thumb|250px|107 High Street, Old Aberdeen William MacGillivray (25 jannewaris 1796 – 4 septimber 1852) wie in Skotske natuerûndersiker en ornitolooch.
Libben en wurk MacGillivray waard berne yn Ald Aberdeen en groeide op op it eilân Harris yn de Bûtenste Hebriden. Hy gie werom nei Aberdeen dêr't er medisinen studearre oan King's College, en yn 1815 ôfstudearre mei in MA. Yn Ald Aberdeen wenne er oan 107 High Street.
Hy waard doe assistint-dissektor (ûntleder) yn 'e anatomylessen. Yn 1823 waard hy assistint fan Robert Jameson, de Regius Professor fan Natuerhistoarje oan 'e Universiteit fan Edinburgh. Hy wie kurator fan it museum fan it Royal College of Surgeons fan Edinburgh fan 1831 ôf, en naam ûntslach yn 1841 om Regius Professor fan Natuerhistoarje te wurden oan it Marischal College, Aberdeen.
MacGillivray wie in freon fan 'e Amerikaanske fûgelekspert John James Audubon, en skreau in grut part fan Audubon's Ornithological Biographies fan 1830 oant 1839. Audubon neamde MacGillivray's sjonger (Geothlypis tolmiei) nei him.
Hy stoar op 5 septimber 1852 op Crown Street 67 yn Aberdeen, mar waard beïerdige op it New Calton Cemetery yn Edinburgh.
Famylje Yn 1820 troude er mei Marion Askill fan Harris. It pear krige 10 bern, dêr't twa fan yn 'e bernetiid stoaren. Twa fan MacGillivray syn soannen krigen erkenning as natuerûndersikers. Syn âldste soan, John MacGillivray (1822–1867), publisearre in ferslach fan 'e wrâldreis fan HMS Rattlesnake, dêr't er de natuerûndersiker oan board fan wie. In oare soan, Paul, publisearre in Aberdeen Flora yn 1853, en skonk 214 skilderijen fan syn heit oan it Natural History Museum yn Londen.
Wurken Kar-út MacGillivray's wurken:
Lives of Eminent Zoologists from Aristotle to Linnaeus (1830) A Systematic Arrangement of British Plants (1830) The Travels and Researches of Alexander von Humboldt. (1832) A History of British Quadrupeds (1838) A Manual of Botany, Comprising Vegetable Anatomy and Physiology (1840) A History of the Molluscous Animals of Aberdeen, Banff and Kincardine (1843) A Manual of British Ornithology (1840–1842) A History of British Birds, indigenous and migratory, in five volumes (1837–1852) Natural History of Deeside and Braemar (1855), postúm publisearre A Hebridean Naturalist's Journal 1817-1818 (1996), postúm A Walk to London (1998), postúm
MacGillivray yllustrearre Henry Witham syn The Internal Structure of Fossil Vegetables found in the Carboniferous and Oolitic deposits of Great Britain út 1833, en bewurke The Conchologist's Text-Book yn ferskate edysjes.
Kategory:Skotsk ornitolooch Kategory:Skotsk biolooch Kategory:Skotsk yllustrator Kategory:Skotsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1796 Kategory:Persoan stoarn yn 1852