De grutte swartkopmiuw (Ichthyaetus ichthyaetus) is in grutte miuwesoarte dy't yn koloanjes briedt by swietwettergebieten yn Aazje. De fûgel oerwinteret oan 'e kusten fan it eastlike Middellânske Seegebiet, it Arabysk Skiereilân en Yndia.

Skaaimerken thumb|left|Winterkleed. De grutte swartkopmiuw is in grutte miuw, dy't mei in lingte fan 58–65 sm en in spanwiidte fan 1,4–1,6 m hast like grut is as de grutte sjouwerman. De soarte is maklik te ûnderskieden want gjin inkelde oare miuw fan 'e selde grutte hat in foslein swarte kop. Fierders hat er in grize mantel en grize wjukken mei swart mei wite wjukpunten en in wite ûnderkant. Hy hat giele poaten en in giele snaffel mei in reade punt en in swarte bân oer de reade punt. Yn alle oare kleden hat er in donker masker efter it each dat de folwoeksen swarte kap ferriedt. Yn it winterkleed ferliest de fûgel syn folslein swarte kop. De kop is dan foaral wyt, mei in donker masker efter it each dat de posysje fan 'e eardere swarte kap ferriedt. De hals en de efterkop ha i.

thumb|left|Juvenyl. De juvenyl hat in brúngrize tekening oer de hiele rêch en wjukken. De kop is ek ljochtbrún oant griisftich en hy hat in swarte snaffel. De grutte swartkopmiuw ûntwikkelet syn fearrekleed fluch yn ferliking mei in soad oare grutte miuwen; al yn 'e earste winter kriget de fûgel in effen grize rêch. Yn dat kleed hat er ek in swarte, frij brede bân oan 'e ein fan 'e fierder wite sturt. Yn it twadde winterkleed is de boppekant fan 'e wjukken ek meast effen griis en begjint de swarte sturtbân te ferdwinen. It duorret fjouwer jier foardat er it folwoeksen fearrekleed hat. Syn lûd is in djip, skreauwich 'aargh'.

Fersprieding De soarte is in trekfûgel dy't briedt fan súdlik Ruslân oant Mongoalje. Hy oerwinteret oan 'e kust fan it eastlik Middellânske Seegebiet, op it Arabysk Skiereilân en yn Yndia. In soad jonge fûgels bliuwe simmerdeis omswalkjen yn it winterkertier. De fûgel wurdt tige selden waarnommen yn West-Europa, mei waarnimmings yn ûnder oare Belgje, Denemark, Noarwegen, Frankryk en Portegal. Yn it Feriene Keninkryk is nei in resinte kontrôle fan alle waarnimmings mar ien akseptearre gefal oerbleaun, út 1859.

Taksonomy en systematyk De grutte swartkopmiuw waard yn 1773 foar it earst taksonomysk beskreaun troch Peter Simon Pallas op basis fan in eksimplaar dat fongen wie by de Kaspyske See. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne. Nei genetysk ûndersyk is de soarte troch in soad ynternasjonale autoriteiten, lykas it IOC, yn it skaai Ichthyaetus set.

Ekology De grutte swartkopmiuw begjint begjin april by swiet wetter yn koloanjes yn wiete gebieten en op flakke eilannen te brieden. Koloanjes besteane faak út minimaal 10 pearen, wêrby't 150–300 pearen gewoan is en yn ekstreme gefallen oant 3.000 pearen. Bûten de briedtiid is er faak allinnich of yn lytse groepkes fan trije oant fjouwer fûgels te sjen, mar hy sliept faak yn gruttere groepen. It nêst wurdt fuort op 'e grûn boud en der wurde twa oant fjouwer aaien lein. It iten bestiet út fisk, kreefteftigen, ynsekten en soms ek lytse sûchdieren.

Status De grutte swartkopmiuw hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Yn Turkmenistan is de fûgel fanwegen habitatferlies útstoarn, mar op oare plakken is de populaasje stabyl of nimt dy sels yn oantal ta (2026). Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status 'net bedrige' (Least Concern).

Grutte swartkopmiuwen yn 'e flecht

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swartkopmiuw Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See