De swellesturtmiuw (Xema sabini) is in arktyske miuw dy't tsjintwurdich as iennichste soarte yn it skaai Xema set wurdt, mar foarhinne ta it gruttere skaai Larus rekkene waard. De fûgel briedt yn it noardlikste part fan Noard-Amearika en Euraazje (fan Spitsbergen nei it easten). Winterdeis lûkt er nei gebieten yn de noardlike Stille Oseaan en de súdlike Atlantyske Oseaan foar de kust fan súdwestlik Afrika. Yn Europa wurdt de fûgel wolris waarnommen oan de kust.

Beskriuwing De fûgel hat nei ferhâlding tige grutte wjukken en in lyts lichem. Hy hat in lytse kop en in frij tinne snaffel. De fûgel is sa'n 30–36 sm lang mei in wjukspanwiidte fan 80–87 sm en maklik te werkennen oan syn opfallende trijekleurige wjuktekening. Folwoeksen fûgels hawwe in ljochtgrize rêch en wjukdekfearren, swarte bûtenste slachpinnen en wite binnenste. It boarst, de ûnderkant fan it lichem en de wjukken binne wyt. De sturt is wyt en foarke. De snaffel is swart mei in giele punt. Yn 'e briedtiid hat de fûgel in griisswarte kop en in wite nekke; winterdeis is de kop wyt mei in swartgrize nekke. Juvenilen hawwe in ferlykber patroan, mar de grize dielen binne mear brún en de sturtpunt hat in swarte bân. De kop is dêr griisbrún en de fûgel hat in griisbrún part fan 'e nekke nei ûnder oer de boarstkanten. Se krije harren folwoeksen fearrekleed nei twa jier.

Ofbylden swellesturtmiuwen

Fersprieding De fûgel briedt yn Arktyske gebieten fan Noard-Amearika en Euraazje. Yn 'e hjerst migrearret de soarte nei it suden. It grutste part fan 'e populaasje oerwinteret op 'e noardlike Stille Oseaan, mar de Grienlânske populaasje stekt de Atlantyske Oseaan oer en oerwinteret yn súdwestlik Afrika.

Systematyk De soarte waard yn 1819 troch Joseph Sabine beskreaun en doe yn it skaai Larus pleatst. William Elford Leach stelde itselde jier al foar om de fûgel yn it skaai Xema te 'setten, mar dat waard lang net folge. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de fûgel in eigen skaai foarmet, wêrby't de ivoarmieuw de nauwste sibbe liket te wêzen. De soarte wurdt as monotypysk behannele of yn fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:

Xema sabini palaearctica (Spitsbergen oant de Lena-delta) Xema sabini tschuktschorum (Tsjûkotka-skiereilân), Xema sabini woznesenskii (noardeast-Sibearje oant Alaska) Xema sabini sabini (noardlik Kanada oant Grienlân).

Ekology en briedtiid thumb|left|Nêst mei aai en pyk. De fûgel briedt yn kustgebieten by de tûndra, meastentiids yn sompige gebieten mei moas en reid by marren of leechlizzende fivers mei brak wetter. Bûten de briedtiid libje de fûgels mear op see. De briedtiid begjint ein maaie of begjin juny as der op 'e tûndra noch snie leit. Se briede yn lytse koloanjes (6–15 pearkes, bytiden ek oant 60) of soms solitêr tusken stirnzen. It nêst is in ûndjippe kûle of in nêstkom fan gers, moas, seewier en fearren, meastal tichteby it wetter. Nei de briedtiid ferlitte sawol folwoeksenen as jongen yn july of augustus de koloanje.

Yn 'e briedtiid yt de fûgel ynsekten (en harren larves), spineftigen, lytse fisken, ies en lytse fûgels en aaien fan oare fûgels lykas de stirns. Ek wurdt foardat it iis raand sied en oare plantaardige kost iten oant oar iten beskikber komt. Bûten de briedtiid bestiet it iten út wringeleazen en lytse fisken.

Status De IUCN kategorisearret de soarte as "net bedrige" (Least Concern) mei in wrâldpopulaasje fan rûchwei 340.000 folwoeksen fûgels. De lytse Europeeske populaasje liket te groeien, lykas ek yn Alaska. Oannommen wurdt dat de soarte kwetsber is foar klimaatferoaring yn it Arktysk gebiet en yn Ruslân wurdt der jage en wurde aaien sammele, mar dy bedrigingen ha gjin grutte ynfloed op de populaasje.

Namme Joseph Sabine ferneamde de fûgel nei syn broer, de Ingelske wittenskipper Sir Edward Sabine. De namme Xema liket in folslein eigen optinksel te wêzen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swellesturtmiuw Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Helena Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee