De roetmiuw (Ichthyaetus hemprichii) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De fûgel wurdt ek wol de Adenmiuw of Hemprichmiuw neamd. De soarte is ferneamd nei de Dútske biolooch Wilhelm Hemprich, dy't yn 1825 stoar op in wittenskiplike ekspedysje nei Egypte en it Midden-Easten. Foarhinne waard de roetmiuw, krekt as in soad oare miuwen, yn it skaai Larus yndield.

Beskriuwing De roetmiuw hat in donker uterlik dat him ûnderskiedt fan in soad oare miuwesoarten. De fûgel is middelgrut en hat relatyf lange wjukken. Syn kleur is oer it algemien donkerbrún oant griis, mei in ljochter boarst en kop yn beskate libbensstadia. De snaffel hat in griengiele kleur mei in read útein. Juvenilen ha in fleiskleurige snaffel mei in swarte punt.

Fersprieding

De roetmiuw komt foar yn 'e omkriten fan 'e Reade See, de Golf fan Aden, de Golf fan Oman en de Perzyske Golf; syn ferspriedingsgebiet rint nei it easten ta oant Pakistan. Ek oan de eastkust fan Afrika, oant Tanzania en Mozambyk ta, is de fûgel in bekende ferskining. As dwaalgast wurdt de soarte bytiden ek waarnommen yn lannen as Yndia, Sry Lanka, de Maldiven, Jordaanje, Libanon, Palestina en Bachrein.

Ekology It dieet fan 'e roetmiuw bestiet út in kombinaasje fan rôfdiergedrach en ies. Hy yt fiskôffal, fisk dy't er sels fangt, garnalen, pas útkommen skyldpodden en de aaien of jongen fan oare seefûgels. De briedtiid falt yn 'e simmer. De fûgel briedt meastal yn lytse koloanjes op koraaleilannen foar de kust, op plakken mei rotsen, sân en hast gjin begroeiïng. De nêsten binne somtiden solitêr (lykas yn Afrika) of ferspraat tusken oare koloniale seefûgels, faak beskerme troch koraal, mangroves of lege strûken.

thumb|250px|Aai. De roetmiuw is in echte kustfûgel dy't komselden fier op see te finen is; meastentiids bliuwt er binnen 10 km fan 'e kustkoraalriffen. Hy is in bekende gast yn havens en yn 'e tijsône. Yn it binnenlân of by swietwetterplakken wurdt er lykwols selden sjoen. De fûgel is nomadysk of foar in part trekfûgel; populaasjes by de Reade See binne relatyf honkfêst.

Status en bedrigingen Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de roetmiuw de status 'net bedrige' (Least Concern). Hoewol't de populaasje nei alle gedachten in lichte delgong sjen lit, is it oantal fûgels noch altyd grut genôch en it ferspriedingsgebiet grut genôch om net yn in hegere bedrigingskategory te fallen. De wichtichste bedrigingen foar dizze soarte binne de oaljewinning by briedgebieten, lânwinning en it risiko op oaljerampen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swartkopmiuw Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf