Salomo Polak (Sleen, 19 desimber 1879 - Auschwitz, 5 novimber 1942) wie in Nederlânsk-Joadske ûndernimmer en politikus.

Biografy Salomo Polak wie in soan fan Simon Polak (1834-1915) en Bettje van Rhijn (1842-1929), in húshâlding mei yn totaal njoggen bern. Ien bern stor as poppe, 1 jier âld en ien bern hat de Holocaust oerlibbe. Alle oare bern, Carolina, Philip, Hartog, Harmannus, Bertha, Anna en Salomo sels, waarden fermoarde yn de kampen.

Polak wie eigener fan in manufaktueresaak yn Hoogeveen. Yn de jierren tritich rekke er maatskiplik belutsen en kaam yn kontakt mei de húsdokter Piet Kooiman, dy't dêr de politike partij Frijsinnich Demokratysk Bûn begûn wie. Tegearre mei him siet Polak foar de Onafhankelijke Democratische Kieskring fan 1935 ôf yn de Hoogeveenske gemeenteried; yn 1939 kaam J. Koning der noch by.

Syn soan Simon sneuvele op 13 maaie 1940 by de Slach om de Grebbeberch. In jier nei de Dútske besetting waarden Polak, syn frou Klara Natgra en harren oerbleaune dochter troch de Dútsers oppakt en fuortfierd. Se waarden letter op transport steld nei it konsintraasje- en ferneatigingskamp Auschwitz, dêr't sy ein 1942 fergast waarden.

Literatuer De Veenmol, J.L. Havinga, 1989-II 62/65 (oer Salomo Polak en oer dejingen dy't by him hearden)

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan omkommen yn Auschwitz Kategory:Persoan berne yn 1879 Kategory:persoan stoarn yn 1942