De Andesmiuw (Chroicocephalus serranus) is in Súd-Amerikaanske fûgel út de famylje fan 'e kobben (Laridae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes). Oars as oare kobben yn dy regio briedt dizze soarte yn berchmarren op grutte hichte.
Fersprieding en habitat De Andesmiuw briedt yn tige heechlizzende terreinen yn 'e Andes, fan Ekwador oant it noarden fan Argentynje en sintraal Sily. Yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet briedt de fûgel op hichten oant wol 4000 meter boppe seenivo en is it in stânfûgel. Súdliker briedt de soarte yn legere berchgebieten en lûkt er bûten de briedtiid nei kustgebieten.
Beskriuwing en libbenswize Mei in lingte fan 45 oant 48 sintimeter is de soarte relatyf grut; it is de grutste yn it skaai Chroicocephalus. De fûgel hat in donkere kap, in ljochtgrize rêch en swart-wite tekeningen op 'e bûtenste slachpinnen. De Andesmiuw briedt yn lytse koloanjes of allinnich as solitêr pear by lytse en isolearre puollen. De fûgel libbet fan ynsekten en wjirms dy't er op greiden en lânbougrûn yn 'e omkriten fynt. Somtiden fangt er ek ynsekten yn 'e flecht.
Ferskil winter- en simmerkleed Andesmiuw
Taksonomy In hiel skoft waard it grutste part fan 'e kobben en miuwen yn it skaai Larus pleatst. Genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de soarten yn Larus net allegear nau besibbe binne. Pons et al. (2005) ha dêrom útsteld om Larus op te dielen yn in tal lytsere skaaien, wêrby't de Andesmiuw yn Chroicocephalus set waard. In soad autoriteiten ha dat útstel opfolge.
Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in ûnbekende ûntwikkeling. Yn 2023 waard de populaasje op 100.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op grûn fan dizze kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as 'net bedrige' (Least Concern).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kob Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû