De tinsnaffelmiuw (Chroicocephalus genei) is in middelgrutte miuwfûgel dy't tige lokaal briedt om de Middellânske See en yn it noarden fan de westlike Yndyske Oseaan (bygelyks Pakistan), op eilannen en yn kustlagunes. It grutste part fan 'e populaasje is foar in part trekfûgel; se oerwinterje fierder nei it suden, oant yn Noard-Afrika en Yndia. Somtiden wurdt de soarte as dwaalgast yn West-Jeropa waarnommen.
De skaainamme Chroicocephalus komt fan it Aldgrykske khroizo ("kleurje") en kephale ("kop"). De soartenamme genei is in earebetoan oan 'e Italjaanske biolooch Giuseppe Gené.
Beskriuwing thumb|left|Groep tinsnaffelmiuwen yn Tuneezje. Dizze soarte is 35 oant 39 sm lang mei in wjukspanwiidte fan 86 oant 99 sm. De fûgel hat in ljochtgriis lichem, in wite kop en boarst, en swarte punten oan 'e bûtenste slachpinnen. Yn it briedkleed is langwerpige snaffel donkerread. De tinsnaffelmiuw hat in lange hals en relatyf lange en donkerreade poaten. De iris is giel. Simmerdeis hat it boarst in ljochtrôze gloed, dy't yn 'e winter suver wyt is. Bûten it briedseizoen is de snaffel mear oranje-read of donker-oranje, soms mei in donkere punt.
Winterdeis hat de tinsnaffelmiuw in soad fan 'e kob. De tinsnaffelmiuw is lykwols wat grutter en hat gjin of in skier earplak, wylst dat by de kob folle dúdliker oanwêzich is. In oar ferskil is dat de tinsnaffelmiuw in folle lytsere donkere punt hat oan 'e snaffel as de kob. De kob is lykwols yn it briedkleed mei syn brune kop hiel ûnderskiedend.
De fûgel hat twa jier nedich om folwoeksen te wurden, wat wenst is by miuwen. Unfolwoeksen fûgels yn it earste jier ha yn ferliking mei de kob yn it earste jier in bleker brune wjuktekening en in bleek of ûntbrekkend earplak.
Ferliking tinsnaffelmiuw en kob
Fersprieding en habitat De tinsnaffelmiuw briedt yn lagunes en by marren om de Middellânske See hinne en op ferlykbere plakken yn lannen dy't oan it noardwestlike diel fan 'e Yndyske Oseaan grinzgje. Yn 2010 waard in súksesfolle koloanje ûntdutsen dy't briedt op in eilân yn in berchmar yn Algerije. Troch de ôfwêzigens fan rôfdieren en fersteuring kaam dêr mear as 98% fan 'e aaien út. De fûgel oerwinteret oan 'e kust yn estuaria en baaien. Hy siket iten yn delta's, sompen en op greidlân. It is ien fan 'e soarten dy't ek op stoartplakken foerazjearje.
Hâlden en dragen thumb|Dûkende tinsnaffelmiuw. Sawat de helte fan it iten fan 'e tinsnaffelmiuw bestiet út fisk. Hy fljocht in pear meter boppe it wetter en dûkt as er gaadlike proai sjocht. Hy siket ek mei de snaffel yn 'e dridze nei wringeleazen en fangt ynsekten yn 'e flecht.
Dizze frij seldsume miuw briedt yn koloanjes; se meitsje in nêst op 'e grûn en lizze oant trije wite aaien mei brune spikkels yn in ûndjip kûltsje dat tin beklaaid is mei fearren en stikjes fegetaasje. It brieden duorret likernôch 25 dagen en de jongen fleane nei nochris 25 dagen út. Lykas de measte miuwen binne se winterdeis sosjaal, sawol by it foerazjearjen as op 'e rêstplakken. It is gjin pelagyske soarte; se wurde selden fier fan 'e kust sjoen.
Status De tinsnaffelmiuw is ien fan 'e soarten dêr't it Ferdrach oangeande de Beskerming fan Afrikaansk-Jeropeeske Trekfûgels (AEWA) op fan tapassing is. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List. In rûge rûzing út 2012 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 180.000 oant 230.000 folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kob Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See