsels fergiftige mei fosfor, sammele fan lúsjefers.

Bibliografy Blüthen der Jugendfahrt, 1821 (2nd. ed. 1825) Dichtungen, 1821 Erzählungen, 1825 Der Psariot. Der Khan. Poetische Erzählungen, 1825 Die Mainotten. Der Corsar: Dramatische Gedichte, 1825 Der Wildschütze: Ein Trauerspiel, 1825 Der Student von Salamanca: Ein dramatisches Gedicht, 1825 Cypressenlaub, Erzählungen, 1825 Theokla. Der Armenier, 1827 Erzählungen aus den Papieren eines Reisenden, 1827 Szapary und Batthiany, Heldengedicht aus dem Ungarischen Türkenkriege, 1828 Serenaden und Phantasien eines friesischen Sängers, nebst Klängen während des Stimmens (Vorläufer des Rhonghar Jarr), 1828 Rhonghar Jarr. Fahrten eines Friesen in Dänemark, Deutschland, Ungarn, Holland, Frankreich, Griechenland, Italien und der Schweiz, 1828 Theokla. Der Armenier, Trauerspiele, 1831 Memoiren über Polen unter russischer Herrschaft. Nach zweijährigem Aufenthalt in Warschau, 1831 (also English) Die Schwarzen von Giessen, oder der Deutsche Bund, 1831 Julius von Dreyfalken, des Schwärmers Wahn und Ende, 1831 Erzählungen aus den Papieren eines Reisenden, 1831 Erinnerungen aus Warschau. Nachträge zu den Memoiren über Polen, 1831 Faust im Gewande der Zeit. Ein Schattenspiel mit Licht, 1831 Der Renegat auf Morea, Trauerspiel, 1831 Rosabianca. Das hohe Lied des Friesischen Sängers (Harro Harring) im Exil, 1831 Der Pole. Ein Character-Gemälde aus dem dritten Decenium unsers Jahrhunderts, 1831 Der Livorneser Mönch, 1831 Der Carbonaro zu Spoleto: Politisch-satyrische Novelle, 1831 Firn - Mathes, des Wildschützen Flucht. Szenen im Bayrischen Hochlande, 1831 Der Russische Unterthan, 1832 Blutstropfen. Deutsche Gedichte, 1832 Die Völker. Ein dramatisches Gedicht, 1832 Gedanken über Wahrheit, Liebe und Gerechtigkeit. Entwurf zu einer Volksvertretung und zur Bildung eines Volkes, demokratischen Grundsätzen, 1832 Splitter und Balken. Erzählungen, Lebensläufe, Reiseblumen, Gedichte und Aphorismen, nebst Briefen über Literatur, 1832 Chronique scandaleuse des Petersburger Hofes seit den Zeiten der Kaiserin Elisabeth Oder: Geheime Memoiren zur politischen und Regentengeschichte des Russischen Reichs aus der Periode von 1740 bis zum Tode des Grosfürsten Constantin. Aus dem Nachlasse eines alten Staatsmannes, 1832 Die Monarchie oder die Geschichte vom König Saul, 1832 Epistel an Lord Goderich über den Aufstand der Negersklaven auf Jamaika, mit Beziehung auf Hellas und Polen, 1833 Poland under the dominion of Russia. Printed for I. S. Szymanski, 1834 Mémoires sur la jeune Italie et sur les derniers événemens de Savoie, 1834 Worte eines Menschen. Dem Glaubigen von La Mennais gewidmet, 1834 Die Möwe. Deutsche Gedichte, 1835 Skizze aus London. Besondre Vorrede zur Autobiographie eines Verbannten, 1838 Traum des Scandinaviers, 1839 Poesie eines Scandinaven, 1843 Werke. Auswahl letzter Hand, 1844 Rede an die Nordfriesen auf dem Bredstedter Marktplatz, 1848 Dolores: A Historical Novel, 1853 Historisches Fragment über die Entstehung der Arbeiter-Vereine und ihren Verfall in communistische Speculationen, 1852 Rapport entre le magnétisme et la sphéréologie, 1856 Dolores, Ein Charaktergemälde aus Süd-Amerika, 1858–1859 Die Dynastie, 1859 Carl den XIItes Død. Historisk Afhandling, 1864

Keppelingen om utens Harro Harring-selskip

Kategory:Noardfrysk skriuwer Kategory:Noardfrysk dichter Kategory:Noardfrysk keunstskilder Kategory:Noardfrysk aktivist Kategory:Deensk revolúsjonêr Kategory:Deensk dichter Kategory:Deensk romanskriuwer Kategory:Deensk toanielskriuwer Kategory:Deensk publisist Kategory:Deensk autobiograaf Kategory:Deensk keunstskilder Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Persoan berne yn 1798 Kategory:Persoan stoarn yn 1870