De Filipynske keningsprotter (Goodfellowia miranda, synonym: Basilornis mirandus) is in endemyske protterfûgel op it Filipynske eilân Mindanao.

Taksonomy De fûgel waard yn 1903 troch Ernst Hartert beskreaun en yn it monotypyske skaai Goodfellowia set, as earbetoan oan 'e Britske fûgelkundige Walter Goodfellow. Dêrnei waard de soarte foar in hiel skoft ûnder it skaai Basilornis set. Ut yn 2007 publisearre DNA-ûndersyk die bliken dat it te ferdigenjen wie om de soarte yn in eigen skaai ûnder te bringen.

Skaaimerken De Filipynske keningsprotter wurdt sa'n 33 sintimeter lang en hat in wjuklingte fan 11,5 sintimeter. It is in grutte protterfûgel mei in lange sturt. Mantsjes en wyfkes ferskille net fan inoar. In folwoeksen eksimplaar is glânzgjende swart, mei dêrtrochhinne in griene en blauwe-eftige pearse glâns. De ûnderkant fan 'e rêch en de stút binne wyt, wylst de wjukken en sturt swart oant swartbrún binne en net glânzgje. In juvenyl liket op in folwoeksen fûgel, mar de fearren glânzgje net en hawwe fealwite rânen. De snaffel is giel, de eagen donkerbrún mei oranjegiele hûd dêromhinne en de poaten binne swart oant oranjegiel. It is in tige lûdroftige fûgel en hat in maklik te ûnderskieden lûd fan de wjukken by it fleanen.

Fersprieding en habitat De soarte komt allinnich foar op 'e berch Apo, yn it Kitangladberchtme en yn 'e bergen fan 'e provinsje Misamis Oriental op it eilân Mindanao. De fûgel wurdt solitêr, yn pearkes of yn lytse groepkes waarnommen yn bosken en by boskrânen oant in hichte fan sa'n 1250 meter.

Ekology De Filipynske keningsprotter yt sawol fruit as ynsekten. Sawol yn febrewaris as july wurde nêsten boud fan blêd en tûkjes. Se brûke âlde nêsten fan spjochten yn beamholtes op in hichte fan likernôch 15 m boppe de grûn.

Status Om't de fûgel yn in beheind gebiet foarkomt (wêrby't it habitat net fuort bedrige wurdt), stiet er as gefoelich op 'e Reade List fan 'e IUCN (2026). Oannommen wurdt dat de populaasje ôfnimt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Filipynske keningsprotter Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen