The Equalizer 3 is in Amerikaansk-Italjaansk-Australyske aksjeskriller út 2023 ûnder rezjy fan Antoine Fuqua, mei yn 'e haadrol Denzel Washington. De titel betsjut "De Gelykmakker 3". It is it trêde diel yn 'e filmsearje fan Fuqua en Washington nei The Equalizer út 2014 en The Equalizer 2 út 2018. It ferhaal folget de eardere geheim agint Robert McCall, dy't tramtearre wurdt troch syn ferline en besiket om 'e misdieden dy't er yn opdracht fan syn oerhearrigen begien hat, goed te meitsjen troch as figilante de kriminaliteit te bestriden. Nei't er op in misje swierferwûne rekke is, betteret er op yn in doarp yn súdlik Itaalje, dêr't er einlings syn plak fûn liket te hawwen. Wannear't er foar it ferstân kriget dat de ynwenners yntimidearre en ôfparse wurde troch de maffia, besiket er earst de oare kant út te sjen. Mar de maffiosi begripe net mei wa't se fan dwaan hawwe, en provosearje him oant er úteinlings op gewelddiedige wize regaad meitsje moat. The Equalizer 3 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Plot Op in ôfhandige wynmakkerij op Sisylje komme de troch yllegale aktiviteiten ryk wurden cyberkrimineel Lorenzo Vitale en syn jonge pakesizzer thús en ûntdekke dat ferskate bewekkers fan harren filla deasketten binne. Vitale lit it jonkje yn 'e auto efter en giet sels deryn, dêr't er in spoar fan liken fan syn trewanten folget nei de wynkelder. Dêr wurdt in swarte Amerikaanske man ûnder skot holden troch de lêste trije bewekkers. Vitale wit it net, mar it is Robert McCall, in earder geheim agint dy't de grouwélige dingen dy't er yn opdracht fan syn superieuren dien hat, goed besiket te meitsjen troch no as figilante de misdie te bestriden. McCall fertelt Vitale dat er himsels wat ta-eigene hat dat net fan him is, en dat hy (McCall) kommen is om it werom te nimmen. Hy jout Vitale de kâns om mei te wurkjen, mar dêr hat Vitale gjin belangstelling foar. Yn in hommelse eksploazje fan geweld deadet McCall dan de trije lêste trewanten fan Vitale, folge troch Vitale sels. Hy pakt in kaairing mei kaaien fan 'e mulrym fan 'e krimineel en giet dêrmei djipper de kelder yn.

Wannear't McCall de wynmakkerij ferlit, sjocht er de pakesizzer fan Vitale yn 'e auto sitten. Hy hjit it jonkje om dêr te bliuwen en rint nei syn eigen auto. It jonkje harket lykwols net nei him en pakt ynstee it jachtgewear op dat njonken it lyk fan ien fan 'e bewekkers leit. Dêrmei sjit er McCall yn 'e rêch. Wannear't McCall him omdraait, naait it jonkje gau-gau út. McCall is swierferwûne rekke en beseft dat er it net oerlibje sil sûnder nei it sikehûs te gean, wat er net wol om't syn fijannen him dêr fine sille. Hy nimt yn omtinken om selsmoard te dwaan en set sels de loop fan syn pistoal tsjin 'e holle oan, mar sjocht dêr úteinlings fan ôf. Hy riidt nei Messina en nimt dêr de fearboat nei it Italjaanske fêstelân. Wannear't er oeren letter by nacht yn Kampaanje in wei by de Amalfikust lâns folget, set er de auto oan 'e kant en ferliest er it bewustwêzen.

McCall wurdt fûn troch in pleatslike carabiniere (in Italjaanske plysjeman), Gio Bonucci, dy't him yn syn wenplak, it doarpke Altamonte, by de pleatslike hûsdokter bringt. De dokter, Enzo Arisio, seit dat Bonucci der goed oan dien hat dat er McCall by him brocht hat, om't er de lange rit nei it neiste sikehûs net mear oerlibbe hawwe soe. De dokter hellet de hagelkerlen út 'e rêch fan McCall en fersoarget syn wûnen. Nettsjinsteande it oerdúdlike bewiis dat soks net wier is, seit Arisio tsjin Bonucci dat McCall ferwûne rekke is troch in fal en dat Bonucci dit gefal as sadanich yn syn offisjele rapporten werjaan moat. De ynfloed fan 'e dokter is sa grut dat de carabiniere dermei ynstimd om it by dat ferhaal te hâlden. Wannear't McCall de oare deis wer by besleur komt, is ien fan 'e earste fragen dy't dokter Arisio him stelt oft er in goedenien of in ferkeardenien is. McCall antwurdet dat er dat net wit. Dat is foar Arisio de befêstiging dat er mei in goede man fan dwaan hat, om't in ferkeardenien altyd antwurde hawwe soe dat er in goede man is.

It duorret wiken ear't McCall wer opbettere is. Hy bringt trije dagen op bêd troch, mar dêrnei begjint er om te rinnen, wêrby't er himsels ûnderstipet mei de gongelstôk fan 'e dokter syn heit silger. Earst beheint er syn bewegings ta it hûs en de tún, mar al rillegau set er it doarp yn. Altamonte leit oan 'e kust en is boud op in stikmannich rotsige heuvels. Der binne sadwaande likefolle treppen as smelle, faak steil oprinnende of deldragende strjitsjes. Dat makket dat de kuiertochten McCall yn 't earstoan swier falle, mar stadichoan wint er syn krêft werom en nimt de pine fan syn genêzende wûnen ôf. Yn dy tiid komt er yn 'e kunde mei de doarpsbewenners, ûnder wa dokter Arisio, carabiniere Bonucci, dy syn jonge dochterke Gabriella, de fiskboer Angelo en de kafeehâldster Aminah. McCall begjint om it doarp en syn ynwenners te jaan.

Mei in net-trasearbere mobile tillefoan skillet McCall anonym Emma Collins op, in spesjaal aginte by de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA, om har in tip te jaan oer de wynmakkerij fan Vitale. Wannear't Collins, har baas Frank Conroy en in team fan 'e CIA yn gearwurking mei de carabinieri in hûssiking útfiere, ûntdekke se it bloedbad dat McCall dêr oanrjochte hat. Yn in ôfsletten klûs yn 'e wynkelder ûntdekke se foar miljoenen euro's oan kontant jild, mar ek in ûnbidige hoemannichte fenetyllinetabletten, in tige gefaarlike en ferslaavjende drug dy't produsearre wurdt troch de islamistyske terroristen fan 'e saneamde Islamityske Steat yn noardeastlik Syrje. De CIA kriget foar it ferstân dat der in konneksje bestiet tusken IS en de Italjaanske maffia dy't oant no ta folslein ûnder de radar bleaun wie.

Collins folget it spoar fan McCall fan 'e wynmakkerij fan Vitale nei de fearboat yn Messina, dêr't se syn hierauto identisearret oan 'e hân fan bylden fan befeiligingskamera's yn 'e fearboatterminal. Dêrnei is it in kâld keunstke om 'e lokaasje fan 'e GPS-stjoerder yn syn auto út te finen yn Altamonte. Se reizget dêrhinne en besiket McCall temûk te observearjen, mar hy hat har fuortendaliks troch. Tsjin dy tiid is McCall al identifisearre oan 'e hân fan 'e fingerôfdrukken dy't er yn 'e filla fan Vitale efterlitten hat en wurdt er net mear sjoen as in potinsjele krimineel. Collins freget him hoe't er oan har tillefoannûmer komt en hy antwurdet dat er dat út in lyts swart boekje hat. Hy wiist har derop dat de drugs út Syrje de Schengensône ek fia Sardynje of Elba binnenslûke wurde kinnen hiene. Ynstee hawwe de smokkelders derfoar keazen om it fia Palermo te dwaan, in stêd dy't troch de aktiviteiten fan 'e Cosa Nostra (de Sisyljaanske maffia) op Sisylje de strangst bewekke haven fan Itaalje hat. Wêrom? Collins seit ta dat útsykje te sillen en McCall fan it antwurd op 'e hichte te stellen. Yn ruil dêrfoar wol se dan fan McCall witte wêrom't er har útkeazen hat út 'e tûzenen CIA-aginten dy't er kieze kinne hie om syn tip oan troch te jaan.

Underwilens wurde de ynwenners fan Altamonte yntimidearre en ôfparse troch in groepke motorriders dy't ûnder lieding steane fan Marco Quaranta. Dyselde is de jongere broer fan Vincent Quaranta, it haad fan 'e fiif famyljes fan 'e Camorra (de Napolitaanske maffia), dy't in wier skrikbewâld fiert oer de earmere buerten fan Napels. McCall is tsjûge fan 'e mishanneling fan Angelo de fiskboer as dy it "beskermjild" op in kear net opbringe kin om't er in nije friezer oanskaffe moatten hat doe't de âlde de geast joech. Hoewol't de mishanneling efter sletten doarren plakfynt, is it op 'e strjitte te hearren. Vincent, dy't yn Napels in âldman yn in rolstoel ophingje lit as syn bern syn wente net oan him ferkeapje wolle, seit tsjin Marco dat er tefolle moederaasje mei de ynwenners fan Altamonte hat. Dêrop keare Marco en syn binde werom nei it doarp, dêr't se by nacht de fiskhannel fan Angelo yn 'e brân stekke. It pân brânt hielendal út. McCall helpt Angelo en de oare doarpsbewenners, dy't de oare deis mei-inoar de ferrinnewearre ynboel útromje en oan 'e weropbou begjinne.

Gio Bonucci sjocht op bylden fan befeiligingskamera's hoe't maskere ynsittenden fan in buske de brân oanstekke. Hy docht neifraach nei it kenteken om bewiis te krijen wa't de dieders binne, hoewol't er dat fansels wol riede kin. Inkele dagen letter wurdt er thús opwachte troch Marco en syn trewanten, dy't syn frou Chiara en syn dochterke Gabriella gizele hawwe. Korrupte plysjebeämten hawwe Marco trochdien dat Bonucci it kenteken fan syn buske neilutsen hat. Foar dat fergryp wurdt de carabiniere hielendal yninoar slein. Marco-en-dy ferlitte it hûs mei it drigemint dat se de folgjende kear dat Bonucci yn 'e fout giet, de jonge Gabriella in wan bruien jaan sille.

In pear dagen letter sit Gio Bonucci mei wiif en bern jûns yn in pleatslik restaurant te iten as McCall dêr tafallich ek is. Op in stuit komme Marco en trije fan syn neiste trewanten deryn. Marco skikt by de Bonucci's oan en easket fan Gio dat er foar him kontakten leit mei de Somalyske mienskip, sadat de Camorra harren yllegale aktiviteiten útwreidzje kinne nei Somaalje. Wannear't Bonucci blyk jout fan tsjinnichheid, makket Marco him dúdlik dat hy no Marco syn boadskiprindersjonge is, as er teminsten net wol dat Gabriella wat oerkomt. Hy ûnderbrekt it petear mei de Bonucci's wannear't er him bewust wurdt dat McCall him sit oan te stoarjen. Dêrop skikt er by McCall oan, dy't er besiket te yntimidearjen troch him ta te biten dat er him mar better mei syn eigen saken bemuoie kin. McCall antwurdet dat er dat ek it leafste dwaan soe, mar dat Marco dat foar him wol hiel dreech makket. De konfrontaasje eskalearret fluch oant McCall Marco ûntwapenet en him troch druk út te oefenjen op in gefoelich plak dêr't senuwen gearkomme, twingt ta in fernederjende ôftocht. Bûtendoar besiket Marco syn mannen te wergroepearjen. Hy wol himsels op 'e nij bewapenje om werom te gean en McCall dea te meitsjen, mar ear't er it troch hat, is McCall al middenmank him en syn mannen en yn luttele tellen binne syn trije trewanten dea. Marco besiket McCall del te stekken mei in stiletto, mar McCall pakt syn hân fêst en twingt him om ynstee himsels dea te stekken.

Underwilens hat der yn Rome in grutte terroristyske oanslach plakfûn, wêrby't mear as santich minsken omkommen binne. De korrupte haadkommissaris Barella, dy't oan it haad fan 'e plysje fan Napels stiet, bejout him nei de filla fan Vincent Quaranta, dêr't op dat stuit krekt risselwaasje makke wurdt foar de begraffenis fan Marco. Barella wit dat de oanslach yn Rome begien is mei it jild dêr't de Camorra de Syrjers mei betelle hat foar de fenetylline. Hy warskôget Quaranta dat de CIA no yn it ûndersyk behelle is, mar dat is Quaranta allikefolle. Hy lit ek in folsleine ûnferskillichheid blike foar it lot fan 'e slachtoffers fan 'e oanslach yn Rome. Wannear't Barella syn geduld mei him ferliest en him útmakket foar in barbaar, speetst Quaranta de hân fan 'e haadkommissaris oan syn buro fêst mei in mês, wêrnei't er de man, wylst dy fêstholden wurdt troch syn trewanten, mei in oar mês de hân ôffiket.

It team fan 'e CIA siket nei in direkte ferbining tusken Vitale en de Syrjers dy't ferantwurdlik binne foar de oanslach. McCall, dy't yn it buske fan Marco in pûdsje mei fenetyllinetabletten oantroffen hat, skillet Emma Collins op mei it boadskip dat se op it ferkearde plak siket: de ferbining wurdt foarme troch de Camorra. Trochdat se opholden wurdt troch it tillefoantsje is Collins letter as ferwachte by har auto en sit se der net yn wannear't de bom ôfgiet dy't der yn opdracht fan Quaranta ûnder pleatst wie. Collins oerlibbet de eksploazje, mar rint troch de skokweach ferwûnings op en bedarret yn it sikehûs.