Swartkopmiuwen (Ichthyaetus) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje seefûgels (Laridae). It skaai telt seis soarten dy't foarhinne benammen ta it grutte skaai Larus rekkene waarden, mar troch genetysk ûndersyk as in selsstannich skaai erkend wurde.
De fûgels út dit skaai ûnderskiede harren fan oare miuwfûgels troch in pear morfologyske skaaimerken, wêrûnder de kleur fan 'e kop yn it briedkleed. Lykas de namme al seit, hawwe de measte soarten yn it briedkleed in opfallend swarte kop. It binne middelgrutte oant tige grutte miuwfûgels dy't foaral briede yn it binnenlân by swietwettergebieten of yn drûge biotopen yn Aazje en Súdeast-Jeropa.
De typesoarte fan it skaai is de grutte swartkopmiuw. De soarten út dit skaai hawwe faak in reade of giele snaffel en in opfallende reade eachring. Yn ferliking mei oare miuwfûgels binne se spesifiker yn harren briedgewoanten en oerwinteringsgebieten. Ek ha se minder opportunistyske ytgewoanten en binne se bygelyks net by jiskebulten te sjen.
Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status / Trend 120px grutte swartkopmiuw Ichthyaetus ichthyaetus Sintraal-Aazje net bedrigeIchthyaetus ichthyaetus op Birds of the World 120px koraalmiuw Ichthyaetus audouinii Middellânske See kwetsberIchthyaetus audouinii op Birds of the World 120px reliktmiuw Ichthyaetus relictus Sintraal-Aazje kwetsberIchthyaetus relictus op Birds of the World 120px roetmiuw Ichthyaetus hemprichii East-Afrika en Arabysk Skiereilân net bedrigeIchthyaetus hemprichii op Birds of the World 120px swartkopmiuw Ichthyaetus melanocephalus Súd- en West-Europa net bedrigeIchthyaetus melanocephalus op Birds of the World 120px wyteachmiuw Ichthyaetus leucophthalmus Reade See net bedrigeIchthyaetus leucophthalmus op Birds of the World
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel